De Markermar, is in grut mar fan likernôch 700 kante kilometer. De mar leit tusken Noard-Hollân, Flevolân en de Iselmar yn. Op de measte plakken hat de mar in djipte tusken de 2 en 4 meter. De mar is neamd nei it eilân Marken, dat yn it súdwesten fan de mar leit.

In kaart fan it gebiet om de Markermar hinne.

Earst wie it plan dêr om de mar yn te polderjen yn it ramt fan de Súderseewurken, mar dy plannen binne stop set. Omdat de Iselmar en de Markermar oerbliuwsels binne fan de Sudersee en de marren eins ien gehiel foarmje is it Súdlik Iselmar in bettere namme foar it mar (Boarne?).

Foardat de suderseewurken fan start gongen wie de Markermar in ûnderdiel fan de Sudersee. Yn it ramt fan de plannen fan ir. Cornelis Lely, waard earst de Ofslútdyk oanlein, wêrtroch it Iselmar ûntstie. Hjirnei waarden de polders fan de Noardeastpolder, East-Flevolân en Súd-Flevolân oanlein. Dêrnei wie it plan om ek de Markermar yn te polderjen. Om dit te dwaan waard yn 1976 begûn mei de oanlis fan de Houtribdyk, wêr't ek in wei op boud waard (de N302), wêrtroch Lelystêd en Inkhuzen mei elkoar ferbûn waarden. Sûnt de oanlis fan de dyk is de Markermar fan de Iselmar skieden.

It ynpolderjen is letter net trochset om in ferskaat oan redenen. Sa spilet de mar in wichtige rol yn it ynstânhâlden fan de fûgelstân. Ek wie it lestich foar de wetterhúshâlding yn Noard-Hollân. Troch de mar yn te polderjen soe it grûnwetter yn Noard-Hollân de polder ynstreame wêrtroch it grûnwetterpeil yn de provinsje te leech wurde soe. Hjirtroch kin bygelyks de grûn fuort sakje.

Yn april 2007 presintearre steatssiktaris Tineke Huizinga en nij plan foar de âlde Sudersee. It plan is om it gebiet yn trije parten te ferdielen. De Iselmar moat in hegere wetterstân krije wêr't swietwetter yn opslein wurde kin. De Markermar moat in wikseljende wetterstân krije foar in gruttere ekologyske fariaasje. Om it tredde part, it IJmar, moat in dyk lein wurde wêrtroch dêr boud wurde kin. Fierdere útwurking moat noch ta stân komme.

Op de grins fan de IJmar en de Markermar leit it eilandsje Pampus (mar sa'n 0,03 km² grut). Noardlik dêrfan leit it 267 ha. grutte Marken, dat yn 1957 troch in daam mei it fêstelân ferbûn waard.

 
De Markermar fan de Houtribdyk wei sjoen

Marker Wadden

bewurkje seksje

Yn 2012 kaam Natuermonuminten mei it plan Marker Wadden (Marker Waad), dat foarsjocht yn de oanlis fan natuereilannen net fier fan de Houtribdyk. De oanlis fan it earste eilân waard yn maart 2016 mei út ein set [1]. Op 24 septimber 2016 waard it earste eilandsje (250 ha) fan it Marker Waad iepene. It doel is om totaal fiif nije eilannen oan te lizzen, wêrtroch't de natuer foar fûgels en fisken yn de mar oanlokliker makke wurdt. [2]

Wetterôffier

bewurkje seksje
 
De Houtribdyk en de Markermar.

It wetter yn de Markermar wurdt op trije manieren ôffierd:

  • Normaal wurdt it wetter troch it Iselmar ôffierd.
  • Sa no en dan bart dit troch de Flevolânske fearten. Dan komt it wetter úteinlik út yn de Felúwskerânemarren. Sadwaande moat it skjinnere wetter út de Markermar de belesting fan nitraat en fosfaat yn de rânemarren ferminderje.
  • By heech wetter wurdt it wetter troch it Noardseekanaal spuid.

Wichtige plakken oan de mar

bewurkje seksje

Inkele grutte plakken oan de mar binne:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marker Wadden natuurmonumenten.nl, geraadpleegd 24 september 2016.
  2. Een nieuw stukje Nederland, de Marker Wadden zijn open nos.nl, sjoen 24 septimber 2016.