Springe nei ynhâld

Mineraal

Ut Wikipedy
Kwarts

In mineraal is in stof dy't yn homogene fêste foarm (yn mineralogyske terminology: gedegen) yn de frije natuer foarkomt. De measte mineralen komme foar yn kristalline foarm, mar bygelyks obsidiaan hat een amorfe struktuer. De wittenskip dy't mineralen bestudearret wurdt mineralogy neamd, dit gebiet fan wittenskip hat faak raakflakken mei de gemy omdat mineralogy ek ûndersyk docht nei de gearstalling fan it mineraal, de measte mineralen besteane ommers út sâlten.

Mineralen wurde yn it fjild fak werkend oan harren kristalfoarm, harren kleur, de kleur dy't se ôfjouwe as se krast wurde, haren streekkleur, harren hurdheid, harren raangedrach, harren assosjaasje mei oare mineralen ensfh. Dizze klassike foarm fan werkenning freget in soad ûnderfining en is net altiten like betrouber. Yn de geology betrout men dêrtroch mear op analyze efterôf fan oare optyske eigenskippen as kleur, benammen troch polarisaasje-mikroskopy (ljochtmikroskopy mei polarisearre ljocht), röntgen-poeierdiffraksje, Röntgenfluoressinsje spektrometry, Elektroanestriel mikro-analyze (elektronmikroprobe) en atoom absorpsje spektrometry. Yn bepaalde gefallen wurdt ynfraread-analyse tapast.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Underferdieling

Mineralebeurs.

Mineralen wurde yn Europa ornaris yn njoggen groepen ferdield neffens de klassifikaasje fan Strunz. Yn de Feriene Steaten wurdt de yndeling neffens Dana benammen brûkt, wêrby't mineralen yn 78 groepen ferdield wurde. Elke groep út de klassifikaasje fan Strunz omfet eleminten of ferbiningen mei in eigen struktuer:

Eigenschappen

Zie ook

Boeken over mineralen

Discussielijsten

Berjocht:Link FA