Oranje luzerneflinter
De oranje luzerneflinter (Colias croceus) is in soarte yn it skaai fan de luzerneflinters (Colia).
oranje luzerneflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Colias croceus | ||||||||||||
Geoffroy, 1785 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe oranje luzerneflinter is in frij algemiene trekflinter dy't fan maaie oant oktober yn Nederlân wêze kin. Der binne soms jierren dat de flinter rûnom sjoen wurdt, mar it swiertepunt fan de waarnimmings leit yn it suden fan it lân en de kuststreek bylâns.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 22 oant 27 mm. De boppekant fan de wjuk is oranje mei giel. By de mantsjes is de dûnkere achterrâne oan de boppekant troch ljochte ieren trochbrutsen. De wyfkes binne oranje en hawwe oranje stippen yn de donkere efterrâne. De Oranje Luzerneflinter rêstet noait út mei sprate wjukken.
-
Colias croceus croceus ♂
-
Colias croceus croceus ♂ △
-
Colias croceus f. helice ♀
-
Colias croceus f. helice ♀ △
Fleantiid
bewurkje seksjeDe earste flinters wurde sjoen yn maaie/juny. De neikommende generaasjes wurde sjoen begjin july oant begjin novimber.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp wurdt likernôch 35 mm. It liif is grien, mei in dizige oranje streek der oer.