Antoon van Hooff
Antoon van Hooff (folút: Antoon Jozef Jacques Johan Maria van Hooff; Arnhim, 24 septimber 1937 – dêre, 3 augustus 2004) wie in Nederlânsk dieretúndirekteur en tillefyzjepresintator. Hy makke yn Nederlân de dieretún yn 'e nije styl populêr en stie oan 'e widze fan 'e moderne Burgers' Zoo. Teffens fersoarge Van Hooff de Nederlânske voice-over by withoefolle natoerdokumintêres op 'e tillefyzje.
Antoon van Hooff | ||
Van Hooff (lofts) by in besyk fan prinsesse Margriet en har gesin oan Burgers' Dierenpark yn 1983. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antoon Jozef Jacques Johan Maria van Hooff | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 septimber 1937 | |
berteplak | Arnhim (Gelderlân) | |
stoarn | 3 augustus 2004 | |
stjerplak | Arnhim (Gelderlân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk Súdgeldersk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | dieretúndirekteur | |
aktyf as | voice-overartyst, presintator | |
jierren aktyf | 1962 – 2004 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeVan Hooff waard yn 1937 berne yn Arnhim as de soan fan Lucie Burgers, de dochter fan Burgers' Dierenpark-oprjochter Johan Burgers, en har man Reinier van Hooff. Hy makke mei hoe't syn âlden yn 1945, nei de Slach om Arnhim, de ferwuostge dieretún wer opbouden. Van Hooff genoat middelber ûnderwiis op it ynternaat by de jezuïten oan it Canisius Kolleezje yn Nimwegen. Nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, gied er yn 1958 nei Utert ta om foar bistedokter te learen, mar hy moast syn stúdzje ôfbrekke doe't syn heit slim siik waard en syn mem ferlet hie fan help by de bedriuwsfiering fan 'e dieretún.
Tusken 1963 en 1968 die Van Hooff foar it earst ûnderfining mei de tillefyzje op, doe't er mei syn broer Jan it AVRO-programma Zoo Zoo presintearre. Yn 1968 naam Van Hooff mei syn frou Greet de lieding oer de Burgers Dierenpark oer fan syn mem. Fan 1976 ôf waard er bekend by hiel tillefyzjesjoggend Nederlân doe't er as ekspêr op it mêd fan wylde, eksoatyske bisten meiwurke oan it NCRV-natoerkwis Ja, Natuurlijk, dy't presintearre waard troch Kick Stokhuyzen, doe troch Jan-Just Bos en úteinlik troch Karin de Groot.
Yn 'e 1980-er jierren fersoarge Van Hooff de Nederlânske voice-over foar withoefolle natoerdokumintêres, oant it publyk sa oan syn breikjende r-en en sêfte g-en wend wie, dat men se miste as der in oare kommentaarstim brûkt waard. Ek skreau er tegearre mei Henk van der Horst yn 1996 it boek Dierentuinen in Europa. Van Hooff wie in grut foarstanner fan 'e fernijing fan dieretunen, wêrby't de bisten mear romte krigen en yn in natuerliker om-en-by holden waarden. Yn Burgers Dierenpark brocht er dat yn 'e praktyk troch de âlde dieretún om te foarmjen ta in soarte fan safarypark, dat de namme Burgers' Zoo krige en wêrfan't de ferskillende lokaasjes (Burgers' Bush, Burgers' Desert, enfh.) tusken 1988 yn 2000 iepengiene.
Van Hooff, sûnt 1989 Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau, kaam yn 2004 yn syn berteplak Arnhim te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 66 jier. Syn soan Alex van Hooff folge him op as direkteur fan Burgers' Zoo. It plein foar de dieretún (en sadwaande ek it adres fan Burgers' Zoo) is nei Van Hooff ferneamd: it Antoon van Hooffplein. Hy waard beïerdige op it begraafplak Moscowa, mar syn famylje iveret foar in werbegraffenis op it terrein fan Burgers' Zoo.
Bibliografy
bewurkje seksje- Hooff, Antoon van, en Horst, Henk van der, Dierentuinen in Europa, 1996 (Uitgeverij de Fontein y.g.m. de NCRV), ISBN 9 02 61 09 210.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |