Kiribaty: ferskil tusken ferzjes
L →Taal: red |
dan sa |
||
(6 tuskenferzjes fan 4 meidoggers net werjûn) | |||
Rigel 1: | Rigel 1: | ||
{{Lântabel| |
{{Lântabel| |
||
eigennamme = Republic of Kiribati <small><small>(Ingelsk</small></small><br>Ribaberiki Kiribati <small><small>(Gilberteesk</small></small>| |
eigennamme = Republic of Kiribati <small><small>(Ingelsk)</small></small><br>Ribaberiki Kiribati <small><small>(Gilberteesk)</small></small>| |
||
namme = Kameroen | |
namme = Kameroen | |
||
flagge = Flag of Kiribati.svg | |
flagge = Flag of Kiribati.svg | |
||
Rigel 29: | Rigel 29: | ||
De atollen lizze yn trije arsjipels: |
De atollen lizze yn trije arsjipels: |
||
* Gilberteilannen: 16 atollen, om-ende-by 1500 km te noarden fan [[Fidzjy]] |
* [[Gilberteilannen]]: 16 atollen, om-ende-by 1500 km te noarden fan [[Fidzjy]] |
||
* |
* [[Phoenixeilannen]]: 8 atollen ± 1800 km te easten fan de Gilberteilannen. |
||
* [[ |
* [[Line-eilannen]]: 9 atollen, ± 3300 km te easten fan Gilberteilannen. |
||
Ek is der noch in isolearre eilân [[ |
Ek is der noch in isolearre eilân [[Banaba]] dat west fan de Gilberteilannen leit. |
||
=== Lânskip === |
=== Lânskip === |
||
Rigel 45: | Rigel 45: | ||
== Skiednis == |
== Skiednis == |
||
De Jeropeanen hawwe yn de 17e iuw de [[Gilberteilannen]] ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn [[1820]] yntrodusearre, doe [[Adam Johann von Krusenstern]], in [[Ruslân|Russysk]] [[admiraal]] de eilannen dy namme joech). Rûn [[1800]] festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de [[Gilberteilannen]] en de [[Ellice eilannen]] waarden yn [[1892]] ta [[Feriene |
De Jeropeanen hawwe yn de 17e iuw de [[Gilberteilannen]] ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn [[1820]] yntrodusearre, doe [[Adam Johann von Krusenstern]], in [[Ruslân|Russysk]] [[admiraal]] de eilannen dy namme joech). Rûn [[1800]] festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de [[Gilberteilannen]] en de [[Ellice eilannen]] waarden yn [[1892]] ta [[Feriene Keninkryk|Britsk]] [[protektoraat]] ferkleare. De omlizzgende eilannen waarden tusken 1892 en [[1916]] troch de Britten kolonisearre. |
||
Under de [[Twadde Wrâldkriich]] hawwe de eilannen troch de [[Japan]]ners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje. |
Under de [[Twadde Wrâldkriich]] hawwe de eilannen troch de [[Japan]]ners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje. |
||
Yn |
Yn jannewaris [[1972]] krigen de eilannen beheind selsbestjoer en waarden regeare troch [[Reuben K. Uatioa]]. Twa jier letter waard [[Naboua Ratieta]] Chief Minister. Yn [[1975]] hawwe de [[Ellice-eilannen]] har fan de [[Gilberteilannen]] ôfskieden en waard in selsstannich lân ûnder de namme [[Tûvalû]]. De Gilberteilannen ferkrige [[autonomy]] yn [[1977]]. |
||
== Demografy == |
== Demografy == |
||
Rigel 72: | Rigel 72: | ||
[[Kategory:Histoaryske Britske koloanje]] |
[[Kategory:Histoaryske Britske koloanje]] |
||
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1979]] |
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1979]] |
||
[[Kategory:Republyk]] |
De hjoeddeiske ferzje sûnt 30 aug 2020 om 14.51
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk, Gilberteesk | ||||
Haadstêd | Súd-Tarawa | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Australyske dollar (AUD) | ||||
Tiidsône | UTC +12/+13/+14 | ||||
Nasjonale feestdei | 12 july | ||||
Lânkoade | KIR | ||||
Ynternet | .ki | ||||
Tillefoan | 868 |
Kiribaty is in lân yn it wrâlddiel Oseaanje. De haadstêd is Súd-Tarawa op it eilân Tarawa.
Op Kiribaty wurdt 'Kiribaty' útsprutsen as 'Tsjyrbatsj".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiribaty bestiet út ferskate kloften eilannen en leit yn de Grutte Oseaan. It makket diel út fan de regio's Mikroneezje (Gilberteilannen) en Polyneezje (Poeniks- en Line-eilannen)
De atollen lizze yn trije arsjipels:
- Gilberteilannen: 16 atollen, om-ende-by 1500 km te noarden fan Fidzjy
- Phoenixeilannen: 8 atollen ± 1800 km te easten fan de Gilberteilannen.
- Line-eilannen: 9 atollen, ± 3300 km te easten fan Gilberteilannen.
Ek is der noch in isolearre eilân Banaba dat west fan de Gilberteilannen leit.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiribaty bestiet út yn totaal 33 atollen en ien eilân (Banaba), ferspraat oer in gebiet 5 miloen km² yn de Stille Oseaan. Troch de tinne boaiemlaach komt der útsein kokos- en skroefpalmen net folle fegetaasje foar. Meastepart fan dizze eilannen lizze mar 2 meter boppe seenivo.
Op it eilân Banana leit it heechste punt fan it lân op 81 meter boppe de seespegel.
Oant 1995 waard it lân yn twaen snien troch de ynternasjonale tiidsône. Fanút praktysk eachpunt waard doe keazen om hiel Kiribaty de datum westlik fan de grins te jaan. Dêrtroch is de datumgrins mei goed 3000 kilometer ferskood. Kiribaty is it ienige lân fan de wrâld dat sawol op it noardlik, súdlik, eastlik as westlike healrûn leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jeropeanen hawwe yn de 17e iuw de Gilberteilannen ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn 1820 yntrodusearre, doe Adam Johann von Krusenstern, in Russysk admiraal de eilannen dy namme joech). Rûn 1800 festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de Gilberteilannen en de Ellice eilannen waarden yn 1892 ta Britsk protektoraat ferkleare. De omlizzgende eilannen waarden tusken 1892 en 1916 troch de Britten kolonisearre.
Under de Twadde Wrâldkriich hawwe de eilannen troch de Japanners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje.
Yn jannewaris 1972 krigen de eilannen beheind selsbestjoer en waarden regeare troch Reuben K. Uatioa. Twa jier letter waard Naboua Ratieta Chief Minister. Yn 1975 hawwe de Ellice-eilannen har fan de Gilberteilannen ôfskieden en waard in selsstannich lân ûnder de namme Tûvalû. De Gilberteilannen ferkrige autonomy yn 1977.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om-ende-by 80% fan de befolking bestiet út Mikroneezjers, it oare part binne Polyneezjers, Jeropeanen en Sinezen. Goed 90% fan befolking wennet op de Gilberteilannen. De befolking fan Kiribaty is yn tritich jier hiel bot tanomd, fan 56.000 ynwenners yn 1978 nei 110.000 yn 2008, in ferdûbeling fan it oantal ynwenners. De befolking is dan ek jong, mear as de helte is jonger as 20 jier.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Gilberteesk, in Austronezyske taal is, tegearre mei it Ingelsk, de offisjele taal.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 97% kristen, dêr't 55% Roomsk-katolyk en 45% Protestansk fan.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan de befolking wurket op de kokosplantages fanwege de kopra fan de kokosnût dy't eksportearre wurdt. Ek fiskprodukten en seewier wurde útfierd nei it bûtenlân.