Alan Turing
Alan Mathison Turing (Londen, 23 juny 1912 – Wilmslow, 7 juny 1954) wie in Britsk wiskundige dy’t wurke oan de grûnslaggen fan de wiskunde. Dêrby wurke hy oan saneamde algebrayske getallen (getallen dy’t oplossing binne fan in nde graads fergeliking) wêrby’t hy mei it idee kaam fan de 'Turing masine', it earste idee fan de moderne kompjûter.
Hy wurke sûnt 1939 foar de Britske geheime tsjinst by de dekodearingsynstitút, faak neist in baan as wiskundige by ferskate universiteiten (Cambridge, Princeton, Manchester). Yn dy perioade wurke hy gear mei oaren oan de ûntwikkeling fan de earste echte kompjûter. Hy wie benammen dwaande mei de wiskundige kant, it ûntwikkeljen fan programma's fan rûtines en sub-rûoutines. Fierder studearre en publisearre hy oer ferskate wiskundige ûnderwerpen en ek oer tapassings fan de wiskunde, bygelyks op de biology en de natuerkunde. Dêrneist wie hy in fertsjinstlik atleet.
Sûnt 1953 kaam hy ûnder fjoer te lizzen om syn homoseksualiteit en waard hy as in feilichheidsrisiko beskôge troch de geheime tsjinst. Nei alle gedachten makke hy himsels yn 1954 fan kant troch by in gemysk eksperimint syanide fia in appel yn te nimmen.
Literatuer
bewurkje seksje- (in) John Derbyshire, Prime Obsession: Bernhard Riemann and the Greatest Unsolved Problem in Mathematics (John Henry Press, 2003) ISBN 0-309-08549-7
- (in) Marcus du Sautoy, The Music of the Primes: Searching to Solve the Greatest Mystery in Mathematics, HarperCollins, 2003. ISBN 0-06-621070-4.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Riemann yn it Mathematics Genealogy Project.
- (dú) The Mathematical Papers of Georg Friedrich Bernhard Riemann
- (dú) Alle publikaasjes fan Riemann binne te finen op http://www.emis.de/classics/Riemann/
- (in) MacTutor biografy fan Riemann
- (in) On the Hypotheses which lie at the Bases of Geometry. Oersette ynaugurele taspraak fan Bernhard Riemann
- (in) Biografy op Wolframs science world.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alan Turing fan Wikimedia Commons. |