Hichtum
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2011) | 95 | ||||
Webstee | http://www.burgwerd-hichtum.nl |
Hichtum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noard fan Boalsert. It doarp hat likernôch 90 ynwenners (2009). It buorskip Syswert en de pleatsen Grut Oorns en Lyts Oorns foarmje in diel fan it doarp. Sûnt 1949 hearre de pleatsen fan Grons en lyts Grons ek by de himrik fan Hichtum. Oant 2011 lei Hichtum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Tsjerke
bewurkje seksjeIt tsjerkje mei kleastermoppen is boud yn de 12e iuw, mar waard yn de 15e iuw gâns feroare, wêrnei't yn de 17e iuw de hjoeddeiske toer boud waard. De toer hat twa liedklokken, dêr't ien fan troch Hans Falck yn 1617 getten is en de oare in moderne is. De tsjerke stiet mei in skulpepaad op in mei esken en iperen omseame tsjerkhôf. Yn 1882 is der in nij ynterieur yn komd en waard de preekstoel fan de súdkant nei de koarsluting fersetten, foar it grêfmonumint. Ek is der in grêfsark út 1626.
It oargel yn de Nederlânsk Herfoarme tsjerke is yn 1795 boud troch Albertus van Gruisen. It ynstrumint is yn orizjinele steat bewarre bleaun.
Der is in grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg.
It wapen fan Hichtum is ferdield neffens it famylje fan de Thoe Schwartzenberg's. De leelje komt fan it wapen fan de famylje Van Huyghis, dy't krektas oare grytmannen op de Wybrandastins by it doarp wennen. De pleats Wibrandastate is nei in grutte brân yn 1957 nijboud.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarp hat in feriening foar doarpsbelang dy't gearkomt yn it doarpshûs 'Us Gerak'. 'Op'e Hichte' is de doarpskrante en der is in feestkommisje. De 'Wylde Sjitters' is de namme fan de biljertferiening.
Strjitten
bewurkje seksjeSchwartzenbergwei, Sieswert.
Befolking
bewurkje seksjeFerskaat
bewurkje seksje- Nienke fan Hichtum wie it pseudonym fan Sjoukje Maria Diederika Troelstra-Bokma de Boer. Sy hie lykwols gjin bining mei it doarp.
- Eartiids wie der in reagerkoloanje by it doarp.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |