Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo
It Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo (Portegeesk: Mostra Internacional de Cinema de São Paulo) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Brazyljaanske stêd São Paulo. It waard oprjochte yn 1977, doe't filmkritikus Leon Cakoff besleat om it tritichjierrich bestean fan it Keunstmuseum fan São Paulo (MASP) te fieren mei in eigen manifestaasje op it mêd fan 'e filmkeunst.
Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo | ||
plak en tiid | ||
lân | Brazylje | |
steat | São Paulo | |
plak | São Paulo | |
tiid fan it jier | oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | MICSP | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1977 – no | |
org. troch | ABMIC | |
offisjele webside | ||
www.mostra.org |
Op 'e earste edysje fan it festival waarden yn totaal 16 lange en 7 koarte films fertoand, dy't ôfkomstich wiene út 17 ferskillende lannen. Tsjintwurdich wurde elts jier op it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo 330 of mear films fertoand. Mei't Brazylje yn 'e 1970-er jierren en iere 1980-er jierren suchte ûnder in militêre diktatuer, soarge de sensuer de earste sân jier fan it bestean fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo foar in protte swierrichheden.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo is no ien fan 'e mear foaroansteande filmfestivals fan Latynsk-Amearika. Yn it ferline hat it festival as spesjale gasten û.o. ferwolkomje mocht: Dennis Hopper, Pedro Almodóvar, Jane Birkin, Claudia Cardinale, Quentin Tarantino, Wim Wenders, Atom Egoyan en Geraldine Chaplin.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|