Bodenseekreis
Bodenseekreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 222.712 (2022) | |
Oerflak | 664,74 km² | |
Befolkingsticht. | 335 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Tübingen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Glärnischstraße 1–3 88045 Friedrichshafen | |
Koördinaten | 47° 39' N 9° 27' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 23 gemeenten | |
Kenteken | FN, TT, ÜB | |
NUTS-koade | DE147 | |
Kreiskaai | 08 4 35 | |
Webside | bodenseekreis.de |
De Bodenseekreis is in lânkring yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte en leit oan 'e Bodensee.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Friedrichshaven en Überlingen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Eriskirch-Kressbronn a. B.-Langenargen mei de sit yn Langenargen-Oberdorf; oansletten gemeenten binne: Eriskirch, Kressbronn am Bodensee en Langenargen.
- GVV Markdorf mei de sit yn Markdorf; oansletten gemeenten binne: de stêd Markdorf en de gemeenten Bermatingen, Deggenhausertal en Oberteuringen.
- GVV Meersburg mei de sit yn Meersburg; oansletten gemeenten binne: de stêd Meersburg en de gemeenten Daisendorf, Hagnau am Bodensee, Stetten en Uhldingen-Mühlhofen.
- GVV Salem mei de sit yn Salem; oansletten gemeenten binne: Frickingen, Heiligenberg en Salem.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG fan 'e stêd Friedrichshafen mei de gemeente Immenstaad am Bodensee.
- VVG fan 'e stêd Tettnang mei de gemeente Neukirch.
- VVG fan 'e stêd Überlingen mei de gemeenten Owingen und Sipplingen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bodenseekreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |