Sweagermieden
De Sweagermieden is in natoergebiet tusken Westergeast en Damwâld besuden Driezum. It gebiet wurdt foar in diel beheard troch Steatsboskbehear. De Sweagermieden wurde begrinze troch de Petsleat, de Kollumersweachsterfeart, Easterbroeksterwei en de Miedwei. It iepen lânskip bestiet foar in meastepart út boerelân. De Sweagermieden is ryk oan fûgels, yn de lannen groeit in soad rûkersgers.
Sweagermieden | ||
oare ynformaasje | ||
oerflak | 240 ha | |
behear | Steatsboskbehear |
Benoarden de Sweagermieden rûn destiids de âlde Swimmer dy’t útrûn om de Petsleat. Yn it gebiet binne noch de fjouwer eardere plassen werom te finen, lykas it moeras De Brekken, oan de noardkant fan de wettersuveringsynstallaasje by de Petsleat. Yn it iepen lânskip fan greiden lizze boskjes en rûge reidfjilden fan eardere petgaten. Hjir waard yn de 19de en 20ste iuw fean ôfgroeven. Soks barde ek al yn de Midsiuwen doe't de turf brûkt waard foar branje en de stienbakkerij fan it kleaster fan Dokkum. Nei it turfgraven bleau der leech en wiet lân oer dat brûkt waard as healân. De heger lizzende bettere grûn waard brûkt troch de boeren fan Kollumersweach en De Westereen.
Fan 1879 oant 1970 bestie it boezumwetterskip Zwagermieden en De Triemen dat dêrnei opgie yn it nije wetterskip Lits en Lauwers.[1]
De súdwestlike Mieden hat elzensingels en in pear boskjes op sân en feangrûn. It iepene noardeastlike part bestiet út fean en klaai-op-fean. It lân wurdt ekstinsyf brûkt as greide en healân. Op in pear stikken wurde noch jirpels en mais boud.
Ekologyske Haadstruktuer
bewurkje seksjeDe Sweagermieden binne ûnderdiel fan de ekologyske haadstruktuer (EHS), in gearhingjend stelsel fan natoergebieten. De mieden binne hjiryn in skeakel yn de ‘wiete-as’ dy’t rint fan de Lauwersmar, oer Dokkumer Nije Silen, it Sjoukjemuoisgat (by Kollum), de Wygeast en de Triemen, de Sweagermieden, de Falomster Leien, De Houtwiel en fia It Bûtenfjild nei de Grutte Wielen by Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |