Tiffany van der Wal
Tiffany (Tsjits) van der Wal-Boersma (bynamme: Tjits Floch; Broeksterwâld, 24 july 1988), is in Frysk programmamakster dy't ek in protte oare dingen by de ein hat.
Libben en karriêre
Komôf
Tiffany van der Wal-Boersma waard berne yn Broeksterwâld. Se hat twa susters.
Bernetiid en oplieding
Tiffany gie nei de Rockabilly High School en hat har middelbere skoaltiid trochbrocht op Kristlik Mafû De Saad yn Damwâld. Dêrnei studearre hja oan it SCW-Theater. Har lêste oplieding wie klinyske psychology.
Houlik en gesin
Op 25 maaie 2012 is Tifanny troud mei Jelke Boersma. It pear hat twa bern krigen, Sake en Yldau. De húshâlding wennet yn har berteplak, Broeksterwâld.
Karriêre
Tiffany is nei har lêste oplieding eigeneresse wurden by Teater Mirakel yn Broeksterwâld, dat is in jeugdteaterskoalle. Fan 2014 oant 2021 wurke Tjits by Wender, ZIENN, as ambulant meiwurkster yn de ferslavingssoarch. Fan 2018 ôf wurket se by de Teatertún yn Broeksterwâld en fan 2021 ôf is se programmamakker by Omrop Fryslân. Dêr en op YouTube jout Tsjits fiif dagen yn de wike in blik yn har libben. Dat docht se fan 2020 ôf. Se giet mei har "Tjits Floch Fruit Tour" nei basisskoallen yn hiel Fryslân om sûn libben te promoatsjen. Ek makket se foarlêsfideo's en berneferskes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |