Raymond Poulidor
Raymond Poulidor | ||
sporter | ||
Raymond Poulidor (1968) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Raymond Poulidor | |
bynamme | Poupou Ivige Twadde | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 15 april 1936 | |
berteplak | Masbaraud-Mérignat | |
stjerdatum | 13 novimber 2019 | |
stjerplak | Saint-Léonard-de-Noblat | |
lingte | 1,73 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1960 | |
karriêre-ein | 1977 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje (1964) 1x sulver Wrâldkampioenskippen 1974 3x brûns Wrâldkampioenskippen 1961, 1964, 1966 |
Raymond Poulidor (Masbaraud-Mérignat, 15 april 1936 – Saint-Léonard-de-Noblat, 13 novimber 2019), bynammen Poupou en Ivige Twadde, wie in Frânsk hurdfytser. Hy wie aktyf as profesjoneel hurdfytser tusken 1960 en 1977. Poulidor wie de pake fan de Nederlânske hurdfytsers Mathieu en David van der Poel.
Karriêre
Poulidor skikte him maklik yn syn rol fan underdog. Yn Frankryk is er bekend ûnder syn bynamme Poupou, mar hy waard ek Ivige Twadde neamd, om't er yn tal fan wedstriden krekt njonken de haadpriis grypte. Under mear yn de Omgong fan Frankryk waard er trije kear twadde (1964, 1965 en 1974) en fiif kear tredde (1962, 1966, 1969, 1972 en 1976), sûnder in etappe yn it giele himd riden te hawwen. Yn it begjin fan syn karriêre wie Jacques Anquetil syn grutste rivaal, letter wie it Eddy Merckx, dêr't er mei ôfweve moast.
Yn 1964 kaam Poulidor it tichtst by in oerwinning yn de Omgong fan Frankryk. Op de Puy de Dôme focht er in duel út mei de grutte favoryt Jacques Anquetil, dy't yn tsjinstelling ta Poulidor oan de ein fan syn krêften wie. Anquetil wist syn wurgens lykwols te ferbergjen, en dêrtroch wachte Poulidor te lang mei syn oanfal. Yn Parys skiede him úteinlik mar 55 sekonden fan it giele himd.
As earbetoan begûn de njoggende etappe fan de Omgong fan Frankryk 2004 yn Saint-Léonard-de-Noblat, it wenplak fan Poulidor. Raymond Poulidor ferstoar op 13 novimber 2019, yn 'e âldens fan 83 jier.
Dielname oan grutte omgongen
Dielname oan de Omgong fan Frankryk
- 1962 - 3e; winner 19e etappe
- 1963 - 8ste;
- 1964 - 2e; winner 15e etappe
- 1965 - 2e; winner 5e en de 15e etappe
- 1966 - 3e; winner 14e etappe
- 1967 - 9e; winner 22ste etappe
- 1968 - net finisht;
- 1969 - 3e;
- 1970 - 7e;
- 1972 - 3e;
- 1973 - net finisht;
- 1974 - 2e; winner 16e etappe
- 1975 - 19e
- 1976 - 3e;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
- 1964 - 1e; winner 15e, 16e en de 17e etappe.
- 1965 - 2e; winner 4e en 16e etappe.
- 1967 - 8e; winner 15e etappe
- 1971 - 9e;
Ploegen
- 1960-1977 - Mercier
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|