An Officer and a Gentleman (film)

film út 1982 fan Taylor Hackford

An Officer and a Gentleman is in Amerikaanske romantyske dramafilm út 1982 ûnder rezjy fan Taylor Hackford, mei yn 'e haadrollen Richard Gere, Debra Winger en Louis Gossett jr. De film giet oer Zack Mayo, dy't as kadet oan 'e swiere ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine begjint, mei as doel om piloat by de marineloftstriidkrêften te wurden. Dêrfoar moat er lykwols earst slagje foar de ûnmeilydsume training fan 'e bikkelhurde sersjant-ynstrukteur Foley, wylst er yn deselde snuorje in relaasje begjint mei Paula, in pleatslike jonge frou. An Officer and a Gentleman waard goed ûntfongen troch de filmkritisy, en ûntjoech him ek ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard bekroane mei ferskate prizen, wêrûnder twa Oscars, twa Golden Globes en in Grammy Award.

An Officer and a Gentleman
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Taylor Hackford
produsint Martin Elfand
Douglas Day Stewart
senario Douglas Day Stewart
kamerarezjy Donald E. Thorin
muzyk Jack Nitzsche
filmstudio Lorimar Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Richard Gere
Debra Winger
Louis Gossett jr.
byrollen David Keith
Lisa Blount
Lisa Eilbacher
David Caruso
Robert Loggia
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 july 1982
foarm langspylfilm
sjenre romantyske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $6-7 miljoen
opbringst $129,8 miljoen (Noard-Am.)
prizen Oscar
Golden Globe
Grammy Award
BAFTA

De titel fan An Officer and a Gentleman betsjut letterlik: "In Ofsier en [tagelyk] in Hear" of "In Ofsier dy't ek in Hear is". Dat is in útdrukking dy't al iuwenlang yn gebrûk is yn 'e Britske Keninklike Marine, en dy't letter oernommen is yn 'e formele gedrachskoade fan 'e Amerikaanske Marine. Dêryn komt de fraze noch altyd foar yn 'e foarm fan conduct unbecoming an officer and a gentleman ("ûnfoechsum hâlden en dragen foar in ofsier en in hear"), in dizenige omskriuwing dêr't alderhanne misdragings ûnder beflapt wurde kinne, en dy't in reden foar ûnearfol ûntslach is.

Zack Mayo rekke as jonkje fan tsien jier syn mem kwyt doe't hja harsels fan kant makke. Dêrop ferhuze er nei de Filipinen, dêr't syn heit Byron, in alkoholistyske ûnderofsier yn 'e Amerikaanske Marine, legere wie yn 'e Amerikaanske Marinebasis Subic Bay. Byron, dy't geregeldwei moannen efterinoar op see wie, fûn it earst gjin goed idee dat Zack by him yn kaam te wenjen op 'e boppeferdjipping fan in Filipynsk bordeel. Hy wie him der bewust fan dat er, sels as er dêr oanwêzich wie, gjin goede heit wie. Mar Zack woe út noch yn net werom nei it gesinsferfangend tehûs dêr't er de earste pear moannen nei syn memme dea trochbrocht hie, en úteinlik lei Byron him der by del. Sadwaande groeide Zack fierhinne 'yn it wyld' op. No't er in jier as tweintich is, hat er it him yn 'e holle helle dat er in piloat by de Amerikaanske Marine wurde wol, en al hat syn heit dêr de gek mei, hy set troch.

Zack meldt him oan by de ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e steat Washington, dêr't hy en de oare kadetten opfongen wurde troch de bikkelhurde Emil Foley, in sersjant-ynstrukteur fan it Amerikaanske Marinierskorps. Dy makket fan it begjin ôf oan dúdlik dat it syn wurk is om safolle mooglik kadetten safier te krijen dat se út eigen beweging de brui oan 'e oplieding jouwe. It doel fan 'e Amerikaanske Marine is ommers dat inkeld de meast talintearre rekruten oan 'e oplieding ta piloat op 'e Marinefleanbasis Pensacola yn Floarida begjinne, want eltse dielnimmer oan dy oplieding kostet de Marine 1 miljoen dollar. Foley warskôget ek alle manlike kadetten foar pleatslike jongedames dy't graach mei in marinepiloat trouwe wolle om oan harren ientoanige bestean te ûntsnappen. Sokken soene der neffens him net foar tebekskrilje om dêrta mei opsetsin swier te reitsjen of te bearen dat se swier rekke binne, mei as doel om in kadet foar it blok te setten.

Oan 'e ofsiersoplieding rekket Zack befreone mei Sid Worley, in kadet út Oklahoma. Dat giet lykwols mear út fan Sid as fan Zack, dy't frijwat in Einzelgänger is. Hy hat te Subic Bay altyd op himsels oanwiisd west, en dat hat syn spoaren neilitten yn syn persoanlikheid. Zack ferfalt al rillegau yn syn âlde gewoante fan regelaar troch in hanneltsje op te setten foar it ferhieren fan yn 't foar poetste skuon en opwreaune gaspen (dy't ûnmisber binne foar eltse ynspeksje troch Foley). Hy en Sid moetsje by in bal fan 'e marine twa pleatslike famkes dy't yn in papierfabryk wurkje, de blondine Lynette Pomeroy en de brunette Paula Pokrifki. Tusken de bedriuwen troch kriget Sid in relaasje mei Lynette en Zack mei Paula.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens giet Foley ûnmeilydsum (mar profesjoneel) te wurk, en behannelet eltsenien itselde. Hy makket de froulike kadet Casey Seeger, dy't it meastepart fan 'e oplieding maklik ôfgiet, dúdlik dat se lykwols net slagje sil as se op 'e hindernisbaan net oer de fjouwer meter hege muorre hinne klimme kin. In oare kadet, Topper Daniels, is de earste dy't frijwillich ôfsjocht fan 'e oplieding nei't er by de ûnderwettertraining yn panyk rekket en ferdronken wêze soe as Foley him net rêden hie. Zack wurdt der troch Foley fan beskuldige dat er net de juste motivaasje hat (d.w.s. dat er piloat wurde wol om 'e ferkearde redens), en dat er inkeld om himsels jout. Foley, dy't earder te krijen hân hat mei regelaars as Zack, wit krekt wat der geande is mei de ferhier fan 'e skuon en de gaspen, en by in ynspeksje foarôfgeande oan it wykeinferlof lit er dat einlings ta skok fan Zack blike.

Foley wol dat Zack frijwillich fan 'e oplieding ôfsjocht, mar Zack wegeret. It hiele wykein lang ûnderwerpt Foley Zack oan 'e swierste training dy't er betinke kin, wylst er op him ynpraat om him derfan te oertsjûgjen de handoek yn 'e ring te goaien. Zack hâldt lykwols fol. As Foley úteinlik driget om him gewoan út 'e oplieding te setten, stoart Zack einlings yn en skreaut er de sersjant ta dat de ofsiersoplieding it iennichste is dat er hat yn syn libben en dat der oars neat foar him is. Foley is tefreden dat er einlings en te'n lêsten troch alle muorren hinne brutsen is dy't Zack om him hinne opboud hat, en dat er dêrmei Zack ta wat heechnedige selskennins brocht hat, dat hy lit him fierders gewurde.

It folgjende wykein nûget Paula Zack út om by har thús te iten, mar it wurdt in ûnnoflik miel, mei in mem en jonger suske dy't Zack mei de eagen opfrette, in styfheit dy't him blykber wol sjitte kin en in Paula dy't har deaskammet foar har famylje. Neitiid fertelt Paula dat har biologyske heit in kadet yn oplieding wie, krekt as hysels, dy't har mem swier makke, mar wegere mei har te trouwen. Neitiid wie har mem twongen om te trouwen mei in man fan wa't se eins net hold. Werom op 'e basis hat Zack de kâns om in nije rekôrtiid foar de hindernisbaan te fêstigjen, mar jout dy op om Seeger te coachen by it beklimmen fan 'e muorre, dat har dan einlings foar de earste kear slagget. Dyselde wike beslút Zack lykwols syn relaasje mei Paula ôf te brekken. Paula wol nei de basis ta om him te sykjen, mar har mem hâldt har tsjin om't soks inkeld averjochts wurkje kin. Neitiid treft Zack Paula yn in pleatslike kroech as se op in ôfspraakje is mei in oare man. De moeting set Zack derta oan om himsels te bedrinken.

As Zack troch Sid meifrege wurdt foar in itentsje mei syn âldelju, ûntdekt er dat Sid thús yn Oklahoma in faam hat, Susan, mei wa't er fan doel is te trouwen. Susan is de âlde faam fan Sid syn âldere broer, dy't ek marinepiloat wie en dy't yn 'e Fjetnamoarloch sneuvele is. Neitiid freget Zack him oft er mei Susan trouwe wol om't er fan har hâldt, of om't er fielt dat it syn plicht is om syn âldere broer te ferfangen. Sid beseft dat dat lêste it gefal is, en dat er de oplieding ta marinepiloat om deselde reden folget. Underwilens lit Lynette hints falle dat se fan Sid yn ferwachting rekke is. Nei't er yn 'e hypobaryske keamer, dêr't de lege luchtdruk op fleanhichte simulearre wurdt, yn panyk rekke is op in hichte dêr't soks net heart te barren, brekt Sid syn oplieding ôf en giet fuort sûnder ôfskie te nimmen.

Hy giet nei Lynette ta en docht har in houliksoansyk, dêr't se alhiel yn 'e wolkens fan is, oant se ûntdekt dat er út 'e oplieding stapt is. It docht bliken dat Lynette hielendal net swier wie, mar inkeld bearde dat se it wie, sadat Sid mei har trouwe soe. Dat makket Sid lykwols neat út; hy wol noch hieltyd mei har trouwe. Dan komt lykwols de aap út 'e mouwe: Lynette wol inkeld mei in marinepiloat trouwe, en wiist Sid ôf. Zack, dy't oer syn freon ynsit, kriget tastimming fan Foley om Sid te sykjen, en hy fynt him yn in motelkeamer, dêr't er himsels ophongen hat.

Zack is der beroerd fan en werom op 'e basis freget er Foley om him ûnder fjouwer eagen te wurd, nei't men oannimme mei om út eigen beweging de oplieding ôf te brekken. Foley lit him lykwols witte dat er dwaande is en it him foarearst net oan tiid docht. De oanhâldende wegering fan 'e sersjant om mei him te praten, driuwt Zack ta razernij, en de konfrontaasje rint út op in fjochtpartij, wêrby't beide mannen gebrûk meitsje fan Easterske fjochtsport. Zack set alles yn dat er yn 'e Filipinen op 'e strjitte leard hat om te oerlibjen en liket in skoftke de boppehân te hawwen, mar úteinlik hellet Foley, dy't ek de fjochtsportynstrukteur fan 'e basis is, him ûnder fuotten. Ear't er fuortrint, seit Foley tsjin Zack dat er mar dwaan moat wat er net litte kin, mar dat er him likegoed ferwachtet op 'e diploma-útrikking.

Nei't er yn it gefjocht mei Foley alles derút smiten hat dat him dwers siet, beslút Zack de oplieding ôf te meitsjen. By de diploma-útrikking wurdt er as faandrich yn 'e Amerikaanske Marine opnommen, en ûntfangt er neffens de tradysje syn earste militêr salút fan Foley (dy't no syn ûnderhearrige is) yn ruil foar in sulveren dollar. Wylst er neffens de tradysje de sulveren dollar yn syn lofter broeksbûse heart te dwaan, stoppet Foley de dollar dy't er fan Zack kriget yn syn rjochterbûse, wêrmei't er Zack erkent as in spesjale kadet. Zack betanket Foley dat dy net it fertrouwen yn him ferlern hat, sa't syn heit dat wol dien hat. As er op syn motorfyts de basis ferlit, sjocht Zack ta hoe't Foley in nije lichting kadetten op persiis deselde wize ferwolkommet as er trettjin wiken earder mei Zack-en-dy die. Neitiid riidt Zack nei it papierfabryk dêr't Paula wurket en strûst dêr nei binnen ta yn syn wite gala-unifoarm. Hja is oergelokkich dat er de oplieding ôfmakke hat èn weromkommen is foar har. Hy nimt har yn syn earms en draacht har it fabryk út ûnder applaus en jûchheigerop fan har kollega's, ûnder wa har mem en ek Lynette.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Richard Gere (2000).
 
Debra Winger.
 
Louis Gossett jr.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kadet Zack Mayo Richard Gere
Paula Pokrifki Debra Winger
sersjant Emil Foley Louis Gossett jr.


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kadet Sid Worley David Keith
Lynette Pomeroy Lisa Blount
kadet Casey Seeger Lisa Eilbacher
kadet Topper Daniels David Caruso
sersjant Byron Mayo, Zach syn heit Robert Loggia
kadet Lionel Perryman Harold Sylvester
kadet Emiliano della Serra Tony Plana
Esther Prokrifki, Paula har mem Grace Zabriskie
Joe Pokrifki, Paula har styfheit Victor French
Zack Mayo (as bern) Tommy Petersen
Betty Worley, Sid syn mem Elizabeth Rogers
Troy John Laughlin
ynstrukteur by de hypobaryske keamer Ed Begley jr. (allinnich stim)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

An Officer and a Gentleman waard regissearre troch Taylor Hackford nei in senario fan Douglas Day Stewart. Stewart wie mei Martin Elfand ek as produsint by de film belutsen, foar de studio Lorimar Productions. Der wie foar it meitsjen fan 'e film in budget fan $6 of 7 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Donald E. Thorin, wylst Jack Nitzsche de filmmuzyk fersoarge.

Wat de casting fan 'e akteurs oanbelanget, hie it oarspronklik de bedoeling west dat countrysjonger John Denver de manlike haadrol spile en Sigourney Wearver de froulike haadrol. Oare akteurs dy't foar de rol fan Zack Mayo yn omtinken nommen waarden foar't Richard Gere cast waard, wiene Jeff Bridges, Harry Hamlin, Christopher Reeve en John Travolta. Nei't Weaver ôfsei, waard de rol fan Paula Pokrifki oanbean oan Anjelica Huston en doe oan Jennifer Jason Leigh. Dy lêste aktrise wifke in skoft, mar keas der úteinlik foar om ynstee de film Fast Times at Ridgemont High te dwaan. Ek Rebecca De Mornay, Meg Ryan en Geena Davis waarden foar de rol yn omtinken nommen foar't er tawiisd waard oan Debra Winger.

Nettsjinsteande de sterke gemy tusken Gere en Winger op it wite doek, koene se bûten de opnamen om min mei-inoar. Yn in fraachpetear neamde Winger har tsjinspiler "in bakstiennen muorre", wylst Gere sels tajoech dat der sprake wie fan "spanning" tusken harren beiden. Tritich jier letter joech Gere ta dat de stroefe relaasje foar it meastepart oan him lein hie, en dat Winger folle mear iepen stien hie foar de kamera as hy.

Foar de rol fan sersjant Foley waard oarspronklik R. Lee Ermey cast, om't dy yn 'e 1960-er jierren sels in echte sersjant-ynstrukteur west hie yn it Amerikaanske Marinierskorps. Regisseur Hackford joech lykwols letter de foarkar oan Louis Gossett jr. Ermey krige de funksje fan technysk adviseur op 'e filmset en coachte Gossett foar de rol fan Foley. Dêrfandinne dat de sêne, wêryn't Foley in rekrút út Oklahoma fertelt dat der út dy steat inkeld "steers and queers" ("bollen en homo's") komme en witte wol hokker fan dy beide dingen de rekrút is, ek foarkomt yn 'e film Full Metal Jacket, wêryn't Ermey sels de rol fan sersjant-ynstrukteur ferfolle.

De opnamen foar An Officer and a Gentleman fûnen yn 'e hjerst fan 1981 plak op it Olympysk Skiereilân yn 'e steat Washington. De wichtichste filmlokaasjes wiene it havenstedsje Port Townsend en de deäktivearre legerbasis Fort Worden, dy't trochgie foar Marinefleanbasis Whidbey Island yn 'e Puget Sound. Dat is noch altyd in operative basis, mar der hat nea in ofsiersoplieding west. De eigentlike ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wie yn 1981 fêstige op 'e Marinefleanbasis Pensacola yn 'e Florida Panhandle, dêr't de Marine gjin opnamen tastean woe.

De ein fan it senario, wêryn't Zack yn syn wite gala-unifoarm it papierfabryk ynstrûst en Paula nei bûten ta draacht, liek Richard Gere doedestiden fierstente sentiminteel ta. Regisseur Hackford wie it earst mei him iens, oant er seach hoe't by in rippetysje de figuranten spontaan begûnen te jûchheien en guon fan ûntroering de triennen yn 'e eagen sprongen. Doe't Gere de einsêne letter weromseach, beselskippe fan it liet Up Where We Belong, giene him de rillings oer it liif, fertelde er yn in fraachpetear. Hy rekke doe oertsjûge dat Hackford de juste beslissing nommen hie troch de sêne deryn te hâlden. Yn syn boek Writing Screenplays That Sell skreau senarist Michael Hauge oer de ein fan An Officer and a Gentleman: "Ik tink dat dejingen dy't dy ein yn Jiskepûster-styl bekritisearren, te min oandacht skonken oan wa't dêrby no eins wa rêdt."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan An Officer and a Gentleman waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 28 july 1982 yn premiêre. Hy waard al yn 'e 1980-er jierren útbrocht op VHS-keapfideo, en ferskynde yn 2000 foar it earst op dvd. Yn 2013 kaam An Officer and a Gentleman ek beskikber op blu-ray.

Lykas by in protte Amerikaanske films it gefal is, besteane der twa ferzjes fan 'e film: de oarspronklike ûnsensurearre ferzje en in sensurearre edysje, mei't yn it orizjineel tefolle neakenens, seks en rou en grou taalgebrûk foarkomt om yn 'e Feriene Steaten op 'e tillefyzje útstjoerd wurde te meien.

An Officer and a Gentleman waard troch de filmkritisy oer it algemien tige goed ûntfongen, en wurdt noch altyd rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1982. Sa joech de foaroansteande resinsint Roger Ebert de film 4 fan 4 stjerren. Hy omskreau An Officer and a Gentleman as "in prachtfilm krekt om't er sa willich is om saken op it mêd fan leafde op it aljemint te bringen. […] [De film] nimt risiko's, nimt de tiid om 'e personaazjes ta ûntwikkeling komme te litten, en tsjin 'e tiid dat de lêste sêne fan dizze geweldige film yn byld komt, witte we krekt wat der bart en wêrom, en dat makket ús tige bliid." De Britske filmkritikus Mark Kermode skreau oer An Officer and a Gentleman: "It is in folle minder sloppe film as dat it minsken neitiid faak taliket; it is gjin romantyske film, it is eins in film oer fertrape lju út 'e arbeidersklasse."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat An Officer and a Gentleman in frij heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is âlderwetsk sûnder syn personaazjes op te offerjen oan oerferienfâldiging, en balansearret op súksesfolle wize tusken in meislepende românse en in melodrama." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle An Officer and a Gentleman in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 8 resinsjes.

An Officer and a Gentleman brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $129,8 miljoen op. It is ûnbekend hoe grut oft de opbringst yn oare lannen en territoaria wie. Ofset tsjin it budget fan $6 oant 7 miljoen betsjut dat in winst fan $122,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie An Officer and a Gentleman in ûnbidich kommersjeel súkses en de op trije nei meast opbringende film fan 1982, nei E.T. The Extra Terrestrial en Tootsie.

Yn 1983 waard An Officer and a Gentleman nominearre foar seis Oscars, wêrûnder de prizen foar bêste aktrise (Debra Winger), bêste orizjinele senario (Douglas Day Stewart), bêste filmmontaazje (Peter Zinner) en bêste orizjinele filmmuzyk (Jack Nitzsche). De film wûn de Oscars foar bêste byrol fan in akteur (Louis Gossett jr.) en bêste orizjinele liet (Up Where We Belong fan Jack Nitzsche, Buffy Sainte-Marie en Will Jennings). Gossett wie de earste Afro-Amerikaanske winner fan 'e Oscar foar bêste byrol fan in akteur, en de fjirde Afro-Amerikaanske Oscar-winner yn totaal (nei Hattie McDaniel, Sidney Poitier en Isaac Hayes). It liet Up Where We Belong groeide troch de populariteit fan 'e film út ta in reuseftige hit.

An Officer and a Gentleman waard ek nominearre foar acht Golden Globes, wêrûnder dy yn 'e kategoryen bêste dramafilm, bêste akteur yn in dramafilm (Richard Gere), bêste aktrise yn in dramafilm (Winger), bêste byrol fan in akteur (David Keith), bêste nije akteur (Keith) en bêste nije aktrise (Lisa Blount). De film wûn de Golden Globes foar bêste byrol fan in akteur (Gossett) en bêste orizjinele liet (Up Where We Belong). Fierders wûn de fertolking fan Up Where We Belong yn duëtfoarm troch Joe Cocker en Jennifer Warnes de Grammy Award foar bêste popoptreden mei sang fan in duo of band. An Officer and a Gentleman wûn ek de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, foar bêste orizjinele liet (Up Where We Belong) en de NAACP Image Awards foar treflike film en treflike akteur yn in film (Gossett).

Yn 2010 waard An Officer and a Gentleman troch de Takarazuka Revue yn Japan omwurke ta in musical. Yn 2012 waard yn Austraalje in oare musicalferzje op 'e planken brocht yn it Lyric Theatre yn Sydney. Dat waard gjin grut súkses, en de foarstelling waard al nei seis wiken stillein.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.