Springe nei ynhâld

Ali ibn Abi Talyb: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
L Ieneach fan 'e Esk moved page Aly ibn Abû Talyb to Ali ibn Abû Talyb: moat noch wol herkenber wêze
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 aug 2015 om 23.16

Ofbylding mei Aly

Aly ibn Abû Talyb (Arabysk: علي ابن أبي طالب), wie de neef fan profeet Mohammed, trout mei syn dochter en waard de fjirde kalyf (656). Hy waard twongen de opstannige Omajjadyske gûverneur fan Syrje Mû'awijja te bestriden, dy't him syn erkenning as kalyf ûntholde en dêr't hy hieltyd mear terrein oan priis jouwe moast. Foar de Sjyiten jildt hy ek as de earste imam. Yn de islam stiet hy bekend om syn moed en heldhaftichheid. Hy wie de earste jongere dy't moslim waard en ferbleau ferfolgens, foar de emigraasje ticht by Mohammed. Syn beneaming as kalyf wie hiel ûngelokkich yn in tiidrek fan politike ynstabiliteit, de ûmmah, dy't folge op de moard fan syn foargonger Utman. Aly wie de lêste kalyf dy't rekkene wurdt ta de 'Fjouwer Rjochtlate Kaliven' en jildt as ien fan de skriuwers dy't de iepenbierings fan de profeet optekene foar de koran.

Libbensrin

De Imam Alimoskee yn Najaf
De Blauwe moskee Mazar-e Sharif yn Afganistan

Binnen de islam binne opfettings dat hy de ienige minsk wêze soe dy't ea yn de Ka'aba yn Mekka berne is. Syn heit, Abû Talib, wie in omke fan Mohammed. Troch syn mem waard hy earst "Haydar" (liuw) neamd wêrnei syn heit Abu Talib syn namme feroare ta "Aly". Hy hie de bynamme "Gods liuw" (Asadullah) en "Abu Turab" oftewol "De heit fan de ierde".

Aly waard troch Mohammed adoptearre en troch him grut brocht. Hy boaske mei Mohammed syn dochter Fatima. Hy hearde by de earste folgelingen fan de islam neidat Mohammed syn earste iepenbieringen krige. Doe't Mohammed ferstoar waard net Aly mar Abû Bakr ta nije geastlike lieder keazen fan de islam. Neffens de Sjyiten ferklearre Abû Bakr dat Mohammed him koart foar syn dea as opfolger oanwiisde doe de famylje fan Mohammed dwaande wienen mei syn begraffenis; Mohammed hie neffens harren ûnder syn profeetskip meardere malen ferkleare dat syn skoansoan Aly him opfolge moast as geastlik lieder. Aly sels hat him altiten tsjin dizze bewearingen letterlik en figuerlik ferset en hieltyd de kaliven foar him (Abû Bakr, Omar en Utman) steund.

Abû Bakr waard nei syn dea earst opfolge troch Omar en ferfolgens Utman. Utman waard yn 656 fermoarde en soe opfolge wurde troch Aly dy't wol in direkte bloedbân mei Mohammed hie. De beneaming fan Aly waard lykwols tsjinwurke troch generaal Mû'awyah, de gûverneur fan Damaskus dy't ta de Omajjaden-klan hearde en in neef fan Utman wie. Troch Mû'awayah waard Aly beskuldige fan gearwurking mei de opstannelingen dy't Utman fermoarde hienen, en in ûnderlinge kriich brek út.

Dizze boargeroarloch late úteinlik ta de moard op Aly yn 661 yn de stad Koefa, wylst hy neffens oerleveringen noch oan it bidden wie. Neffens sommige sjyiten wie de moardner omkocht troch Mu'awiyah. Hy sloech Aly op syn plasse mei in fergiftige swurd. Aly soe dêrnei noch trije dagen libje, mar syn ferwûning waard him fataal. Aly waard troch syn soan Hassan opfolge dy't lykwols al gau ek wer ôftrede moast.

De measte sjyiten leauwe dat Aly begraven leit yn Iraakse stêd Najaf, yn de Imam Alimoskee dêr't Aly in mei goud beklaaid greve hat. Oaren leauwe dat er begraven is yn de Blauwe moskee fan Mazar-e Sharif yn Afganistan.

De soennityske en sjyityske islam hawwe elts harren eigen ynterpretaasjes fan it libbensferhaal fan Aly.