Omar Sharif
Omar Sharif | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Omar Sharif (berne as Michel Demitri Chalhoub) | |
nasjonaliteit | Egyptysk | |
berne | 10 april 1932 | |
berteplak | Aleksanderje (Egypte) | |
stoarn | 10 july 2015 | |
stjerplak | Kaïro (Egypte) | |
etnisiteit | Syrysk-Arabysk | |
jierren aktyf | 1954 – 2015 | |
prizen | 3x Golden Globe Gouden Eareliuw 2003 César du Cinéma 2004 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Omar Sharif (Arabysk: عمر الشريـف, sekuerdere transliteraasje: ‘Umar Eš-Šarīf; útspr.: [ˈʕumɑɾˤ ɛʃɪˈɾiːf]; berne as: Michel Demitri Chalhoub; Aleksanderje, 10 april 1932 – Kaïro, 10 july 2015) wie in Egyptysk akteur fan kristlik Syrysk komôf. Hy sette syn karriêre yn 'e fyftiger jierren yn syn eigen lân útein, en wûn dêrby ek bekendheid troch syn houlik mei de ikoanyske Egyptyske aktrise Faten Hamama, wêrfoar't er him ta de islaam bekearde. Yn 'e sechstiger jierren briek er ynternasjonaal troch mei rollen yn klassike Ingelsktalige films as Lawrence of Arabia, Doctor Zhivago en Funny Girl. Hy waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Golden Globes, en wie behalven yn Amerikaanske en Britske films ek te sjen yn Frânske, Italjaanske, Spaanske, Grykske en Arabyske produksjes. Njonken syn aktearkarriêre wie Sharif ek in libbenslange entûsjast fan it kaartspul bridge (dêr't er ferskate boeken oer publisearre), en teffens wied er grut leafhawwer fan hynstekoersen.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Omar Sharif waard yn 1932 berne yn 'e Egyptyske havenstêd Aleksanderje, as Michel Demitri Chalhoub, yn in melkitysk Gryksk-katolike húshâlding fan Syrysk komôf. Syn heit, Joseph Chalhoub, wie in foaroansteand keapman yn djoere houtsoarten dy't oarspronklik út Zahlé, yn Libanon, kaam en koart nei de iuwwiksel nei Egypte emigrearre wie. Syn heite famylje kaam oarspronklik fan Damaskus, yn Syrje. Doe't Sharif fjouwer jier wie, ferhuze it gesin nei de Egyptyske haadstêd Kaïro, dêr't er fierder opgroeide. Syn mem, Claire Sa'ada, waard dêr in bekend gastfrou foar de hegerein, en kening Farûk kaam oant syn ôfsetting yn 1952 geregeldwei by de Chalhoubs oer de flier.
Sharif learde oan it Fiktoariakolleezje yn Aleksanderje, dêr't syn talint foar talen oan it ljocht kaam, en letter oan 'e Universiteit fan Kaïro, dêr't er ôfstudearre yn wis- en natuerkunde. Dêrnei wurke er ferskate jierren foar syn heite ûndernimming, oant dy yn 1952 yn 'e swierrichheden kaam troch nasjonalisaasjes en oare beheinings fan 'e frije hannel doe't yn Egypte de republyk útroppen waard en Gamal Abdel Nasser oan it bewâld kaam. Sharif teach dêrop nei Londen, dêr't er in aktearoplieding folge oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA). Hy feroare yn namme yn "Omar Sharif" doe't er him yn 1955 ta de islaam bekearde om mei aktrise Faten Hamama trouwe te kinnen.
Aktearkarriêre
Yn 1954 sette Sharif yn Egypte útein mei syn aktearkarriêre, mei in rol yn 'e film Shaytan Al-Sahra ("Duvel fan 'e Woastyn"). Datselde jiers noch spile er ek mei yn Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hy rekke al gau ferneamd, en spile neitiid mei yn grutte Egyptyske produksjes as La Anam ("Sliepleas"; 1958), Sayyidat al-Qasr ("Frouwe fan it Paleis"; 1959) en Nahr el Hub ("De Rivier fan 'e Leafde"; 1961), in adaptaasje fan 'e roman Anna Karenina fan Lev Tolstoj.
Yn 1962 spile Sharif foar it earst yn in Ingelsktalige film, doe't er troch de Britske regisseur David Lean cast waard yn 'e rol fan sjaryf Ali yn it histoaryske epos Lawrence of Arabia (oer de Britske ofsier T.E. Lawrence). Dy rol levere Sharif in nominaasje op foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, wylst er der in Golden Globe mei wûn yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in spylfilm en in (dielde) Golden Globe yn 'e kategory nije manlike stjer fan it jier. Filmkenners beskôgje Lean syn kar foar Sharif om in rol te ferfoljen dy't no rûnom beoardiele wurdt as ien fan 'e dreechste byrollen yn 'e filmskiednis, as tige riskant, mei't de man doedestiden bûten syn heitelân Egypte frijwol folslein ûnbekend wie.
Syn earste Ingelsktalige rol betsjutte foar Sharif ek daliks syn ynternasjonale trochbraak, en yn 'e folgjende pear jier spile er yn ferskate oare Westerske films. Dêrby profitearre er folop fan syn ûndúdlike etnisiteit, mei't er behalven foar in Arabier likegoed trochgean koe foar in Spanjert, in Italjaan, in Gryk, in Turk, in Armeen, in Joegoslaaf, in Rus, in Meksikaan, in Kubaan of sels in wat dûnker útfallen Middenjeropeaan. Dêrby spriek er behalven Arabysk en Ingelsk ek floeiend Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Gryksk, neffens himsels "[...] mei in aksint dat my by steat stelde en spylje de rol fan in frjemdling sûnder dat wa ek krekt wist wêr't ik wei kaam [...]" Dêr makke Sharif gebrûk fan troch behalven yn Arabyske en Ingelsktalige films ek oan Frânske, Italjaanske, Spaanske en Grykske produksjes mei te wurkjen.
Yn it histoarysk epos The Fall of the Roman Empire (1964) spile Sharif de man fan 'e Romeinske prinsesse Lusilla, in rol fan Sophia Loren. In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e Spaanske Boargeroarloch, yn 'e film Behold a Pale Horse (1964). Ek spile Sharif in Joegoslavyske partizaan yn The Yellow Rolls-Royce (1964), de Mongoalske feroverder Dzjengis Khan yn Genghis Khan (1965), in Dútsk militêr yn The Night of the Generals (1967), Rudolf, kroanprins fan Eastenryk yn Mayerling (1968) en de Argentynske revolúsjonêr Che Guevara yn Che! (1969). Syn bekendste rol njonken dy fan sjaryf Ali yn Lawrence of Arabia hie Sharif lykwols yn David Lean syn epyske leafdesferhaal Doctor Zhivago (1965), in adaptaasje fan 'e roman mei deselde namme út 1957 fan 'e Russyske skriuwer Boris Pasternak. Yn dy film, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch, de Russyske Revolúsje en de Russyske Boargeroarloch spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e dokter en dichter Joeri Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e Sovjet-Uny tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in Golden Globe foar bêste manlike akteur yn in dramafilm.
In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice yn 'e film Funny Girl (1968). Syn tsjinspylster wie dêrby de Joadsk-Amerikaanske sjongster Barbra Streisand yn har earste filmrol. Funny Girl waard yn 1967 opnommen, wylst yn it Midden-Easten de Seisdeiske Oarloch útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Israel oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard er yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch Funny Lady, út 1975.
Oare films dêr't Sharif yn spile, wiene de western Mackenna's Gold (1969), mei Gregory Peck; de skriller Juggernaut (1974), mei Richard Harris; en it romantysk drama The Tamarind Seed (1974), mei Julie Andrews. Hy spile yn 1979 in Arabyske prins dy't in Westerske dokter as slavinne keapje wol yn Ashanti. Yn 1976 hied er in cameo yn 'e komeedzjefilm The Pink Panther Strikes Again, en yn 1984 wied er mei in selde soarte fan roltsje te sjen yn 'e spionaazjeparody Top Secret!. Oan it begjin fan The 13th Warrior (1999) hie Sharif in koarte rol as de mentor en majordomo fan 'e haadpersoan, spile troch Antonio Banderas. Yn 2003 fertolke Sharif de haadrol yn 'e Frânske film Monsieur Ibrahim, in adaptaasje fan 'e roman Monsieur Ibrahim et les Fleurs du Coran, fan Éric-Emmanuel Schmitt, as in islamityske Turkske keapman dy't de rol fan heit op him nimt foar in Joadske jonge. Mei dat optreden wûn Sharif yn 2004 de César du Cinéma (de wichtichste Frânske filmpriis) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 2003 hied er op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje ek de Gouden Liuw foar it Oeuvre al wûn.
Behalven as filmakteur wie Sharif yn syn mear as sechstichjierrige aktearkarriêre ek op 'e tillefyzje te sjen yn in ferskaat oan tillefyzjefilms en minysearjes. Sa hied er de rol fan Koda Dad yn 'e rige The Far Pavilions (1984), dy't yn Britsk-Ynje spilet; fertolke er de rol fan Russyske foarst Fjodor Romodanovski yn 'e minysearje Peter the Great (1986), oer tsaar Peter de Grutte; en wied er te sjen as tsaar Nikolaas II yn 'e rige Anastasia: The Mystery of Anna (1986). Fierders spile er in Marokkaansk bedoeïnehaadman yn 'e rige Maktub: The Law of the Desert (1992), en fertolke er de rol fan Jetro, de skoanheit fan 'e Israelityske profeet Mozes, yn 'e minysearje The Ten Commandments (2006).
Bridge
Sharif wie alhiel besleifere fan it kaartspul bridge en hearde op in stuit ta de fyftich bêste bridgespilers fan 'e wrâld. Mei Charles Goren skreau er ferskate jierren lang in kollumn foar de Amerikaanske krante de Chicago Tribune, al liet er dêrby it eigentlik skriuwwurk fierhinne oer oan Tannah Hirsch. Fierders wie Sharif de auteur fan ferskate publikaasjes op it mêd fan bridge, en liet er yn 1992 in bridge-kompjûterspultsje ûnder syn namme publisearje as Omar Sharif on Bridge, dat oarspronklik útbrocht waard yn in MS-DOS- en in Amiga-ferzje, mar dat tsjintwurdich noch altyd beskikber is foar Windows en mobile tillefoans.
Priveelibben
Sharif troude mar ien kear yn syn libben, en dat wie mei de yn har eigen lân wiidferneamde Egyptyske aktrise Faten Hamama. Hy kaam mei har yn 'e kunde doe't se yn 1954 syn tsjinspylster wie yn 'e film Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hoewol't Hamama oan dy tiid ta altyd wegere hie om foar de kamera te tútsjen, makke se foar Sharif in útsûndering. Hja rekken fereale opinoar en hy bekearde himsels ta de islaam sadat er noch datselde jiers mei har trouwe koe. Se krigen ien soan, Tarek El-Sharif, dy't berne waard yn 1957 (en yn Doctor Zhivago de rol fan Joeri Zjivago as achtjierrich bern spile). Yn 1965, doe't it rezjym fan Nasser him reisbeheinings oplizze woe, gie Sharif yn frijwillige ballingskip yn Jeropa, wat úteinlik ta de ein fan syn houlik late, om't Hamama om utens net aardzje koe. Hja giene yn 1966 as freonen útinoar, en skieden formeel yn 1974. Sharif woe letter hawwe dat Faten Hamama de iennichste frou wie dêr't er ea fereale op wurden wie.
Oer syn affêre mei Barbra Steisand, yn 1967, sei Sharif neitiid dat er har by harren earste moeting net bjustere oantreklik fûn, mar dat er al rillegau ûnder har tsjoen rekke. Dat koste him op in hier nei syn Egyptyske nasjonaliteit. Under de produksje fan Lawrence of Arabia rekke Sharif goed befreone mei de Iersk-Britske akteur Peter O'Toole, dy't yn dy film de titelrol fertolke. In oare freon fan sines wie de foaroansteande Egyptyske egyptolooch Zahi Hawass. Fierders kaam út Sharif syn fassinaasje mei hynsteracen ek in libenslange freonskip mei hynstetrener David Smaga fuort. Sharif wie faak te finen op 'e Frânske racebanen en wie sels eigner fan in stikmannich hynders dy't ferskate prizen wûnen. Nei geraden dat er âlder waard, sette Sharif him wer yn Kaïro nei wenjen, yn 'e neite fan syn famylje. Underwilens hied er ek twa pakesizzers krigen, Omar Sharif jr., berne yn Montreal, yn 1983, dy't ek akteur is, en Karim Sharif.
Ferstjerren
Yn maaie 2015 waard nei bûten ta brocht dat Sharif oanhelle rekke wie mei de sykte fan Alzheimer. Op 10 july 2015, minder as in healjier nei de dea fan syn eks-frou Faten Hamama, kaam Sharif yn 'e âlderdom fan 83 jier yn in Kaïreensk sikehûs te ferstjerren nei't er troffen wie troch in hertoanfal. Syn útfeart waard op 12 july yn it bywêzen fan famylje, freonen en kunde holden yn 'e Grutte Moskee fan Mushir Tantawi, yn eastlik Kaïro. Syn deakiste waard in Egyptyske flagge oerhinne drapearre.
Filmografy
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1954 | Shaytan al-Sahra | ûnbekend | ynternasjonale titel: Devil of the Desert of Devil of the Sahara |
1954 | Sira‘ Fi al-Wadi | Ahmed | ynternasjonale titel: The Blazing Sun, Struggle in the Valley of Fight in the Valley |
1955 | Ayyamna al-Holwa | Ahmed | ynternasjonale titel: Our Best Days |
1956 | La Châtelaine du Liban | Mokrir | ynternasjonale titel: The Lebanese Mission; op 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif" |
1956 | Sira‘ Fi al-Mina | Ragab | ynternasjonale titel: A Fight within the Port |
1957 | La Anam | Aziz | ynternasjonale titel: Sleepless of No Tomorrow |
1957 | Ard al-Salam | Ahmed | ynternasjonale titel: Land of Peace |
1958 | Goha | Goha | op 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif" |
1958 | Shatie el Asrar | Mamdoh | ynternasjonale titel: Beach of Secrets |
1958 | Ghaltet Habibi | Salah | ynternasjonale titel: My Lover's Fault |
1959 | Sira'a fil Nil | Muhassab | ynternasjonale titel: Struggle on the Nile |
1959 | Sayyidat al-Qasr | Adel | ynternasjonale titel: Lady of the Palace |
1959 | Min Ajal Emra'a | Shokri | ynternasjonale titel: For a Woman |
1959 | Maweed Ma'a Maghul | Madgi | ynternasjonale titel: An Appointment with the Unknown |
1959 | Fadiha fil Zamalek | Ahmed | ynternasjonale titel: Scandal in Zamalek |
1960 | Nahna el Talamiza | Adel | ynternasjonale titel: We the Students |
1960 | Lawet el Hub | ûnbekend | ynternasjonale titel: Love Sickness |
1961 | Gharam el Assiad | ûnbekend | ynternasjonale titel: Masters' Love |
1961 | Bidaya wa Nihaya | Hassanien | ynternasjonale titel: A Beginning and an End |
1961 | Esha'a Hob | Hussein | ynternasjonale titel: A Rumor of Love |
1961 | Nahr al-Hob | Khalid | ynternasjonale titel: The River of Love |
1961 | Hobi al-Wahid | kaptein Adel | ynternasjonale titel: My Only Love |
1961 | Fi Baytuna Ragul | Ibrahim | ynternasjonale titel: There is a Man in Our House |
1962 | Lawrence of Arabia | sjaryf Ali | wûn Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in spylfilm wûn Golden Globe foar nije stjer fan it jier (akteur) nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur |
1964 | The Fall of the Roman Empire | Sohamus | |
1964 | Behold a Pale Horse | Francisco | |
1964 | The Yellow Rolls-Royce | Davich | |
1965 | Genghis Khan | Dzjengis Khan | |
1965 | Marco the Magnificent | sjeik Alla Hou, 'De Woastynwyn' | |
1965 | Doctor Zhivago | dokter Joeri Andrejevitsj Zjivago | wûn Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm |
1965 | El Mamalik | ûnbekend | |
1967 | The Night of the Generals | majoar Grau | |
1967 | More Than a Miracle | prins Rodrigo Fernandez | |
1968 | Funny Girl | Nicky Arnstein | |
1968 | Mayerling | aartshartoch Rudolf | |
1969 | Mackenna's Gold | John Colorado | |
1969 | The Appointment | Frenderico Fendi | |
1969 | Che! | Che Guevara | |
1969 | Trois hommes sur un cheval | un turfiste | net fermeld op 'e ôftiteling |
1971 | The Last Valley | Vogel | |
1971 | The Horsemen | Uraz | |
1971 | The Burglars | Abel Zacharia | tagelyk ek mei deselde cast opnommen yn it Frânsk as Le Casse |
1972 | Le Droit d'aimer | Pierre | |
1973 | La Isla Misteriosa y el Capitán Nemo | kaptein Nemo | ynternasjonale titel: The Mysterious Island |
1974 | The Tamarind Seed | Feodor Sverdlov | |
1974 | Juggernaut | kaptein Alex Brunel | |
1975 | Funny Lady | Nicky Arnstein | |
1976 | Ace Up My Sleeve | Andre Ferren | ek bekend as Crime and Passion |
1976 | The Pink Panther Strikes Again | Egyptyske hiermoardner | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
1979 | Ashanti | prins Hassan | |
1979 | Bloodline | Ivo Palazzi | |
1980 | S*H*E | baron Cesare Magnasco | ek bekend as S*H*E: Security Hazards Expert |
1980 | The Baltimore Bullet | de Diaken | |
1980 | Oh! Heavenly Dog | Malcolm Bart | |
1981 | Green Ice | Meno Argenti | |
1981 | Inchon | Yndiaaske ofsier | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
1983 | Ayub | ûnbekend | |
1984 | Top Secret! | spesjaal agint Cedric | |
1987 | Grand Larceny | Rashid Saud | |
1988 | Les Possédés | Stepan | ynternasjonale titel: The Possessed |
1988 | Les Pyramides bleues | Alex | ynternasjonale titel: The Novice |
1988 | Keys to Freedom | Jonathan | |
1989 | Al-Aragoz | Mohamed Gad El Kareem | ynternasjonale titel: The Puppeteer |
1990 | Mountains of the Moon | de sultan | net fermeld op 'e ôftiteling |
1990 | Viaggio d'Amore | Rico | |
1990 | The Rainbow Thief | Dima | |
1991 | El Mowaten Masri | ûnbekend | ynternasjonale titel: War in the Land of Egypt of An Egyptian Citizen |
1991 | Mayrig | Hagop | |
1992 | 588 Rue Paradis | Hagop | ynternasjonale titel: Mother |
1992 | Tengoku no Taizai | Tsai Mang Hua | |
1993 | Dehk we Le'b we Gad we Hob | ûnbekend | ynternasjonale titel: Laughter, Games, Seriousness and Love |
1997 | Heaven Before I Die | Kahlil Gibran | |
1998 | Mysteries of Egypt | pake | dokumintêre |
1999 | The 13th Warrior | Melchisideck | |
2001 | Censor | ûnbekend | |
2001 | The Parole Officer | Victor | |
2003 | Monsieur Ibrahim | Ibrahim | wûn César du Cinéma foar bêste akteur |
2004 | Hidalgo | sjeik Riyadh | |
2006 | Fuoco Su di Me | prins Nicola | |
2006 | One Night with the King | prins Memucan | |
2008 | 10,000 BC | n.f.t. | ferteller |
2008 | Hassan wa Morkus | Hassan / Morkus | ynternasjonale titel: Hassan and Marcus |
2009 | Al Mosafer | de âldere Hassan | ynternasjonale titel: The Traveller |
2009 | J'ai oublié de te dire | Jaume | ynternasjonale titel: I Forgot to Tell You |
2013 | A Castle in Italy | himsels | |
2013 | Rock the Casbah | Mulay Hassan | |
2015 | 1001 Inventions and the World of Ibn Al-Haytham | pake | lêste filmrol |
tillefyzje | |||
1966 | The Poppy Is Also a Flower | dokter Rad | tillefyzjefilm |
1980 | Pleasure Palace | Louis Lefèvre | tillefyzjefilm |
1984 | The Far Pavilions | Koda Dad | minysearje |
1985 | Vicious Circle | Joseph Garcin | tillefyzjefilm |
1985 | Edge of the Wind | McCorquodale | tillefyzjefilm |
1986 | Peter the Great | prins Fjodor Romodanovski | |
1986 | Harem | sultan Hassan | minysearje |
1986 | Anastasia: The Mystery of Anna | tsaar Nikolaas II fan Ruslân | minysearje |
1991 | Memories of Midnight | Constantin Demiris | tillefyzjefilm |
1992 | Mrs. 'Arris Goes to Paris | markys Hippolite | tillefyzjefilm |
1992 | Maktub: The Law of the Desert | emir Beni-Zair | minysearje |
1995 | Catherine the Great | Aleksej Razûmovski | tillefyzjefilm |
1996 | Gulliver's Travels | de tsjoender | minysearje |
1999 | Cleopatra's Palace: In Search of a Legend | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2001 | Shaka Zulu: The Citadel | de kening | tillefyzjefilm |
2002 | Building the Great Pyramid | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2005 | Imperium: Saint Peter | de apostel Petrus | tillefyzjefilm |
2006 | The Ten Commandments | Jetro | minysearje |
2007 | Hanan wa Haneen | Rauf | ynternasjonale titel: Tenderness and Nostalgia |
2008 | The Last Templar | Konstantine | tillefyzjesearje |
Publikaasjes
- 1976 – Éternel Masculin (mei Marie-Thérèse Guinchard; yn 1977 oerset yn it Ingelsk as The Eternal Male)
- 1980 – Goren's Bridge Complete (mei Charles Goren)
- 1982 – Ma Vie au Bridge (mei Anne Segalen en Patrick Sussel; yn 1983 oerset yn it Ingelsk as Omar Sharif's Life in Bridge)
- 2004 – Omar Sharif Talks Bridge
- ???? – Bridge Deluxe II Play with Omar Sharif (bridgehânlieding)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|