Jean de Labadie
Jean de Labadie (Bourg (Frankryk), 13 febrewaris 1610 – Altona (Denemark), 13 febrewaris 1674) wie in eardere katolike pryster en sûnt 1650 grifformeard predikant. Hy wie de oprjochter en nammejouwer fan de sekte fan de Labadisten yn 1669. Labadie woe in suvere tsjerke ta stân bringe; de radikale en kompromysleaze wize dêr't er dat mei berikke woe, makke dat er by in soad skeel belutsen rekke. Op it hichtepunt hie de beweging sa'n 600 leden mei tûzenen oanhingers, meast yn Nederlân. De beweging luts in oantal opmerklike frouljus bekearlingen, sa as de ferneamde gelearde en dichteresse Anna Maria van Schurman en de entomologe en keunstner Maria Merian.
Labadie brocht ynfloeden út it Jansenisme en it Herfoarme Piëtisme by inoar en ûntwikke sa in foarm fan radikaal kristendom mei de klam op hilligens en it libjen yn in kristlike kommune. Labadie syn wurk mei de measte ynfloed wie De Herfoarming fan de Tsjerke troch it Pastoraat (1667).
Yn Nederlân festigen de Labadisten har, nei de dea fan De Labadie yn Wiuwert; de mienskip hat it dêr mei lijen oant 1732 útholden.
Literatuer
bewurkje seksjeDe meast wichtige stúdzje oer Labadie en syn wurk is
- Trevor John Saxby, The quest for the new Jerusalem, Jean de Labadie and the Labadists, 1610-1744, Dordrecht-Boston-Lancaster, 1987.
- Cornelis B. Hylkema, Reformateurs. Geschiedkündige studiën over de godsdienstige bewegingen uit de nadagen onzer gouden eeuw, Haarlim, 1900-1902.
- Johannes Lindeboom, Stiefkinderen van het christendom, De Haach, 1929.
- M. Smits van Waasberghe, "Het ontslag van Jean de Labadie uit de Societeit van Jezus", yn: Ons geesteljk erf, 1952, s.23-49.
- Otto E. Strasser-Bertrand - Otto J. De Jong, Geschichte des Protestantismus in Frankreich und den Niederlanden, Göttingen, 1975.
- Daniel Vidal, Jean de Labadie (1610-1674) Passion mystique et esprit de Réforme, Grenoble, 2009.
- H. Van Berkum, De Labadie en de Labadisten, eene bladzijde uit de geschiedenis der Nederlandse Hervormde Kerk, Snits, 1851.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Ingelsktalige biografy. The New Schaff-Herzog Encyclopedia of Religious Knowledge, Vol. VI: Innocents - Liudger