Springe nei ynhâld

Gysbert Japicxpriis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 nov 2003 om 01.17 troch Aliter (oerlis | bydragen) (literatuerpriis keppele mei Fryske literatuer|literatuerpriis)

De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. De earste winner fan de priis wie op 10 oktober 1947 de Fryske dichter Obe Postma.

Alde Gysbert Japicxpriis

De priis wie in stimulearingspriis, en waard takend foar it bêste oarspronklik Frysk wurk dat yn de perioade foarôfgeand oan de útrikking publisearre wie. Dy perioade waard twa jier, om't it iene jier proaza beoardiele waard, en it oare jier poësy. Mei yngang fan 1954 wurde yn it iene jier de Dr. Joast Halbertsmapriis útrikt en yn it oare de Gysbert Japicxpriis. De priis bestie út in oarkonde en in jildbedrach, oarspronkelijk 500 gûne, mar letter oprinnend ta 2000 gûne. Om't it in stimulearingspriis wie koe dy allinnich foar in spesifyk wurk útrikt wurden, net foar in oeuvre, al is dat al in pear kear bard. Yn 1984 is de priis yn dy foarm ôfskaft, en yn in nije foarm wer ynsteld.

Nije Gysbert Japicxpriis

By de nije Gysbert Japicxpriis is gjin ûnderskie yn sjenre. Proaza en poësy kinne eltse kear yn oanmerking komme, mar dat jildt ek foar berneliteratuer en jongereinliteratuer. Dernjonken kin de priis no ek foar in oeuvre úrikt wurde. Fierders is romte makke foar de Fedde Schurerpriis en de Dr. Obe Postmapriis, sa dat de Gysbert Japicxpriis no ien kear in de trije jier útrikt wurdt. Yn 1986 is it jildbedrach noch omheechbrocht nei 4000 gûne. Sûnt 2001 hat de Gysbert Japicxpriis wer in twajierliks skema, mei yn 2003 in jildbedrach fan 5000 euro.

Ofwikende takennings

Foar de priis jildt it betingst dat dat "bêste oarspronklik Frysk wurk" de bekroaning ek wurdich wêze moat, mar de advyskommisje hat oan't no ta mar ien kear gjin foardracht dien. Dochs is de priis dat jier takend. Oarsom hawwe Deputearre Steaten ien kear besletten it adfys net te folchjen. Yn 1969 is de priis net útrikke, wylst de kommisje al in foardracht dien hie. De priis is ek ien kear wegere. Yn 1959 fûn Eeltsje Boates Folkertsma syn wurk de bekroaning yndie net wurdich, en hy hat dy dêrom net oannaam.

Twa kear wûn

Trije skriuwers hawwe twa kear de Gysbert Japicxspriis krigen: Anne Wadman, 1952 en 1989, Jan Wybenga, 1965 en 1977, en Trinus Riemersma, 1967 en 1995.

Utrikking

De priis wurdt útrikt yn de bertesˆd fan Gysbert Japiks, Boalsert, op it stêdshˆs. Allinnich Jan Dijkstra, yn 1951, en Rink van der Velde yn 1975 hawwe net oan de plechtige útrikking meidwaan wollen en de priis letter op it Provinsjehús ophelle.

Priiswinners