Anne Hathaway (Shakespeare)
Anne Hathaway (Shottery, 1555/1556 – Stratford-upon-Avon, 6 augustus 1623) wie de frou fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare, mei wa't se troude yn 1582. Se oerlibbe har man sân jier. Der is suver neat mei wissichheid oer har bekend útsein yn 'e foarm fan ferwizings yn notariële dokuminten, mar har persoanlikheid en har relaasje mei Shakespeare hawwe ûnderwerp west fan in ûnbidich protte spekulaasje, sawol troch histoarisy as troch fiksjeskriuwers.
Anne Hathaway (Shakespeare) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anne Hathaway | |
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 1555 of 1556 | |
berteplak | Shottery (Ingelân) | |
stoarn | 6 augustus 1623 | |
stjerplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | húsfrou | |
reden bekendheid |
troud mei de toanielskriuwer William Shakespeare |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeHathaway waard berne yn 1555 of 1556, en groeide foar 't neist op yn Shottery, in lyts doarpke fuort bewesten Stratford-upon-Avon, yn it Ingelske greefskip Warwickshire. Men giet derfan út dat se har jonkheid dêre trochbrocht hat yn it famylje-cottage fan 'e Hathaway's, dat hjoed de dei de wichtichste toeristyske attraksje fan Shottery is. Har heit, Richard Hathaway, wie in einierde boer, dy't syn dochter by syn ferstjerren, yn 1581, seis pûn, trettjin skellings en fjouwer peinjes neiliet, in som dy't útkeard wurde soe op 'e dei dat se troude.
Houlik
bewurkje seksjeDoe't Hathaway yn novimber 1582 mei William Shakespeare troude, hie se al wetter yn 'e kelder, en harren dochter Susanna waard seis moanne letter berne. Op 'e tiid fan it houlik wie Hathaway 26 of 27 jier; Shakespeare wie noch mar achttjin. It feit dat se safolle skeelden, yn kombinaasje mei it feit dat it Hathaway doe efter de jûpe al begûn te tinen, is troch party histoarisy brûkt, op grûn fan gjin inkeld bewiis, om te bewearen dat it houlik Shakespeare optwongen wie troch Hathaway har famylje. In skoftke waard tocht dat Shakespeare mei twa froulju omslein hie, poer om't der yn it biskoplik register fan Worcester de ferliening fan in houliksfergunning fermeld stiet oan "Wm Shaxpere" en in "Annam Whateley". De deis dêrop tekenden Fulk Sandells en John Richardson, freonen fan 'e Hathaway-famylje, in boarch fan £ 40,— foar de kosten fan it houlik tusken Shakespeare en Anne Hathaway. Yn The Man Shakespeare, út 1906, bewearde Frank Harris dat dit bewiisde dat Shakespeare eins mei in Anne Whateley trouwe wollen hie, mar dat doe daliks de Hathaway-famylje him twongen hie en trou mei Anne Hathaway. Harris miende dat Shakepeare syn frou net sjen of luchtsje mocht om't se him wjerholden hie fan syn houlik mei syn wiere leafde, en dat dat de reden wie dat er nei Londen ta sette om in karriêre as toanielskriuwer te begjinnen. Tsjintwurdich bestiet der yn akademyske fermiddens lykwols sa goed as in konsensus dat "Annam Whateley" frijwol wis in ferskriuwing west hawwe moat, en dat der dus nea in twadde frou bestie.
De Britske feministe Germaine Greer wol hawwe dat it ferskil yn jierren der krekt op tsjut dat Shakespeare Hathaway hawwe woe. Yn dy tiid bleaune jonge ûntroude froulju fan wa't de âldelju kommen wiene te ferstjerren, oer it algemien thús om foar jongere bruorren en susters te soargjen. As se dan letter al trouden, wiene se meastentiids al hast tritich jier. As man bea Shakespeare doedestiden net sa'n soad goede foarútsichten, mei't syn famylje finansjeel yn swierwaar kommen wie. Hathaway, in telch út in begoedige en foaroansteande famylje, wie foar Shakespeare in bysûnder goede partij. Fierders wie it yn dy tiid net ûngewoan dat in tsjerklik houlik pas folge nei't men oer de putheak troud wie en de frou swier rekke wie. Doe't er Hathaway ienris heech en dreech hie, wie Shakespeare fansels oan har bûn, mar, sa beweart Greer, der bestiet gjin inkeld bewiis dat er net altyd al fan doel west hie om in bern by har oan te setten en foar de tsjerke mei har te trouwen.
Houlikslibben
bewurkje seksjeShakespeare en Hathaway krigen trije bern, Susanna yn 1583 en de twilling Hamnet en Judith yn 1585. Hamnet kaam te ferstjerren doe't er noch mar alve jier wie. Susanna en Judith trouden allebeide en krigen sels ek bern. Der wurdt gauris oannommen dat Shakespeare itsij fan it begjin ôf oan in hekel oan syn frou hie, of dat er dat meitiid krige, hoewol't dêr gjin bewiis foar fûn wurde kin yn harren briefkerij noch lykfolwêr oars. De oanlieding ta dizze oanname is dat Shakespeare frijwol syn hiele houlik yn Londen trochbrocht dêr't er as toanielskriuwer en akteur wurke, wylst Hathaway mei de bern efterbleau yn Stratford-upon-Avon. Neffens de santjinde-iuwske Ingelske skriuwer en filosoof John Aubrey kearde er lykwols elts jier in hoart werom nei hûs. En doe't er yn 1613 syn teäterkarriêre deroan joech, sette er him nei wenjen yn Stratford, by syn frou, ynstee fan yn Londen te bliuwen.
Yn syn testamint liet Shakespeare Hathaway beruchterwize mar ien ding nei, syn op ien nei bêste bêd mei byhearrend meubilêr. Frijwol al syn oare besittings fermakke er oan syn dochter Susanna en har manlike neikommelingen. It neilitten oan har fan it op ien nei bêste bêd is gauris opfette as in opsetlike mislediging fan Hathaway, en hat hiel wat trelit feroarsake ûnder Shakespeare-kenners. It is lykwols ek oppenearre dat it de bedoeling wie dat de bern nei Shakespeare syn dea foar harren mem soargje soene, wat yn dy tiid in frij gewoane regeling wie, en dat it "op ien nei bêste bêd" Shakespeare en Hathaway harren houliksbêd wie, mei't it yn 'e Elizabetaanske Tiid wenst wie om it bêste bêd te reservearjen foar útfanhûzers. Sa besjoen soe it testamint hielendal gjin mislediging foar Hathaway wêze. Boppedat binne der oanwizings dat Hathaway fan harsels finansjeel ûnder de pannen wie, en gjin beërf fan har man nedich wie.
Ferstjerren
bewurkje seksjeAnne Hathaway stoar op 6 augustus 1623 yn 'e âlderdom fan 67 jier, nei't se sûnt 1616 widdo fan Shakespeare west hie. Hja waard njonken har man begroeven yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Stratford-upon-Avon.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |