Springe nei ynhâld

Bonifatius

Ut Wikipedy
Bonfatius, skildere troch Kornelis Bloemaert

Bonifatius (Crediton, sirka 673 - 5 juny 754) wie in Angelsaksysk sindeling, biskop en aartsbiskop.

Stânbyld fan Bonifatius yn Fulda.

Bonifatius waard as Wynfrith berne yn in begoedige, mooglik aadlike, famylje, neffens de tradysje yn Crediton yn Devon. Yn 685 waard er tabetroud oan it Benediktynske kleaster fan Exeter. Dernei waard er muonts yn it Benediktynske kleaster fan Nursling, en doe't er 30 jier âld wie prester. Hy waard learaar oan de kleasterskoalle, dêr't er stikken oer de grammatika skreau, en ek inkelde gedichten.

Yn 715 of 716 begûn er oan in sindingsekspedysje nei Fryslân. Om't syn Angelsaksysk foar de Friezen fersteanber wêze soe, tocht er dat syn kânsen om de Friezen ta in oar leauwen te bringen better wêze soenen as dy fan minsken út it suden. Mar it gebiet wie nei de dea fan de Frankyske Pippyn II yn oarloch, en de ynspannings fan Wynfrith hienen gjin sukses. Nei in jier kaam er werom nei Nursling, dêr't er ta abt keazen waard.

Yn 718 gong Wynfrith nei Rome dêr't er yn 719 fan paus Gregorius II de opdracht krige ta evangelisaasje-wurk yn Beieren, Túringen, Hessen en Fryslân en de reorganisaasje fan de tsjerke dêr. Fan him krige er ek de namme Bonifatius, bringer fan it goede. Fiif jier wie er aktyf yn Hessen en Túringen. Syn oanpak wie it ferneatigjen fan hillige bylden en tempels fan de ynwenners. Yn 721 besocht er ek Willibrord, dêr't er mooglik mei gearwurke hat yn Fryslân besuden de Ryn. Op 30 novimber 722 waard er biskop makke oer de gebieten dêr't er aktyf yn wie.

Om in ein te meitsjen oan de tolerânsje tusken kristenen en oarsleauwenden ûnder de Saksen liet Bonifatius yn 723 de hillige iik fan Thunor omkappe. Dy stie yn Geismar, op de grins fan it kristlike Hessen en it meast net-kristlike Nedersaksen, en waard ek troch kristenen besocht. Faak wurdt dit sjoen as it begjin fan it kerstenjen fan Dútslân. Yn 732 brocht er yn Rome rapport út fan syn hanneljen, en waard er troch paus Gregorius III aartsbiskop oer Dútslân makke. Bonifatius gong werom nei Dútslân en gong fierder mei syn wurk. By syn tredde besite oan Rome, yn 737/738 waard er legaat fan de paus foar Dútslân makke.

As legaat fan de Paus stifte er yn Beieren yn 739 bisdommen yn Salzburch, Regensburch, Freising en Passau. Fierder nei it noarden makke er yn 742 Búraburch, Wúrzburch en Erfurt ta bisdommen. Yn 742 of 744 waard troch syn folgeling Stormi, mei stipe fan Bonifatius, it Benediktynske kleaster Fulda stifte. Op 1 maaie 748 waard Bonifatius troch paus Zacharias Mainz tawiisd as sit. Mooglik wie yn 751 Bonifatius dejinge dy't Pippyn de Koarte ta kening oer de Franken kroande.

Stânbyld fan Bonifatius mei de kapelle.

Yn 754 gong er as in âld man werom nei de Friezen, om te dwaan wat him earder net slagge wie: it bekearen fan de Friezen ta it Kristendom. Hy doopte in grut tal fan Friezen, mar doe't er net fier fan Dokkum minsken oproppen hie ta in gearkomste, waard er dêr deade, tegearre mei helpbiskop Eoban en mear as fyftich oare selskipslju. Eardere skiedskriuwers hawwe it oer moard, guon histoarisy fan distiid tinke dat sprake wie fan deaslach. Bonifatius soe mei syn gefolch net ûnferhoeds oerfallen wêze mar kaam by in iepenlik wappen treffen om it libben. Hy waard byset yn de Sint-Salvatortsjerke yn Utert en waard letter oerbrocht nei it kleaster Fulda. In relikwy fan Bonifatius wurdt bewarre yn Eibingen.

Bonifatius waard al fluch as in hillige sjoen, mar de befêstiging dêrfan kaam earst op 11 juny 1874 doe't er trocht Paus Pius IX kanonisearre waard. Syn Roomske nammedei is 5 juny, syn Otterdokse nammedei is 19 desimber. Elts jier komt de Dútske konferinsje fan biskoppen gear by it grêf fan Bonifatius. Yn Dokkum waard, mooglik troch Liudger, in tsjerke wijd oan Bonifatius, dêr't letter in Augustynsk kleaster by stifte waard. De Bonifatiusboarne, op it plak dêr't Bonifatius neffens oerlevering ferstoarn is, is in beafeartsplak wurden. Mei troch Titus Brandsma waard hjir de Bonifatiuskapelle boud. Sûnt 1956 is Dokkum it offisjele beafeartsplak fan it bisdom Grins. Yn 1962 waard yn Dokkum in stânbyld foar Bonifatius oprjochte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Literatuer
  • B. Jongma, De H. Bonifatius - syn libben en syn wirk, Ljouwert 1938
  • Akky van der Veer, Bonifatius en syn tiid, Ljouwert 2004, ISBN 90-5615-088-X
Keppeling om utens