Cornelis Brandsma
Cornelis (Cor) Brandsma (Snits, 10 juny 1904 – Haarlim, 2 novimber 1982) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA, dy't fan 1942 oant 1967 aktyf wie yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.
Cornelis Brandsma | ||
politikus | ||
echte namme | Cornelis Brandsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 10 juny 1904 | |
berteplak | Snits | |
stjerdatum | 2 novimber 1982 | |
stjerplak | Haarlim | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
Lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1962-1967 | |
Lid gemeenteried Heemstede | ||
amtsperioade | 1962-1966, 1969-1974 |
Hy begûn syn karriêre as útfierder yn de betonbou. Dêrnei wie er aktyf as propagandist foar it Nederlands Verbond van Vakverenigingen (NVV). Fan sa'n 1949 oant 22 juny 1956 wied er sekretaris fan de Algemene Nederlandse Bouwbedrijfsbond (ANB). Dêrnei waard er foarsitter fan dat bûn fan 22 juny 1956 oant 1 april 1964.
Op 16 oktober 1962 kaam Brandsma yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Oant 22 febrewaris 1967 wie er aktyf foar de Partij fan de Arbeid. Nei syn fuortgean út de Twadde Keamer waard er gemeenteriedslid yn Heemstede.
Brandsma wie twa kear troud en hie seis bern. Hy waard ûnderskieden as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Brandsma wie in neef fan Titus Brandsma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|