Slach by Austerlitz

De Slach by Austerlitz of de Trijekeizersslach barde op 2 desimber 1805, by de Tredde Koalysjeoarloch tsjin it Frânske keizerryk fan Napoleon. Napoleon fersloech de Eastenrykske en Russyske legers by Austerlitz (tsjintwurdich Slavkov u Brna yn Tsjechje).

Slach by Austerlitz troch François Gérard

Hoewol't mar 75.000 Frânsen it opnamen tsjin 90.000 tsjinstanners wie it it militêr sjeny fan Napoleon dat beskiedend blykte yn de slach: troch in opstelling yn de delling te kiezen boppe de strategysk better lizzende hichte lokke hy de Eastenrikers nei in minder ferdigene flank, wêrtroch't by de haadmacht fan de tsjinstanners de oandacht ferskode. Nei ôfwachte te hawwen oant de haadmacht úttinne, starte Napoleon yn de mist syn ferneamde "sprong fan de liuw". In Frânske troepenmacht fan 17.000 man besette de hichte en splite sa de troepen fan de tsjinstanner yn twa parten dy't dêrnei fan de hichte ôf beide oanfallen waarden. As needgreep sette de Russyske tsaar syn keizerlike garde yn de striid dy't in soad skea oanrjochte, mar te let wie om de Frânsen te ferdriuwen.

It Utertske plakje Austerlitz tanket syn namme oan dizze Frânske oerwinning. Dêr stiet de Piramide fan Austerlitz, in bouwurk dat de Frânske generaal Auguste de Marmont yn 1804 troch syn soldaten bouwe liet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje