De Lakota (Ingelsk: Lakota; útspr.: [lə'kou:tə]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei de Dakota foarmje hja ien fan 'e beide folksdielen fan 'e (Sioux). De Lakota kinne lykslein wurde mei de Titon (Teton), ien fan 'e sân tradisjonele Sû-stammen, en sprekke fan oarsprong it Lakota, in Sû-taal dy't nau besibbe is oan it Dakota.

Lakota

Ferneamde Lakota. Boppeste rige (f.l.n.rj.): Jongeman-Dy't-Bang-Is-fan-Syn-Hynders, Patricia Locke, Rein-yn-'t-Gesicht; 2e rige: Kim Winona, Sittende Bolle, Russell Means; 3e rige: Inkele Hoarn, Reade Wolk, Albert White Hat; 4e rige: Gal, Kimberly Kendall, Reitsje-de-Wolkens-Oan.
flagge
populaasje
oantal 100.000 (2013)
taal Lakota (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk Republyk Lakota
erkende minderheid Feriene Steaten,
Kanada
fersprieding
Feriene Steaten: 100.000
Kanada:        210

Hja libje tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske Amerikaanske steaten Noard-Dakota, Súd-Dakota en Montana, al wenje der ek guon yn steaten as Wyoming en Kolorado. Yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan bestiet fierders noch ien lytse Lakota-stamme, mei goed 200 leden. Yn totaal binne der hjoed de dei likernôch 100.000 Lakota. Hja binne ien fan 'e bekendere Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, wat ferklearre wurde kin trochdat se yn njoggentjinde iuw in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, en sadwaande allegeduerigen yn konflikt rekken mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de Slach oan de Little Bighorn, en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas Sittende Bolle en Mâl Hynder, hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen.

De eigen namme "Lakota" (Lakȟóta; útspr.: /la'kˣo:ta/) betsjut yn 'e Lakota-taal safolle as "freon", of eins mear spesifyk "bûnsmaat". In oare eigen oantsjutting is bygelyks Lakȟóta Oyáte ("de Lakota Naasje").

Mei de term "Lakota" wurdt it westlike folksdiel fan 'e (Sioux) oantsjutten. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, te witten: de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon. De earste seis fan dy stammen foarmje mei-inoar de Dakota, it eastlike folksdiel fan 'e Sû, wylst de Titon lykslein wurde kinne mei de Lakota, (mei't "Titon" in etnografyske oantsjutting is, en "Lakota" yn it foarste plak in taalkundigen). Hjoed de dei wurdt trouwens almeast fan "Lakota" sputsen, mei't "Titon" as âlderwetsk beskôge wurdt. De Lakota/Titon kinne sels wer opdield wurde yn sân substammen: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (dy't net betize wurde moatte mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels.

Mei't dit grif wakker betiizjend is, hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Lakota as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Lakota betsjutte.

  • Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟóta; "Bûnsmaten")
    • Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Dy't op 'e Prêrje Tahâlde")
      • Brulee (Ingelsk: Brule; Lakota: Sičháŋǧu; "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe" – "billen" yn 'e sin fan "boppeskonken")
      • Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa; Lakota: Húŋkpapȟa; "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers")
      • Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou; Lakota: Mnikȟówožu; "Dy't oan it Wetter Plantsje")
      • Oglala (Ingelsk: Oglala; Lakota: Oglála; mooglik betsjuttend: "Dy't Harsels Fersilje")
      • Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs; Lakota: Itázipčho; "Dy't Gjin Bôgen Hawwe")
      • Swartfuotten (Ingelsk: Blackfoot; Lakota: Sihásapa; "Dy't Swarte Fuotten Hawwe" – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten)
      • Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles; Lakota: O'óhenuŋpa; "Dy't Twaris Siede")
 
tradisjonele wengebieten fan 'e ûnderskate Sû-stammen (yn dûnkergrien) en de hjoeddeistige Yndianereservaten yn harren lân, net inkeld dy fan 'e Sû (yn bêzjebrún).

Hjoed oan 'e dei libje de Lakota benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota en Montana, mei ien lyts groepke yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, al is der ek nochal ris ien yn 'e Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado (fral yn 'e agglomeraasje fan Denver). Harren persize oantal wurdt nearne jûn, mar is net dreech om fêst te stellen, mei't it ledetal fan alle stamme-organisaasjes fan 'e Lakota gewoan bekend is. Troch dy sifers op te tellen, komt men op 96.000 minsken. Dan moat men der noch rekken mei hâlde dat fan 'e 170.000 Sû mar 163.000 by sokke stammen oansletten binne. As men sjocht dat de Sû-stammeleden foar twatrêde diel Lakota en ientrêde diel Dakota binne, soe men dy twadieling hanthavenje kinne foar de net-stammeleden en noch rûchwei 4.000 by dy 96.000 optelle kinne, om út te kommen op in totaal oantal Lakota dat om 'e 100.000 hinne lizze moat. Dy libje frijwol allegear yn 'e Feriene Steaten, want hoewol't der wol Sû yn Kanada wenje, binne dat op goed 200 nei allegearre Dakota. Likernôch de helte fan alle Lakota libbet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw tawiisd binne. Fierders wennet der ek in grutte mienskip yn 'e stêd Rapid City yn Súd-Dakota.

Yn 'e Feriene Steaten binne der 4 federaal erkende Lakota-stammen en dêropta noch 2 federaal erkende stammen fan mingde etnisiteit (Dakota-Lakota en Dakota-Lakota-Assiniboin). Yn Kanada bestiet ien lytse Lakota-stamme (of "earste naasje", sa't men de stammen dêr neamt). Al dy 7 stammen hawwe in eigen reservaat. Yn grutte rinne de Lakota-stammen útinoar fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, mei 47.000 leden, oant de Wood Mountain Earste Naasje út súdlik Saskatchewan, mei mar 210 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) Alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000 minsken) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Under dy alve stammen binne alle Lakota-stammen en ien mingde Dakota-Lakota-stamme (de oare seis besteane útslutend út Dakota). Om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).

Iere skiednis

bewurkje seksje

De earste kontakten tusken Jeropeänen en de Sû fûnen plak yn 'e rin fan 'e santjinde iuw, yn Wiskonsin en Minnesota, mar dêrby gie it benammentlik om 'e Dakota, en net om 'e Lakota. Dy libben doe al fierder op nei it westen, mooglik foar in diel sels al op 'e Grutte Flakten, al moatte sy oarspronklik krekt as de Dakota yn it noardeastlike boskgebiet taholden hawwe. Men giet derfan út dat it de Sjajinnen (Cheyenne) wiene dy't om 1720 hinne foar it earst it hynder yntrodusearren by harren Lakota-bûnsgenoaten.

 
In tradisjonele tipy fan 'e Oglala-Lakota.

Yn dyselde snuorje spjalte de Titon-stamme (de Lakota dus) him op yn twa dielen: de Oglala-Brulee, dy't út súdlik Minnesota wei de Dakota's binnenteagen, en in groep dy't de Frânsen de "Saône" neamden (nei alle gedachten de oare fiif substammen), dy't út Midden-Minnesota wei by Lake Traverse lâns nei it westen setten, yn 'e krite dêr't no de grinzen fan Minnesota, Noard-Dakota en Súd-Dakota gearkomme. Om 1750 hinne hiene de "Saône" de eastoere fan 'e Missoury berikt, likernôch tsien jier letter folge troch de Oglala-Brulee. It is dúdlik dat it grutte ûnderskie tusken de Titon en de oare seis stammen (oftewol tusken de Lakota en de Dakota) werom te fieren is op dit barren: de Lakota wiene de earsten dy't hynders ta har foldwaan krigen, dy't it reizgjen makliker makken. Neitiid teagen se flugger op nei it westen as de oare stammen, wat in brek yn 'e ûnderlinge kommunikaasje fan gefolgen hie. De Lakota-taal ûntjoech him doe, yn dat relative isolemint, yn in oare rjochting as de oare -dialekten.

In alliânsje fan 'e machtige Arikara, Mandan en Hidatsa kearde de Lakota-opmars oan 'e westoere fan 'e Missoury desennia lang op, mar doe't yn 'e jierren 1772-1780 in pokke-epidemy trijefearn fan dy folken útrûge, stieken de "Saône" de rivier oer nei de drûgere, mei koarte gerzen begroeide prêrje fan 'e Hege Flakten. Dêr ferspraten se har fluch yn 'e rjochting fan 'e Black Hills (of Paha Sapa), dy't se as hillich beskôgen en ûnder in ynfal yn it lân fan 'e Arikara, Mandan en Hidatsa yn 1765 foar it earst besocht hiene. Tsien jier nei de "Saône" stieken ek de Oglala-Brulee de Missoury oer. Yn 1776 fûn der in koart wapene konflikt plak tusken de Lakota en de Sjajinnen, hoewol't dy beide folken foartiid en ek neitiid tradisjonele bûnsgenoaten wiene. Dêrby waarden de Sjajinnen, dy't earder de Black Hills op 'e Kajowa (Kiowa) ferovere hiene, út dat gebiet wei nei it westen ta ferdreaun. De Lakota setten har doe foar it earst nei wenjen yn 'e Black Hills, al wreiden se yn it lêste fearn fan 'e achttjinde iuw harren wengebiet noch út oan 'e Rocky Mountains ta, dy't se Heska, oftewol "de Wite Bergen" neamden. De Lakota dominearren dêrnei oardel iuw lang de Noardlike Flakten.

Op 'e flakten

bewurkje seksje

Op 'e flakten namen de Lakota krekt as de Sjajinnen in hynstekultuer oan, en fêstigen se in nomadyske libbenswize yn wat no Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Wyoming is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de mustang, dy't harren faasje ferskafte, en de Amerikaanske bizon, dêr't se op jagen. Behalven bizonfleis iten se ek nôt, dat se net sels ferbouden, mar almeast kochten troch it driuwen fan hannel mei harren eastlike Dakota-sibben, of mei de Mandan en Hidatsa, dy't sedintêre doarpen oan 'e Missoury hiene.

Yn 'e Lakota-maatskippij wiene manlju en froulju like wichtich wat macht en it nimmen fan beslissings foar de stamme oangie, al hiene se wol dúdlik ferskillende rollen. De manlju wiene yn 'e regel de jagers, krigers, oarlochslieders en de opperhaden dy't de politike oangelegenheden beävensearren. Mar de Lakota wiene in matrilineêr folk, wat sizze wol dat de ôfstamming fia de mem rekkene waard (yn tsjinstelling ta patrilineêre maatskippijen lykas uzes, dêr't soks fia de heit giet). Lakota-bern hearden sadwaande ta de clan fan 'e mem, en opperhaden waarden útkeazen op grûn fan hokker clan oft harren mem út kaam. De froulju hiene it foar it sizzen oer it iten, de tinten en oare besittings en alle oare ferpleatsbere helpboarnen. Manlju trouden by de famylje en de clan fan harren frou yn, wat foardielen opsmiet oangeande de help dy't in frou fan har famylje krije koe as har man fuort wie te jeien of te oarlogjen, en teffens oangeande de behanneling fan froulju troch harren manlju. De froulike stamâldsten stiene by de Lakota yn heech oansjen en sûnder harren goedkarring koe in man net opperhaad wurde. En as hja harren stipe foar in opperhaad ynloeken, koed er syn posysje net lang behâlde. Njonken manlju en froulju wiene der ek noch de saneamde wiŋkte, dy't yn it Ingelsk ornaris two spirits, "twageasten" neamd waarden. Dat wiene lju dy't yn biologysk opsjoch man wiene, mar har as frou klaaiden en in maatskiplike rol oannamen dy't yn 'e regel net troch manlju ferfolle waard (as men dêr mei moderne eagen nei sjocht, soe men oannimme kinne dat it dêrby yn 'e measte gefallen om homoseksuëlen gie, al is dat no fansels net mear te bewizen). Twageasten beklaaiden mank de Lakota gauris in wichtige en sels hillige rol as sjamanen en genêzers. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf krigen se mear de rol fan ûnderwizer fan 'e jongere generaasjes fan 'e Lakota, en waard it harren taak om derfoar te soargjen dat de Lakota har eigenheid net ferlearen yn 'e Amerikaanske kultuer.

 
It Minnikonzjû-opperhaad Reitsje-de-Wolkens-Oan (Maȟpíya Ičáȟtagya), yn 1877.

De swier troch sykten troffen Mandan, Hidatsa en Arikara foarmen no gjin bedriging mear foar de Lakota, dy't fierders yn 'e rêch stipe waarden troch de harren stadichoan nei it westen ta folgjende Dakota. Oan 'e west- en súdwestkant fan harren domein hiene se behalven mei de Sjajinnen ek in langjierrich bûnsgenoatskip mei de Arapaho. Noardlik en noardeastlik fan harren libben harren fijannen fan 'e saneamde Izeren Konfederaasje: de Assiniboin (Assiniboine), Flakte-Kry (Plains Cree) en Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe). Op nei it noardwesten wennen oare fijannen, lykas de Krieën (Crow), de Sjosjoanen (Shoshone) en de Swartfuotten (Blackfeet). De grutste deilisskip hiene de Lakota (en yn mindere mjitte de Dakota) lykwols mei de Pâny (Pawnee), dy't besuden harren libben, yn it gebiet dat no Kansas en Nebraska beslacht. De Lakota en de Pâny ferkearden sûnder ûnderbrekking yn oarloch, en dat wie in folsleine oarloch, wêrby't nimmen sparre waard, froulju noch bern noch âlden fan dagen. Yn dit ljocht moat ek de freonskiplike relaasje sjoen wurde dy't der altyd tusken de Pâny en de Amerikanen bestien hat, en it wie de reden dat safolle Pâny-krigers as ferkenner tsjinst namen by de Amerikaanske kavalery. De lêste grutte fjildslach tusken Pâny en de Lakota wie de Slach by Massacre Canyon, dy't op 5 augustus 1873 útfochten waard, en wêrby't in grutte oarlochstroep fan 'e Lakota in lytsere jachtpartij fan 'e Pâny oer it mad kaam en ôfslachte.

By 't simmer holden de Sû op 'e flakten in grutte folksgearkomste, wêrby't fertsjintwurdigers fan de Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), de "Sân Riedsfjurren" (d.w.s. de sân tradisjonele Sû-stammen, dêr't de Titon of Lakota ien fan wiene), mei-inoar yn berie giene oer nasjonale oangelegenheden. Wilens helle it sljochtwei folk famylje- en freonskipsbannen oan en namen de krigers diel oan it inisjaasjeritueel fan 'e sinnedûns. Om sit te nimmen yn 'e grutte rie fan 'e Sân Riedsfjurren keas elk fan 'e sân tradisjonele stammen fjouwer foaroanmannen út dy't dan mei syn achtentweintigen it folksregear fan 'e Sû foarmen. Om útkard te wurden as ien fan 'e fjouwer fertsjintwurdigers fan in stamme wie de heechste eare dy't in Sû-opperhaad ta diel falle koe. De lêste gearkomste fan 'e Sân Riedsfjurren wie yn 1850.

Iere kontakten mei de Amerikanen

bewurkje seksje

It earste kontakt dat de Lakota mei de Feriene Steaten hiene, fûn plak ûnder de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark nei de kust fan 'e Stille Oseaan, yn 1804-1806. Dêrby wegeren de Lakota de ûntdekkingsreizgers trochgong troch harren lân. Hast in heale iuw letter sleaten de Lakota en it Amerikaanske regear, nei't de Amerikanen sûnder tastimming Fort Laramie op Lakota-lân boud hiene, yn 1851 it earste Ferdrach fan Fort Laramie. Dat hold yn dat de Lakota Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten ferliene soene, wylst de Feriene Steaten de soevereiniteit fan 'e Lakota oer de Noardlike Flakten erkenne en respektearje soene "salang't de rivier streamt en de earn fljocht". It Amerikaanske regear fersomme lykwols om it ferbod op kolonisaasje fan Lakota-lân fan syn ûnderdienen ôf te twingen, en doe fielden de Lakota harren likemin noch bûn oan it ferdrach. It late ta in fisieuze sirkel fan geweld, mei't de Lakota de kolonisten op harren lân útmoarden en de karafanen op it Oregon Trail oanfoelen, en om't de Amerikaanske oerheid doe fanwegen kaam om 'e fijannige Yndianen (hostiles) te straffen, wat wer late ta wraakoefenings fan 'e Lakota en werwraak fan 'e Amerikanen, ensfh.

 
It Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle (Tȟatȟáŋka Íyotake), nei alle gedachten de bekendste Lakota.

De Flakte-Yndiaanske Oarloggen

bewurkje seksje

De earste konflikten

bewurkje seksje

It earste wapene treffen tusken de Lakota en it Amerikaanske leger fûn plak op 3 septimber 1855, doe't 700 soldaten ûnder generaal William S. Harney it Grattan-bloedbad (wêrby't in Amerikaansk kavalerydetasjemint hast hielendal ferdylge wie), wrieken troch in willekeurich Lakota-doarp yn Nebraska oan te fallen en dêrby likernôch hûndert manlju, froulju en bern te deadzjen. Dat foarfal wie it earste yn in lange rige fan soksoarte skermutselings, dy't yn oantal en grutte tanommen yn 'e jierren 1862-1864, doe't der ûnder de Lakota in ynfluks fan Dakota-flechtlingen út Minnesota plakfûn nei de bloedich delsleine opstân dy't bekendstiet as de Dakota-Oarloch fan 1862.

De Oarloch fan Reade Wolk

bewurkje seksje

Nei de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865, doe't der hieltyd mear kolonisten nei it westen ta teagen, boaze it geweld almar oan. Sa begûnen de Flakte-Yndiaanske Oarloggen, guon fan 'e bekendste konflikten tusken de Yndianen en de blanken yn Noard-Amearika. Dêrby besochten de blanken earst frijheid fan trochtocht troch it lân fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten te krijen nei de nije steaten oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, en letter de Flakten sels te kolonisearjen, wylst de Yndianen fochten om har selsstannigens en lân te behâlden. Yn 1866 briek de saneamde Oarloch fan Reade Wolk út (neamd nei it Lakota-opperhaad Reade Wolk), dy't ek wol bekendstiet as de Bozeman-Oarloch. Dêrby rekken de Lakota en it Amerikaanske leger slaande deilis oer de behearsking fan 'e krite fan 'e rivier de Powder, yn noardlik Wyoming en súdlik Montana. De Sû (benammentlik de Lakota) waarden yn dizze oarloch stipe troch de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, en it wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, dêr't se mei wisten foar te kommen dat it Amerikaanske leger in rige forten stifte by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. De oarloch einige yn 1868 mei it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't it Amerikaanske regear in tige grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, folslein omfette. Sa waard it hillige lân fan 'e Sû "foar ivich" oan harren taparte en útsûndere fan kolonisaasje troch de blanken.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876

bewurkje seksje

De folle bekendere Grutte Sû-oarloch fan 1876 briek út doe't foar de Amerikanen "ivich" net sa lang bliek te duorjen en se almar wer de bepalings fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie skeinden, benammen nei't der goud fûn wie yn 'e Black Hills. De Sû stiene yn dizze nije oarloch ûnder lieding fan harren opperhaden Sittende Bolle en Mâl Hynder, en waarden fannijs stipe troch de Noardlike Sjajinnen en party Arapaho, wylst it Amerikaanske leger gebrûk makke fan Yndiaanske ferkenners fan 'e Krieën, Sjosjoanen en Arikara.

Slaggen waarden útfochten oan 'e Powder en de Rosebud en by Warbonnet Creek, Slim Buttes, Cedar Creek en Wolf Mountain. It hichtepunt fan 'e oarloch wie de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, dy't de Lakota "it Gefjocht yn it Fette Gers" neame. Dêrby tocht it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel0 George Armstrong Custer in mar amper ferdigene Yndiaansk kamp oer it mad te kommen, mar die bliken dat dêr troch klearebare tafal krekt de hiele krigermacht fan 'e feriene Lakota- en Sjajinne-stammen oanwêzich wie. De Amerikanen litten in tepletterjende nederlaach, en mear as de helte fan it 7e Kavaleryrezjimint kaam om, de drystmoedige generaal Custer ynbegrepen. Dat wie fansels in fernedering dy't de Amerikanen net oer harren kant gean litte koene, en de oarloch waard fûleindiger fuortset as ea tefoaren. Uteinlik moasten de Lakota yn 1877 belies jaan en waarden se weromstjoerd nei harren ynkrompen reservaten, dêr't it harren behindere waard om noch op bizonjacht te gean, sadat se folslein ôfhinklik waarden fan 'e itensdistribúsje troch de Amerikaanske oerheid. Datselde jiers twongen de Amerikanen op slûchslimme wize in kontroversjeel nij ferdrach ôf wêryn't de Black Hills troch de Lakota weromjûn waarden oan 'e Feriene Steaten, en dat troch in stikmannich opperhaden (mar net troch Sittende Bolle of Mâl Hynder) ûndertekene waard.

 
In massagrêf nei it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890.

It Bloedbad fan Wounded Knee

bewurkje seksje

De ein fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen kaam yn 1890, doe't ûnder de Lakota de nije religy fan 'e geastedûns begûn op te kommen. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast, en griep it boppedat oan om Sittende Bolle op te pakken, dy't noch altiten as in gefaarlike fijân sjoen waard. Dy arrestaasje rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam. Trettjin dagen letter, op 29 desimber 1890, waard by it Bloedbad fan Wounded Knee de lêste groep fan likernôch 350 foartiid ûntwapene geastedûnsers fan 'e Minnikonzjû- en Hûnkpapa-stammen, besteande út manlju, froulju en bern, ôfslachte.

Yn 'e reservaten

bewurkje seksje

Fan it Grutte Sû Reservaat, dat de Lakota tasein wie by it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1868, waarden al rillegau wer grutte stikken ôfpakt. Fan it oarspronklike oerflak fan 240.000 km² bleau úteinlik minder as de helte oer, en boppedat waard it opspjalten yn fiif folle lytsere reservaten, te witten: Cheyenne River, Neder-Brulee, Rosebud (of Opper-Brulee), Pine Ridge en Standing Rock. Likegoed mochten de Lakota har eins nòch yn 'e hannen knipe, want in grut tal oare stammen waard sûnder pardon út har wengebiet wei deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma), om romte te meitsjen foar blanke kolonisten. Trochdat de blanken de bizons tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw frijwol útrûge hiene, waarden úteinlik ek de noch frij omdoarmjende groepkes Lakota de reservaten yn twongen. Mei't de reservaten oer it algemien it ûnfruchtberste lân besloegen dat mar te finen wie, wiene se dêr noch altyd net by steat en foarsjoch yn al harren libbensûnderhâld, net iens doe't se meitiid úteinsetten mei it ferbouwen fan nôt en it weidzjen fan kij. Sels tsjintwurdich noch foarmje de Lakota-reservaten fan Súd-Dakota it earmste gebiet fan 'e hiele Feriene Steaten.

Aktivisme yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw

bewurkje seksje

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich is der in oplibbing fan 'e Lakota-kultuer ûntstien, dy't ek laat hat ta aktivisme fan yn 't earstoan fral jonge Lakota, dy't har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de belegering fan it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.

 
De grinzen fan 'e Republyk Lakota neffens it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 (mei Porcupine as haadstêd).

Sûnt 1974 fjochtsje de ûnderskate Lakota-stammen in gerjochtlike striid mei de Amerikaanske oerheid út oer it besit fan 'e Black Hills, harren hillige lân, dat de Amerikanen harren yn 1877 ûntnadere hiene. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols wegere en erken harren rjochten op it lân sels, stegeren de Lakota de skikking ôf. (It fûnis is noch altyd fan krêft, en mei de kumulative opbou fan rinte begjint it bedrach no op nei de $1 miljard dollar te gean.) Fan 1994 oant 2007 wiene de Lakota lid fan 'e UNPO, de organisaasje dy't ûnderdrukte minderheden fertsjintwurdiget. Doe't yn septimber 2007 de Feriene Naasjes in net-binende Resolúsje oangeande de Rjochten fan Lânseigen Folken oannaam, wegeren de Feriene Steaten (en oare lannen, lykas Kanada, Austraalje en Nij-Seelân) om dy te ûndertekenjen.

Op 19 desimber 2007 ferklearre de saneamde Lakota Frijheidsdelegaasje (LFD), in omstriden groep Yndiaanske aktivisten, dat de Lakota harren út alle ferdraggen mei de Feriene Steaten weromloeken en de ûnôfhinklike Republyk Lakota útrôpen. It doel fan dy die wie om 'e soevereiniteit oer harren lân werom te winnen. Dat lân definiëarren de aktivisten trouwens as alle gebiet dat ûnder it earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, oan 'e Lakota tawiisd wie, wat likernôch de helte fan Súd-Dakota, trijefearn fan Nebraska, in fearn fan Wyoming en grutte hoeken fan Noard-Dakota en Montana omfetsje soe. De grutste stêd yn dit gebiet is Omaha, yn Nebraska, mei in befolking fan goed 420.000 minsken. De wurdfierder fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje, Russell Means (1939-2012), dy't namme makke hie as Hollywood-akteur, helle natuerrjocht, ynternasjonaal rjocht en Amerikaansk rjocht oan om 'e ûnôfhinklikensferklearring te ûnderstypjen.

De Republyk Lakota is oant de dei fan hjoed noch troch gjin inkeld lân op 'e wrâld erkend. Dochs falt der bêst wat te sizzen foar de stânpunten fan 'e LFD, dy't yn it koart hjirop delkomme: de Feriene Steaten hawwe har oan net ien fan 'e nei 1851 sletten 33 ûnderskate ferdraggen wat gelegen lizze litten en se allegear brutsen; dat makket dy ferdraggen ûnjildich, sadat de oare partij, de Lakota, him der ek net mear oan hoecht te hâlden. As dy ferdraggen net mear jildich binne, wurdt dêrmei alles logyskerwize en neffens it rjocht werombrocht ta de status quo ante (de sitewaasje sa't dy foartiid wie). Net ien fan 'e keazen lieders fan 'e erkende Lakota-stammen wie trouwens by de Lakota Frijheidsdelegaasje belutsen, en ferskate fan 'e regearings fan dy stammen hawwe har fan 'e aksjes fan 'e LFD distânsearre.

It Lakota, de taal fan 'e Lakota, is nau besibbe oan it Dakota. Tegearre foarmje dy beide talen it , dat eins gjin taal is mar mear in taalkontinuum (wêrby't oangrinzgjende dialekten yninoar oergeane en in keatling foarmje; alle buordialekten binne ûnderling fersteanber, mar de sprekkers fan 'e dialekten oan 'e beide úteinen fan it keatling kinne inoar net ferstean). It Sû makket ûnderdiel út fan 'e Dakotaanske talen, dêr't ek it Assiniboin en Stony ta hearre. Mei in stik as trije oare lytse taalgroepen kinne de Dakotaanske talen dan wer beflapt wurde ûnder de Mississippydelling-Sûaanske talen, dêr't ek talen ta hearre lykas it Omaha, Ponka (Ponca), Osadzje (Osage), Iowa en Winnebago. Fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje meitsje dan ek wer folle minder nau besibbe talen as it Krieën (Crow), Mandan en Hidatsa diel út. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e Dakotaanske talen, mei alle dialekten en synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta of A’ Moǧaž)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

Sûnt de njoggentjinde iuw is it mei it Lakota slim yn it neigean rekke. Neffens gegevens dy't oan it ljocht kommen binne by in taalûndersyk út 1997 wurdt it tsjintwurdich noch sprutsen troch in 6.200 minsken, wat delkomt op 6,2% fan 'e totale Lakota-befolking (dy't likernôch 100.000 minsken telt). Under de sprekkers binne fral in protte leden fan 'e âlderein, sadat it Lakota nei alle gedachten yn 'e kommende jierren noch fierder yn 'e nederklits reitsje sil troch it stadichoan ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes.

Stamme-organisaasjes

bewurkje seksje
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota,
Assiniboin
Montana Poplar 11.000 fêstige yn it Fort Peck Yndianereservaat; likernôch 8.600 Sû
  Feriene Sû Stammen
United Sioux Tribes
Lakota,
Westlike Dakota,
Eastlike Dakota
Nebraska,
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Pierre 144.000 in bûn fan stammen dat sels gjin federale erkenning hat,
al hawwe alle dielstammen dat wol
●   Cheyenne River Sû Stamme
Cheyenne River Sioux Tribe
Lakota Súd-Dakota Eagle Butte 16.000 fêstige yn it Cheyenne River Yndianereservaat
●   Neder-Brulee Sû Stamme
Lower Brule Sioux Tribe
Lakota Súd-Dakota Lower Brule 3.400 fêstige yn it Neder-Brulee Yndianereservaat
●   Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota
Oglála Lakȟóta Oyáte
Lakota Súd-Dakota Pine Ridge 47.000 alternative namme: Oglala Nation of Oglala Lakota Nation;
fêstige yn it Pine Ridge Yndianereservaat
●   Rosebud Sû Stamme
Rosebud Sioux Tribe
Sičháŋǧu Oyáte
Lakota Súd-Dakota Rosebud 24.000 fêstige yn it Rosebud Yndianereservaat
●   Standing Rock Sû Stamme
Standing Rock Sioux Tribe
Westlike Dakota,
Lakota
Noard-Dakota,
Súd-Dakota
Fort Yates 16.000 fêstige yn it Standing Rock Yndianereservaat
earste naasjes (stammen) yn Kanada
Stamme Etnyske groep(en) Provinsje Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Wood Mountain Lakota First Nation
Lakota Saskatchewan Assiniboia 210

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota