Gemeentehûs fan De Waadhoeke
It Gemeentehûs fan De Waadhoeke (Nederlânsk en offisjeel: Gemeentehuis fan Waadhoeke) is it gemeentehûs fan 'e Fryske gemeente De Waadhoeke. It stiet oan 'e Harnzerwei nûmer 18, westlik fan 'e binnenstêd fan Frjentsjer, oan in strjitte dy't yn it ferlingde leit fan 'e âlde strjitwei nei Harns. Foar de haadyngong fan it gemeentehûs stiet it keunstwurk De Stap fan Ids Willemsma.
Gemeentehûs fan De Waadhoeke Gemeentehuis van Waadhoeke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Harnzerwei 18 | |
koördinaten | 53°11′05″ N 5°31′55″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kantoargebou | |
subtype | gemeentehûs | |
boujier | 1995 | |
arsjitekt | Van Manen & Zwart (Drachten) | |
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt gemeentehûs waard yn 1995[1] nij boud as it gemeentekantoar fan 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel, dy't tsien jier earder by de gemeentlike weryndieling fan 1984 ûntstien wie troch de gearfoeging fan 'e gemeenten Frjentsjer en âld-Frjentsjerteradiel mei it grutste part fan Barradiel.
Doe't by in nije gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2018, de gemeenten nij-Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt mei fjouwer doarpen út noardlik Littenseradiel gearfoege wurde soene ta de nije gemeente De Waadhoeke, wie daliks dúdlik dat it gemeentehûs yn Frjentsjer komme soe te stean, mei't dat fierwei it grutste plak yn 'e nije gemeente wie. Foarútrinnende dêrop waard it gemeentekantoar oan 'e Harnzerwei fan april 2017 ôf yngeand ferboud.[2]
Wylst it âlde gemeentekantoar karakterisearre waard troch brede gongen mei in protte aparte kantoarromtes, waard it nije gemeentehûs sa iepen mooglik ynrjochte, mei sa min mooglik tuskenlizzende muorren. Der waarden fleksibele wurkplakken ynrjochte, en teffens kaam der in grutte besikersromte. Fierders waard der foar it earst in riedsseal yn it gebou makke. Earder hie dat nea nedich west, mei't de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel syn gearkomsten hie yn it Stedhûs fan Frjentsjer. Troch de úttynjende ried fan 'e gruttere fúzjegemeente waard it dêr lykwols te krap. Sadwaande waard de oarspronklike arsjitekten fan it gemeentekantoar, Van Manen & Zwart út Drachten, frege om in riedsseal yn te passen, wat se oan 'e westlike útein fan it gebou diene. (Troch de tafoeging fan in riedsseal mocht it gebou dêrnei de namme 'gemeentehûs' drage, ynstee fan it minder offisjele 'gemeentekantoar'.)[2]
It ynterieur fan it fernijde gemeentehûs waard keazen troch in stikmannich wurkgroepen, mei dêryn leden út 'e ferskate gemeenten dy't yn De Waadhoeke opgean soene. De bûtenromte fan it gemeentehûs waard ûntwurpen troch in lânskipsarsjitekt dy't ferbûn wie oan it buro Noordpeil Landschap.erfgoed yn Snits. In oanbuorjende basisskoalle, It Twalûk, ferhuze oan 'e ein fan it skoaljier 2016-2017 nei in oare lokaasje, mei as gefolch dat de frijkommen grûn foar in diel brûkt wurde koe foar in oanbou oan it gemeentehûs en foar in diel foar de oanlis fan grutte tún of in lyts park.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |