Miggefangers
Appearance
Miggefangers | ||
Blau-grize miggefanger (Polioptila caerulea). | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Certhioidea) | |
famylje: | miggefangers (Polioptilidae) | |
Baird, 1858 | ||
De miggefangers (wittenskiplike namme: Polioptilidae) binne in famylje fan fûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje telt 20 soarten ferdield oer 3 skaaien. De miggefangers komme allinne yn de Nije Wrâld foar, de measte yn Súd-Amearika. De "miggefangers" moatte net trochinoar held wurde mei de "miggesnappers" fan de Âlde Wrâld, de fûgels fan de famylje Muscicapidae sa as de feale miggesnapper en de bûnte miggesnapper.
Famyljeopbou
De miggefangers hawwe de folgende skaaien en soarten:
- Famylje: miggefangers (Polioptilidae)
- Skaai: Microbates, 2 soarten yn Midden- en Súd-Amearika
- Skaai: Ramphocaenus, 2 soarten yn Midden- en Súd-Amearika
- Skaai: Polioptila, 16 soarten yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, û.o.:
- blaugrize miggefanger (Polioptila caerulea)
- swartsturtmiggefanger (Polioptila melanura)