Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. De earste winner fan de priis wie op 10 oktober 1947 de Fryske dichter Obe Postma.
Alde Gysbert Japicxpriis
De priis wie in stimulearingspriis, en waard takend foar it bêste oarspronklik Frysk wurk dat yn de perioade foarôfgeand oan de útrikking publisearre wie. Dy perioade waard twa jier, om't it iene jier proaza beoardiele waard, en it oare jier poësy. Mei yngang fan 1954 waard yn it iene jier de Dr. Joast Halbertsmapriis útrikt en yn it oare de Gysbert Japicxpriis. De priis bestie út in oarkonde en in jildbedrach, oarspronkelijk 500 gûne, mar letter oprinnend ta 2000 gûne. Om't it in stimulearingspriis wie koe dy allinnich foar in spesifyk wurk útrikt wurde, net foar in oeuvre, al is dat al in pear kear bard. Yn 1984 is de priis yn dy foarm ôfskaft, en yn in nije foarm wer ynsteld.
Nije Gysbert Japicxpriis
By de nije Gysbert Japicxpriis wie der gjin ûnderskie yn sjânre. Proaza en poësy kinne eltse kear yn oanmerking komme, mar dat jildt ek foar berneliteratuer en jongereinliteratuer. Dernjonken kin de priis no ek foar in oeuvre úrikt wurde. Fierders wie romte makke foar de Fedde Schurerpriis en de Dr. Obe Postmapriis, sadat de Gysbert Japicxpriis doe ien kear in de trije jier útrikt waard. Yn 1986 is it jildbedrach noch omheechbrocht nei 4000 gûne. Yn 1999 is beslet mei yngang fan 2001 in twajierliks skema te folgjen, de ien kear foar poësy, de oare kear foar proaza. It jildbedrach wie doe fêststeld op 5000 euro.
Ofwikende takennings
Foar de priis jildt it betingst dat dat "bêste oarspronklik Frysk wurk" de bekroaning ek wurdich wêze moat, mar de advyskommisje hat oan't no ta mar ien kear gjin foardracht dien, yn 1977 . Dochs is de priis dat jier takend. Oarsom hawwe Deputearre Steaten ien kear besletten it adfys net te folchjen. Yn 1969 is de priis net útrikt, wylst it projekt Operaesje Fers nominearre wie. De priis is ek ien kear wegere. Yn 1959 hat Eeltsje Boates Folkertsma indie sein syn wurk fan dy perioade de bekroaning net wurdich te finen, en hy hat dy doe net oannimme wollen.
Twa kear wûn
Trije skriuwers hawwe twa kear de Gysbert Japicxpriis krigen: Anne Wadman, 1952 en 1989, Jan Wybenga, 1965 en 1977, en Trinus Riemersma, 1967 en 1995.
Utrikking
De priis wurdt útrikt yn de bertestêd fan Gysbert Japiks, Boalsert, op it stêdshûs. Allinnich Jan Dijkstra, yn 1951, en Rink van der Velde yn 1975 hawwe net oan de plechtige útrikking meidwaan wollen, en hawwe de priis letter op it Provinsjehús ophelle.
Priiswinners
- 1947 - Obe Postma:
- It sil bistean (dichtbondel).
- 1948 - Nyckle Haisma:
- Simmer (novelle).
- 1949 - Fedde Schurer:
- Simson (bibelsk drama);
- syn berimings yn It boek fan 'e psalmen.
- 1950 - Ype Poortinga:
- Elbrich , part II (roman).
- 1951 - Sjoerd Spanninga:
- Spegelskrift (dichtbondel);
- Núnders (dichtbondel).
- 1952 - Anne Wadman:
- Kritysk konfoai (bondel mei essees).
- 1953 - Rixt:
- De gouden rider (dichtbondel).
- 1955 - Ulbe van Houten:
- De hillige histoarje (bibelferhalen);
- De sûnde fan Haitze Holwerda (roman, werprinting).
- 1957 - Douwe Tamminga:
- Balladen (dichtbondel).
- 1959 - Eeltsje Boates Folkertsma:
- Eachweiding (bondel mei essees). [Wegere]
- 1961 - Marten Sikkema:
- Hiele dichterlik oeuvre.
- 1963 - Jo Smit:
- Bisten en boargers (ferhalebondel).
- 1965 - Jan Wybenga:
- Barakkekamp (dichtbondel).
- 1967 - Trinus Riemersma:
- Fabryk (roman).
- 1969 - Foardracht: Operaesje Fers. Net útrikt.
- 1971 - Paulus Akkerman:
- It roer út hannen (roman);
- Foar de lins (bondel kursyfkes);
- Dat sadwaende (bundel kursyfkes).
- 1973 - Daniël Daen:
- De âlde en de leave hear: as lead om âld izer (dichtbondel);
- Op libben en dea (dichtbondel);
- Mosken en goaden (dichtbondel).
- 1975 - Rink van der Velde:
- Hiele oeuvre.
- 1977 - Jan Wybenga:
- Lyts Frysk deadeboek (dichtbondel).
- 1979 - Ypk fan der Fear:
- har histoaryske romans.
- 1981 - Reinder Rienk van der Leest:
- Kunst en fleanwurk (dichtbondel).
- 1983 - Sjoerd van der Schaaf:
- De bijekening (roman).
- 1986 - Tiny Mulder:
- Hiele oeuvre;
- Oh in stêd, ah in lân (dichtbondel).
- 1989 - Anne Wadman:
- syn Fryske romans;
- In bolle yn 'e reak (roman);
- De frou yn 'e flesse (roman).
- 1992 - Steven de Jong:
- Syn literêr wurk;
- De Wuttelhaven del (roman).
- 1995 - Trinus Riemersma:
- De reade bwarre (roman).
- 1998 - Piter Boersma:
- It libben sels (roman) .
- 2001 - Tsjebbe Hettinga:
- Fan oer see en fierder (dichtbondel).
- 2003 - Willem Tjerkstra:
- Ridder fan Snits (histoaryske romantrilogy oer Rienk Bockema).