Ksenofon
Ksenofon (Gryksk: Ξενοφῶν, tradisjonele transliteraasje: Xenophon; Atene, omtrint 430 f.Kr. – dêre, 354 f.Kr.) wie in Gryksk legeroerste, skiedkundige, kriichskundige en skriuwer, inkeld ek wol Ksenofon fan Atene neamd. Hy wie in hierling dy't û.m. yn it Perzyske Ryk focht en oer syn nuodlike aventoeren dêre letter de Anabasis skreau, syn meast ferneamde wurk. Syn Hellenica is in ferslach fan 'e lêste jierren fan 'e Peloponnezyske Oarloch, en wurdt as de wichtichste histoaryske boarne oangeande dy perioade beskôge. Syn beskriuwing fan it Perzyske Ryk, yn 'e Cyropedia, hat ornaris de namme minderweardich oan 'e Histoarjes fan Herodotus te wêzen, ek al binne der punten dêr't Herodotus oanwiisber mis is, wylst Ksenofon it by de rjochte ein hat. Fierders wurdt Ksenofon nei Plato as de wichtichste autoriteit oer Sokrates beskôge, mei't er as jongfeint noch ûnder de grutte filosoof studearre hie. Mei fanwegen de terjochtstelling fan syn master assosjearre Ksenofon him it grutste part fan syn libben mei de stêdsteat Sparta ynstee fan mei syn berteplak Atene.
Ksenofon | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ξενοφῶν ("Xenophon") | |
nasjonaliteit | Ateensk (fan berte) Spartaansk (nei kar) | |
berne | ±430 f.Kr. | |
berteplak | Atene (Atene) | |
stoarn | 354 f.Kr. | |
stjerplak | Atene (Atene) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | non-fiksje (skiednis, oarlochfiering) | |
perioade | Klassike Aldheid | |
bekendste wurk(en) |
Anabasis Hellenica | |
jierren aktyf | ±400 – 354 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeDer is net folle mear oer Ksenofon bekend as wat er oer himsels skreau. Hy waard omtrint 430 f.Kr. berne yn 'e Grykske stêdsteat Atene as in telch út in rike aadlike famylje. Syn heit hiet fan Gryllus. Yn syn jonkheid studearre er yn Atene ûnder de ferneamde filosoof Sokrates, dy't lykwols yn 399 f.Kr. fanwegen politike omtinkens ta de dea troch de gifbeker feroardiele waard. Tsientallen jierren letter skreau Ksenofon syn Apologia, dy't in ferdigening fan syn master foar it Ateenske gerjocht omfiemet, en teffens de Memorabilia, in samling sokratyske dialogen. Hoewol't Ksenofon yn syn eigen tiid sels net as filosoof beskôge waard, binne der tsjintwurdich gâns saakkundigen dy't him wol as sadanich sjogge.
Fjildtocht fan de Tsientûzen
bewurkje seksjeYn 401 f.Kr. helle Ksenofon syn Boeoatyske freon Proksenus him oer om mei te dwaan oan in militêre ekspedysje yn it Perzyske Ryk. De Perzyske prins Syrus de Jongere hie nammentlik in Gryksk hierlingeleger byinoar brocht om te besykjen en stjit syn âldere broer Artakserkses II fan 'e troan. Neffens Ksenofon sels hied er earst syn master Sokrates om rie frege, en hie dy him trochwiisd nei it Orakel fan Delfy. Ynstee fan te freegjen oft er meigean soe op 'e fjildtocht of net, frege Ksenofon it orakel lykwols oan hokker goaden oft er bidde en offerje moast om him derfan te bewissigjen dat er ûnskeind wer thúskomme soe. Doe't er neitiid mei syn antwurd weromkearde nei Atene en it ferhaal trochdie oan Sokrates, sette dy him teplak foar it stellen fan sa'n ûnoprjochte fraach.
It leger fan Syrus bestie út in soad Perzyske troepen oanfolle mei in grutte karkloft fan Grykske hierlingen, dy't harsels de Tsientûzen neamden, om't dat omtrint har oantal wie. Dêrby bearde Syrus dat er syn broer Artakserkses trou wie, mar oarloch fiere woe tsjin Tissafernes, de satraap fan 'e Perzyske provinsje Ioanje, en tsjin 'e opstannige Pisidiërs. Neffens Ksenofon waarden de Grykske hierlingen dêrtroch mislaat, en soene se har nea brûke litten hawwe as se fan it begjin ôf oan witten hiene dat Syrus fan doel wie en nim it tsjin 'e rjochtlike kening op. Pas doe't se al by Tarsus kommen wiene, djip yn it Perzyske Ryk, kaam de moard út. Dêrop wegeren de Griken earst noch fierder op te tsjen, oant ien fan harren oanfierders, de Spartaanske generaal Kleärchus, harren dêr dochs ta oerhelle.
Uteinlik metten de legers fan Syrus en Artakserkses inoar yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, yn it hert fan it Perzyske Ryk. Hoewol't de Tsientûzen troch harren effektivere taktiken stân holden tsjin it folle gruttere leger fan 'e kening, waarden Syrus syn Perzyske troepen útinoar slein en kaam de rebelske prins sels op it slachfjild om. De Griken namen dêrop in definsive posysje yn en rekken besingele troch it ûnbidige Perzyske leger. De Perzen nûgen de Grykske oanfierders út foar ûnderhannelings oer harren ôftocht nei de kust, mar it bliek in mûklaach te wêzen, en Kleärchus, de fjouwer oare generaals en ferskate oare ofsieren waarden ferriedlik troch de Perzen fermoarde.
It wie de bedoeling fan 'e Perzen en twing de Griken om harsels oer te jaan (sadat se as slaven ferkocht wurde koene) of oars om se alhielendal út te rûgjen. De Tsientûzen lieten har lykwols net út it fjild slaan; se keazen nije generaals, wêrûnder Ksenofon, en fochten harsels in paad nei it noarden ta troch de Delling fan de Tigris en eastlik Anatoalje, dêrby hjitfolge troch Perzyske troepen. Hja fersloegen ferskate Perzyske en Medyske legers dy't har de pas besochten ôf te snijen en wisten nei in helske tocht úteinlik Trapezus, oan 'e kust fan 'e Swarte See (it hjoeddeiske Trabzon yn eastlik Turkije) te berikken. Fan 'e Tsientûzen wiene tsjin dy tiid likernôch seistûzen oer. Dêrwei sylden se by de kust lâns nei Chrysopolis (no Üsküdar), dêr't se Seutes II holpen om kening fan Traasje te wurden, wêrnei't se rekrutearre waarden troch de Spartaanske generaal Timbron, dy't yn westlik Anatoalje oarloch fierde tsjin 'e Perzyske satrapen Tissifernes en Farnabazus, om 'e dea fan Kleärchus te wreekjen.
Ballingskip yn Sparta
bewurkje seksjeUnder de fjildtocht wie Ksenofon djip ûnder de yndruk rekke fan 'e Spartaanske troepen en harren moreel, en doe't er weromkaam yn Grikelân en ûntdiek dat ûnder syn ôfwêzigens yn Atene syn master Sokrates eksekutearre wie, keas er foar ballingskip yn Sparta. It wie dêr dat er syn boeken skreau, wêrûnder de Anabasis, syn meast ferneamde wurk, dat in ferslach fan 'e fjildtocht fan de Tsientûzen is, mei dêrby in protte kriichskundige bysûnderheden. Fan syn oare wurken is de Hellenica in ferslach (en de wichtichste histoaryske boarne) fan it lêste diel fan 'e Peloponnezyske Oarloch (fan 431 oant 404 f.Kr.), en as sadanich kin it as in fuortsetting sjoen wurde fan 'e Skiednis fan de Peloponnezyske Oarloch fan Tusydides. It boek Agesilaus is in biografy fan 'e Spartaanske kening Agesilaüs II, mei wa't Ksenofon ûnder syn ballingskip befreone rekke.
De Cyropedia (letterlik: "it Underrjocht fan Syrus") is in beskriuwing en skiednis fan it Perzyske Ryk, dy't yn 'e regel sjoen wurdt as in fehikel dat Ksenofon brûkte om syn eigen politike en morele filosofy op 't aljemint te bringen. Wat Ksenofon yn dit wurk oer Syrus de Grutte seit, wurdt sadwaande ornaris as minderweardich beskôge oan Herodotus syn beskriuwing fan de man yn syn Histoarjes. Lykwols binne der gefallen dêr't Ksenofon syn bewearings oer Syrus ûnderstipe wurde troch bewiismateriaal út Perzyske of oare Mesopotamyske boarnen, wylst dat by Herodotus net sa is. Om ien foarbyld te jaan: Herodotus wol hawwe dat Syrus as oanfierder fan 'e Perzen in opstân late tsjin syn pake oan memmekant, de Medyske kening Astyages. Dêrby fersloech er dyselde, mar hold er him yn libben oan syn hof, wylst de Meden troch de Perzen ta slaaf makke waarden. Dat soe neffens Herodotus yn 559 f.Kr. bard wêze, 20 jier foàr de Perzyske ferovering fan Babylon.
Yn 'e Cyropedia fertelt Ksenofon lykwols dat Astyages stoar en opfolge waard troch syn soan Syaksares II, in omke fan Syrus. Neffens him wiene de Perzen (ûnder Syrus) noch lang fazallen fan 'e Meden, sels noch doe't se harren oarloch tsjin 'e Babyloaniërs al begûn wiene. Hoewol't de moderne skiedkunde dit net foar wier oannimme wol, fermeldt de Babyloanyske kening Nabonidus op 'e Pylder fan Harran yn in tekst dy't datearret fan 542-540 f.Kr. as syn fijannen de Egyptners, de Meden en de Arabieren. It is ûnoannimlik dat Nabonidus de Perzen net neamd hie as de Meden tsjin dy tiid "slaven" fan 'e Perzen west hiene.
Ksenofon skreau fierders ek ferskate koarte traktaten, û.m. oer it belearen fan hynders en oer de jacht mei hûnen. Njonken syn skriuwwurk wied er ek aktyf as generaal foar Sparta, sels doe't er it yn 394 f.Kr. by Koronéa opnimme moast tsjin syn thússtêd Atene. As gefolch waard him doe troch it Ateenske regear ferbean om ea noch foet yn 'e stêd te setten, wat Ksenofon syn frijwillige ballingskip ta in ôftwongen-ien makke. Hjoeddeiske skiedkundigen binne trouwens fan betinken dat ek Ksenofon syn stipe oan Sokrates silger hjirby in rol spile hawwe sil, en mooglik ek it feit dat er foar de Perzen fochten hie. De Spartanen skonken him hjirop in bûtenpleats te Scillus, deunby Olympia, yn 'e lânstreek Elis. Men tinkt dat er dêr it grutste part fan syn skriuwwurk dien hat.
Ferstjerren
bewurkje seksjeUteinlik waard Ksenofon syn ferballing út Atene ynlutsen. Wierskynlik wie dat om't syn soan Gryllus noch by syn libben foar Atene focht en sneuvele yn 'e Slach by Mantinéa. Yn elts gefal ferfear er nei Korinte doe't yn 371 f.Kr. nei de Slach by Leuktra de Spartaanske hegemony ta in ein kaam, en hy stoar úteinlik yn Atene, nei alle gedachten yn of omtrint 355 f.Kr., al is dat net alhiel wis. Hy oerlibbe yn alle gefallen syn freon Agesilaüs II fan Sparta (±444-±360 f.Kr.), foar wa't er in grêfskrift skreau.
Wurk
bewurkje seksje- histoaryske en biografyske wurken
- Agesilaus (biografy fan Agesilaus II fan Sparta)
- Anabasis (autobiografyske beskriuwing fan 'e fjildtocht yn Perzje)
- Cyropedia (beskriuwing en skiednis fan it Perzyske Ryk)
- Constitutionis Spartae (beskriuwing fan 'e Spartaanske steatsynrjochting)
- Hellenica (skiednis fan Grikelân fan 411 oant 362 f.Kr.)
- filosofyske wurken
- Apologia (ferdigening fan Sokrates)
- Memorabilia (samling sokratyske dialogen)
- Oeconomicus (Sokratyske dialooch oangeande it húshâlden)
- Symposium (Sokratyske selsbeskôging)
- oare wurken
- Hieron (dialooch oer lokkigens, troch Hiero, tiran fan Syrakuse, mei de lyryske dichter Simonides)
- koarte traktaten
- Cynegeticus (oer hoe't men mei hûnen jeie moat)
- Hipparchikos (oer de taken en plichten fan kavalery-ofsier)
- Peri Hippikes (oer it belearen fan hynders)
- Poroi e peri Prosodon (oer hoe't Atene omgean moat mei in ekonomyske krisis)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en References and further reading, op dizze side.
|