Standing Buffalo Dakota Naasje
De Standing Buffalo Dakota Naasje (Ingelsk: Standing Buffalo Dakota Nation; Eastlik Dakota: Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte, útspr.: [ta'tã:ka na'ʒĩ: da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme wurdt ek wol de Standing Buffalo Earste Naasje (Standing Buffalo First Nation) of de To-tay-go-nai Earste Naasje (To-tay-go-nai First Nation) neamd. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Standing Buffalo Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1881, en hie neffens gegegevens út 2006 1.062 leden. It haadkertier is fêstige yn Fort Qu'Appelle, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Standing Buffalo Dakota Naasje besteane út etnyske Sû (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen.
Standing Buffalo Dakota Naasje | ||
Ingelsk | Standing Buffalo Dakota Nation | |
lânseigen | Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Fort Qu'Appelle (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 1.100 (2006) | |
oprjochting | 1881 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Standing Buffalo Reservaat 78 | |
lokaasje | súdeastlik Saskatchewan | |
oerflak | 221/2 km² | |
ynwennertal | 410 (2006) | |
offisjele webside | ||
www.standingbuffalodakotanation.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
Reservaat
bewurkje seksjeDe Standing Buffalo Dakota Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Standing Buffalo Reservaat 78 (Standing Buffalo 78 Reserve), dat in oerflak hat fan 22½ km². Fan 'e krapoan 1.100 leden fan 'e stamme wennen der yn 2006 411 yn it reservaat. Standing Buffalo heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Standing Buffalo Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
De Standing Buffalo Dakota Naasje is neamd nei Steande Bizon (yn it Ingelsk Standing Buffalo en yn it oarspronklike Dakota Tatáŋka Nažíŋ), in kriger dy't yn 1871 opperhaad waard fan in Dakota-troep. Yn 1877 krige er tastimming fan it Kanadeeske regear om him mei syn folgelingen nei wenjen te setten oan 'e noardkant fan 'e Qu'Appelle-marren yn súdlik Saskatchewan, en yn 1881 waard dêre in reservaat foar de troep stifte. Tsjin 1901 wie de Standing Buffalo-troep selsfoarsjennend, mar in fersyk om mear lân waard yn 1903 ôfwiisd, ek al hiene de leden fan 'e troep oarspronklik mar 80 acres grûn per gesin fan fiif minsken krigen ynstee fan 'e gewoanlike 640 acres. Doe't de oerheidsgrûnen om it reservaat hinne, dy't de Standing Buffalo-troep foarhinne as haailannen brûkt hie, yn 1907 ferkocht waarden oan partikuliere eigners, hold dat in grutte tebeksetter foar de stamme yn, dy't fan dy tiid ôf ôfhinklik wie fan deihierarbeid om itende te bliuwen. Yn 1920, in jier foar syn dea, reizgje Steande Bizon noch hielendal nei it fiere Ottawa ta, om it Kanadeeske regear derta te bewegen en jou syn stamme mear lân, mar dat barde pas in fearnsiuw letter, yn 1956. Hjoed de dei binne buorkjen en deihierarbeid noch altiten de wichtichste ynkomsteboarnen fan 'e Standing Buffalo Dakota Naasje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |