Noäch (bibelsk persoan)

Noach (ek: Noäch; Hebriuwsk: נוֹחַ, Arabysk: نوح; bestutting: treast, rêst) is in bibelsk persoan. It ferhaal fan Noach wurdt yn it boek Genesis ferteld. Neffens de Bibelske berekkening soe Noach yn it jier 2990 foar Kristus berne wêze. Noach wie al 500 jier doe't hy trije soannen krige: Sem, Cham en Jafet. Yn 'e eagen fan God wie Noach in tige rjochtfeardich man, dy't troch de profeet Ezechiël (14:14) mei Daniël en Job ta de meast rjochtskepen minsken fan it minskdom rekkene wurdt. Troch de sûndfloed is Noach nei Adam de twadde stamheit fan it minskdom.

Noach (Lorenzo Monaco).

Noach libbe yn in tiid dat minsken neffens de Bibel noch tige âld waarden. Sa wie syn heit Lamech al 182 jier doe't Noach berne waard en 777 jier doe't er ferstoar. It wie yn in tiid dat der jimmeroan mear minsken op ierde kamen. Mar God seach ek dat de minsken hieltiten ferkearder waarden. Hy krige Syn nocht fan it ûnrjocht en makke it beslút it minskdom fan 'e kaart te feegjen. Ien man wie lykwols yn Gods eagen lykwols rjochtfeardich en dat wy Noach.

De bou fan de arke

bewurkje seksje
 
De arke sa't dy der út sjoen moatten hat neffens de bouwer Johan Huibers (Dordrecht).

Om't God fan plan wie om mei in wetterfloed in ein te meitsjen oan al it libben op 'e wrâld, krige Noach de opdracht in arke te bouwen. God joech hiel krekt oan fan wat hout en op hokker wize it skip boud wurde moast. Nei't de arke klear wie moast Noach mei syn frou, syn soannen en de froulju fan 'e soannen de arke yngean. Fan 'e ûnreine bisten moasten hja ien pear meinimme en foar alle oare bisten en fûgels sân pear. Noach folge sekuer alle foarskriften fan God op en doe't it safier die God de doar fan 'e arke ticht.

De Sûndfloed

bewurkje seksje
 
Noachs offer
(Francesco Castiglione).

De sluzen fan 'e himel waarden iepene, de boarnen fan 'e grutte ôfgrûn barsten los en it bleau fjirtich dagen en nachten oanien hoazen. Stadichoan kaam it wetter heger en heger en mei waard ek de arke optild. Alles op 'e wrâld wat op it drûge libbe ferdronk en sels de heechste bergen ferdwûnen ûnder wetter, wol hûndertfytich dagen. Dêrnei liet God in wyn oer de wetters waaie, sa't it wetter wer begûn te sakjen en nei hûndertfyftich dagen rekke de arke de berch Ararat de grûn. Nei moannen wiene ek de toppen fan oare bergen te sjen. Noach liet earst in raven frij om te sjen hoe fier it wetter sakke wie, mar die kaam net wer. Dêrnei waard in do loslitten, dy't lykwols werom kaam om't it nearne drûch wie. Nei sân dagen waard de do nochris loslitten en doe kaam de fûgel mei in olivebledsje werom. Noach wachte doe noch ris sân dagen en liet de do op 'e nij fleane, dy't doe net wer kaam. No wist Noach dat it drûch wie en God sei tsjin Noach dat minske en bist de arke ferlitte moasten.

 
Noach komt mei syn folk fan 'e Ararat
Ivan Aivazovski (1817–1900).

It earste wat Noach doe die wie in alter bouwe om te offerjen foar de Heare.

Nei it offer fan Noach joech God de opdracht oan 'e minske om harren te fermannichfâldigjen. Ek joech God de bisten ûnder de macht fan 'e minsken, krekt lyk as it griene krûd ('Alles dat beweecht en libbet sil jim ta iten wêze ... Allinne it fleis mei it bloed der noch yn meie jimme net ite.'). God ûnthiet ek nea wer in floed oer de wrâld út te stoarten dat alle libben ferdylget en as teken fan dat nije ferbûn liet God de reinbôge ferskine.

Sem, Cham en Jafet

bewurkje seksje
 
De dronken Noach (Simone Brentana).

De soannen fan Noach diene wat God har sein hie: hja krigen neiteam dy't de wrâld befolke. Doe't Noach de wynbou útfûn en in druvehôf oanlein hie, barde it ris dat er dronken wie. Noach klaaide him út en lei neaken yn 'e tinte. Cham seach syn heit lizzen en fûn dat sa komysk, dat hy syn bruorren der by helle om ek efkes te sjen. Sem en Jafet namen lykwols in tekken en leine dat mei harren gesicht de oare kant op oer harren heit hinne. Doe't Noach wer by wie en hy wist dat Cham him de gek oanstutsen hie, ferflokte hy Kanaän, de soan fan Cham, en priizge er Sem en Jafet.

Neffens in tradysje stamme fan Sem de semitsyke folken ôf, fan Cham de Kanaäniten en de minsken yn Afrika en fan Jafet de minsken fan it noardlik healrûn.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alde Testamint, Genesis 6-9