Gielegou
De gielegou of giellegou (Oriolus oriolus) is in fûgel yn it skift fan de moskeftigen, it is de ienichste soart út de meast tropyske famylje fan fûgels dy't yn Jeropa foarkomt.
gielegou | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Oriolus oriolus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe gielegou is mei sa'n 18 oant 24 sm likernôch sa grut as in Klyster mar hat wol in hiel opfallende kleur. It mantsje fan de Gielegou is fel giel mei swarte wjukken, in swarte sturt en in swarte eachstreek. De jonge wyfkes binne meast wat grieneftich en binne lang sa opfallend net. De âldere wyfkes lykje lykwols hieltyd mear op de mantsjes, sadat se op 't lêst hast net mear te ûnderskieden binne.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe gielegou is fan ein april oant ein augustus yn syn briedgebiet. Dat bestiet út grutte parten fan Jeropa en it westen fan Aazje. De fûgels oerwinterje yn de bosken yn sintraal-Afrika.
De Gielegou is in echte fûgel fan de bosken. Hy komt hast net op de grûn en is ek net maklik te sjen om't er him meast heech yn de beammen tusken de blêden ophâldt.
Iten
bewurkje seksjeDe gielegou yt sawol dieren, benammen rûpen en flinters as ek plantaardich iten lykas beien en kersen.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe gielegou makket in nêst yn de foarke fan in tûke heech yn in beam. It wyfke briedt meast allinnich yn twa wiken de 3-6 aaien út, wylst se fuorre wurdt troch it mantsje.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Commons: Gielegou – foto, fideo en harktriemmen