1898
jier
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1893 | 1894 | 1895 | 1896 | 1897 | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1898 MDCCCXCVIII |
Ab urbe condita | 2651 |
Armeenske kalinder | 1347 ԹՎ ՌՅԽԷ |
Etiopyske kalinder | 1890 – 1891 |
Hebriuwske kalinder | 5658 – 5659 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1953 – 1954 |
- Shaka Samvat | 1820 – 1821 |
- Kali Yuga | 4999 – 5000 |
Iraanske kalinder | 1276 – 1277 |
Islamityske kalinder | 1316 – 1316 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 dgn. |
Sineeske kalinder | 4594 – 4595 甲酉 – 乙戌 |
1898 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1898.)
Foarfallen
bewurkje seksje- 12 febrewaris - Yn Ingelân is Henry Lindfield de earste minske dy't stjert by in auto-ûngemak.
- 24 maart - It Fryske Bûn wurdt stifte.
- 25 april - De Spaansk-Amerikaanske Oarloch brekt út as de Feriene Steaten tuskenbeiden komme yn 'e bloedige Kubaanske Unôfhinklikheidsoarloch tusken de Spaanske machthawwers en de Kubaanske rebellen.
- 7 july - De Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï fynt plak. De Republyk Hawaï wurdt omfoarme ta it Territoarium Hawaï.
- 20 july - Yn 'e Noardlike Iissee wurdt it Russyske eilân Victoria ûntdutsen troch de Noarske kapteins Johannes Nilsen en Ludvig Bernard Sebulonsen by harren jacht op walrussen.
- 12 augustus - De fijannichheden tusken de Feriene Steaten en Spanje yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch wurde beëinige. De Feriene Steaten hawwe Kuba, Porto Riko, de Filipinen en Gûam op 'e Spanjerts ferovere.
- 6 septimber - Yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam wurdt Prinsesse Wilhelmina ynhuldige as keninginne fan Nederlân.
- 10 septimber - Keizerinne Elisabeth fan Eastenyk (Sissi) wurdt troch de Italjaanske anargist Luigi Lucheni mei in file deastutsen.
- 9 desimber - John Patterson sjit de earste Tsavo-liuw dea.
- 10 desimber - It Ferdrach fan Parys makket formeel in ein oan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Spanje docht ôfstân fan alle ferlerne gebieten.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 11 - Hans Kirk, Deensk skriuwer († 1962)
- 13 - Kaj Munk, Deensk predikant en dichter († 1944)
- 21 - Sjoerd Hofstra, Frysk heechlearaar Afrikaanske folkekunde († 1983)
- 23 - Erich Schatzki, Dútsk yngenieur en fleanmasineûntwerper († 1991)
- febrewaris
- 5 - Jeanne Bieruma Oosting, Frysk keunstneresse († 1994)
- 10 - Bertold Brecht, Dútsk skriuwer († 1956)
- 16 - Jan van der Zee, Frysk grafikus († 1988)
- maaie
- 3 - Golda Meir, Israelysk politika († 1978)
- 9 - Johannes Siebinga, Frysk dokter, amateur-archeolooch en fersetsstrider († 1969)
- juny
- 5 - Federico García Lorca, Spaansk toanielskriuwer († 1936)
- 17 - Maurits Cornelis Escher Frysk keunstner († 1972)
- 26 - Willi Messerschmitt, Dútsk fleanmasinefabrikant († 1978)
- 26 juny - Chesty Puller, Amerikaansk militêr († 1971)
- july
- 25 - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist († 1968)
- augustus
- 12 - Hendrik Christiaan van de Leur, Nederlânsk arsjitekt († 1994)
- septimber
- 15 - J.J. Slauerhoff, Frysk dichter en skriuwer († 1936)
- oktober
- 17 - Simon Vestdijk, Nederlânsk skriuwer († 1971)
- novimber
- 8 - Katharine Mary Briggs, Ingelsk folkloriste († 1980)
- 11 - René Clair, Frânsk filmregisseur en skriuwer († 1981)
- 21 - René Magritte, Waalsk keunstskilder († 1967)
- desimber
- 26 - Gerhardus Jan Adema, Frysk keunstner († 1981)
- datum ûnbekend
- Lucie Burgers, Nederlânsk dieretúndirekteur († 1974)
- Ale Kerkhof, Frysk yngenieur en oersetter († 1969)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 14 jannewaris - Lewis Carroll, Ingelsk berneboekeskriuwer en wiskundige (* 1832)
- 29 jannewaris - Dirk Fontein de Jong, Frysk ûndernimmer, bestjoerder en politikus (* 1836)
- 22 juny - Frederick Benteen, Amerikaansk militêr (* 1834)
- 3 july - Otto von Bismark, kânselier fan Dútslân (* 1815)
- 12 july - Willem Suringar, Frysk botanikus (* 1832)
- 10 septimber - keizerinne Elisabeth fan Eastenyk (Sissi) (* 1837)
Jierren: | 1893 | 1894 | 1895 | 1896 | 1897 | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|