Springe nei ynhâld

Nes (It Hearrenfean)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 jul 2014 om 21.35 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (+ plaatsje)
Nes (Boarnsterhim)
Flagge fan Nes (Boarnsterhim) Wapen fan Nes (Boarnsterhim)
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nes (Boarnsterhim)
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2010) 1107
Webstee
Nes (2011)
It hôf fan Nes, mei op de eftergrûn de wettertoer fan Akkrum (2014)

Nes is ien fan de doarpen yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp hat likernôch 1100 ynwenners. Nes sit wat bebouwing oangiet oan Akkrum fêst, sadat meast sprutsen wurdt oer Akkrum-Nes. De wettertoer fan Nes is in markant beaken yn it lânskip fan Mid Fryslân.

Skiednis

Klokkestoel Nes-Akkrum

Nes is ûntstien op in terp oan de noardkant fan de Boarn, eastlik fan de Nesker Sylroede. Op dy terp stie fan 1228 oant 1580 it Nesker Konvint. Nei dy tiid ferfoel it gebou. Yn de 18e ieu wie dat sa slim wurden dat men likernôch 1800 de klok oerbrocht nei in apart klokhús. Op de terp binne no allinnich noch it klokhús en it tsjerkhôf oer.

Oant yn de 19e ieu lei it grutste part fan it doarp westlik fan de terp, by de Neskersyl, yn de hoeke tusken Boarn en Sylroede. Mar yn de 20e ieu hat der in grutte útwreiding west oan de súdkant fan de Boarn, en oan it begjin fan de 21e ieu is oan de westkant fan de Sylroede de grutte útwreiding Boarnstee byboud, dat it doarp is min-ofte-mear nei Akkrum ta ferplakke. Nes wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 part fan de eardere gemeente Utingeradiel.

Lizzing

Het doarp leit op it plak dêr't de Nesker Sylroede op de Boarn útkomt. De namme, dy't yn 1243 foar it earst neamd wurdt, hat it krigen fan de punt lân tusken dizze twa wetters. Wat mear nei it noarden lizze, west fan de Sylroede, de buorskippen Burstum en Bokkum dy't ek ta it gebiet fan Nes rekkene wurde.

Ferbinings

Nes leit oan de âlde Leppedyk, en de nije A32, dêr't it lykwols allinnich fia de N392 ferbining mei hat. De A32 giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Nes rint. Dy rivier komt út it easten fan Aldeboarn en rint nei it westen nei Akkrum. Yn it doarp giet fan de Boarn de Nesker Sylroede troch de Neskersyl nei it noarden, nei de Peanster Ie en fierder nei Grou.

Ferskaat

Rûten

Oer it wetter komt troch Nes de lange Turfrûte. Oer lân is it doarp part fan it Jabikspaad.

Untwikkeling ynwennertal

Strjitten

Burstum, Bokkumerwâl, Burdinewei, De Harhammer, De Harke, De Iperen Poarte, De Oper, De Opstekker, De Reak, De Rolpeal, De Seine, De Strikel, De Syl, De Tiempeal, De Wurdze, It Harspit, It Swee, Kleasterwei, Pean, Soarremoarre, Sodumerdyk, Sylroedepaad.

Sjoch ek