Springe nei ynhâld

Ingel

Ut Wikipedy
De aartsingel Michael.

In ingel (froulike foarm: ingelinne), soms ek wolris himeling neamd, is in mytysk wêzen dat foarkomt yn 'e mytologyen fan ferskate godstsjinsten. De bekendste foarm is ûntliend oan 'e abrahamityske religyen: joadendom, kristendom, islaam, mandeïsme en bahaïsme. Yn dy nau besibbe godstsjinsten wurde ingels yn 'e regel foarsteld as goedaardige himelske geasten mei boppenatuerlike krêften, dy't in minsklik skynlichem oannimme mei grutte wite wjukken op 'e rêch. Hja binne tsjinners fan 'e almachtige God, waans wil se útfiere. Dêrnjonken binne der ek de fallen ingels, dy't yn opstân kommen wêze soene tsjin God, en neitiid út 'e himel ferballe waarden nei de hel. Der binne ferskate oare godstsjinsten dêr't ingels yn foarkomme, lykas yn it soroästrisme. De teologyske stúdzje nei ingels hjit de angelology.

It Fryske wurd 'ingel' komt fan it Latynske angelus, dat letterlik "boadskipper" betsjut. Dat is sels wer ûntliend fan it Grykske ἄγγελος, aggelos, dat troch net-Gryksktaligen yn 'e regel fonetysk transliterearre wurdt as angelos. It tinken is dat de ierste foarm fan dat Grykske wurd it Myseenske a-ke-ro is, dat oerlevere is yn it Lineêr B-skrift. Mooglik wie dat oarspronklik in ûntliening út it Perzysk, fan angaros ("boadskipper te pearde"). Yn it Hebriuwsk is de term foar 'ingel' מלאך, mal’āḵ, dat ienfâldichwei "boadskipper" betsjut.

De oantsjutting 'boadskipper' jout mei-iens wer wat de wichtichtste (of alteast bekendste) rol fan ingels yn 'e abrahamityske religyen is, nammentlik om as tuskenpersoanen te fungearjen tusken God (of de himel yn algemiene sin) en de minskheid. In oare faak neamde rol fan ingels is om ien of mear spesifike minsken te behoedzjen foar ûnheil; sokke ingels wurde beskermingels neamd. Binnen de abrahamityske religyen wurde ingels ornaris organisearre yn (per godstsjinst ferskillende) hierargyen, wêrby't de heechstpleatste ingels de saneamde aartsingels binne. De wichtichste ingels binne dan by namme bekend, lykas de aartsingels Michael, Gabriël, Rafael en Uriël, of by bynamme of titel, lykas de Ingel fan de Dea. Michael wurdt dêrby de rol fan generaal fan 'e himelske legermacht jûn, dy't tsjin 'e krêften fan it kwea stride soe. Yn it soroästrisme binne ingels gjin boadskippers fan god, mar bestriders fan demoanen, hoewol't se dêrnjonken ek as beskermingels fungearje.

God en twa ingels besykje de aartsfaar Abraham en krije fan him in miel foarset (Genesis 18).

Ingels yn it joadendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike foarstelling fan ingels yn it joadendom wie dy fan wêzens makke fan ljocht, dy't in minsklike foarm oannimme koene, lykas yn Genesis 19, dêr't twa ingels yn 'e momkape fan sljochtwei manlju de doemde stêd Sodom yngeane om Lot en syn húshâlding te rêden. Pas yn 'e lettere boeken fan it Alde Testamint nimme ingels foar it earst it stal oan fan 'e wjukte, net rjocht minsklike mar ek net rjocht godlike wêzens, dy't bekend binne út 'e mytology en de keunst. Yn it boek Daniël wurde foar it earst twa ingels by namme neamd: Gabriël, de foarnaamste boadskipper fan God (Daniël 9:21), en Michael, de kommandant en foarfjochter fan 'e himelske legermacht (Daniël 10:13).

Neffens angelolooch Michael D. Coogan wiene ingels, dy't oarspronklik wol omskreaun waarden as "de soannen fan God", ier yn harren ûntwikkeling amper fan God sels te ûnderskieden. Mar doe't it joadendom him ûnder en nei ôfrin fan 'e Babyloanyske Ballingskip ûntjoech ta in strang monoteïstyske godstsjinst, waarden se effektyf yn rang weromset. Sa ûntstie fan harren it byld dat hjoed de dei yn grutte halen noch oerhearsket: as wêzens skepen troch God, mar ûnstjerlik en dêrom superieur oan minsken. Dat konsept kin neffens Coogan it bêste útlein wurde as it tsjinstelde fan demoanen. Om't it ûntstie yn 'e tiid fan 'e Babyloanyske Ballingskip, miene in protte teologen dêr de ynfloed fan it (Perzyske) soroästrisme yn ûntdekke te kinnen, dat in dualistyske religy is dy't de wrâld sjocht as in slachfjild tusken de krêften fan goed en kwea.

Der binne ferskate bekende ferskinings fan ingels yn 'e joadske Bibel (dy't fierhinne oerienkomt mei it kristlike Alde Testamint). Sa set God yn Genesis 3:24 kearûb-ingels yn om Adam en Eva út te wizen by de Ferballing út de Hôf fan Eden. Yn Genesis 18 ferskynt God mei twa ingels oan 'e aartsfaar Abraham om 'e Ferwuostging fan Sodom en Gomorra oan te sizzen. De beide ingels kringe dêrnei yn Genesis 19 de stêd Sodom binnen om Abraham syn omkesizzer Lot en dy syn húshâlding te evakuëarjen. Yn Genesis 32:25-33 wrakselet de aartsfaar Jakob nachts mei God oan 'e igge fan 'e rivier de Jabbok. Lettere joadske sawol as kristlike werjeften fan dat ferhaal sprekke gauris fan in "ingel fan God", hoewol't de bibeltekst der helder oer is dat it om God sels giet.

De aartsfaar Jakob wrakselet mei de ingel fan God (of God sels) yn Genesis 32:25-33, wêrjûn op in skilderij fan Gustave Doré.

Yn Exodus 12:29-30 stjoert God by wize fan 'e tsiende pleach de Ingel fan de Dea, "de ferneatiger" (Exodus 12:23), troch it lân Egypte om yn alle húshâldings de âldste soan te deadzjen en de farao dêrmei te twingen om 'e Israeliten frij te litten út 'e slavernij. Yn Daniël 3:25 stjoert God in ingel om 'e fromme joaden Sadrak, Mesjak en Abednego te rêden fan 'e ferbrâningsdea yn 'e ûne fan 'e Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II, dêr't se yn smiten wurde om't se har net delbûge wolle foar de kening. En yn Daniël 6:11-25 (spesifyk neamd yn 6:22) stjoert God in ingel om 'e profeet Daniël te rêden fan 'e liuwen as de eallju fan it Perzyske Ryk kening Darius twinge om Daniël yn 'e liuwekûle goaie te litten.

Ingels yn it kristendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It út it joadendom ûntstiene kristendom urf syn ideeën oer ingels fan it joadendom. Yn 'e iere tsjerke waarden ingels simpelwei karakterisearre as boadskippers fan God. Letter waarden guon op yndividuële basis identifisearre, benammen de fjouwer aartsingels. Yn 'e perioade fan 'e trêde oant en mei de fyfde iuw naam it kristlike byld fan 'e ingels syn definitive foarm oan, dy't tsjintwurdich noch werom te finen is yn sawol teology as keunst. De tige ynfloedrike tsjerkfaar Augustinus fan Hippo skreau oer ingels: " 'Ingel' is de namme fan harren funksje, net fan harren natuer. As men de namme fan harren natuer siket, is dat 'geast'; as men de namme fan harren funksje siket, is dat 'ingel'. Wat se binne: 'geast'; wat se dogge: 'ingel'."

Tsjin 'e lette fjirde iuw wiene de tsjerkfaars it deroer iens dat der ferskate kategoryen ingels bestiene, allegear mei harren eigen taken en aktiviteiten. Oer wat ingels krekt wiene, bestie lykwols ûnienichheid, mei't guon hawwe woene dat ingels fysike lichems hiene, wylst oaren fan tinken wiene dat se folslein geastlike wêzens wiene. Ek de fraach ynhoefier't ingels godlik wiene, late ta strideraasje. Wol wie men it der yn 'e kristlike teology oer iens dat de ingel boppe de minske stiet, mar ûnder de Trije-ienheid (God, Jezus Kristus en de Hillige Geast). Dat lêste dogma waard basearre op Psalm 8:6, dêr't stiet: "Jo hawwe him [de minske] mar in kromke minder makke as de himelingen, [...]".

Op it skilderij Schützengel, fan Bernhard Plockhorst, is in beskermingel te sjen dy't wekket oer in pear bern op 'e râne fan in klif.

In oar kristlik dogma oer ingels, fêstlein op it Fjirde Lateraanske Konsylje fan 1215, is dat se krekt as de minske skepen binne troch God. De grûnslach dêrfoar binne de teksten fan Psalm 148:1-6, dêr't stiet: "[...] Loovje Him al syn ingels, [...] want op syn befel binne se skepen; Hy joech har foar altyd en ivich it bestean [...]" en fan Kolossers 1:16, dêr't stiet: "Want yn [God] syn hân is alles skepen yn 'e himel en op ierde, wat men sjen kin en wat men net sjen kin [...]". Op it Fjirde Lateraanske Konsylje waard ek fêstlein dat ingels earder skepen wiene as minsken. Noch wer in oar kristlik dogma is dat hoewol't ingels gruttere kennis (en dêrmei macht) hawwe as minsken, se net alwittend binne. Dat learstik is basearre op Mattéus 24:36, dêr't stiet: "Dy dei en dy oere wit gjinien wat fan, ek de ingels yn 'e himel en de Soan net, allinne de Heit."

Yn 'e hjoeddeistige Westerske kultuer binne ingels benammen bekend út 'e ferhalen út it Nije Testamint dy't te krijen hawwe mei de berte fan Jezus. Foarôfgeande dêroan wurdt yn Lukas 1:11-20 de berte fan Jehannes de Doper oan dy syn heit Sacharías oansein troch "in ingel fan de Hear" dy't fierders net by namme neamd wurdt. Dêrnei wurdt yn Lukas 1:26-38 de faam Marije besocht troch de aartsingel Gabriël, dy't har de berte fan in soan (Jezus) oanseit. Yn Lukas 2:8-12 wurde fuort nei de berte fan Jezus, by de saneamde Ferkundiging oan de Hoeders, yn 'e fjilden by Betlehim guon skieppehoeders besocht troch in ingel, dy't harren de berte fan harren ferlosser buorkundich makket. Yn Lukas 2:13-14 jout him by dy ingel in "grut himelsk leger dat Gods lof song".

In oare bekende passaazje mei ingels wurdt beskreaun yn Mattéus 28:2-7, dêr't nei de Krusiging fan Jezus by syn grêf in ingel ferskynt oan guon fan syn froulike folgelingen, de swiere stien foar de yngong fan 'e tombe weirôlet en harren syn ferrizenis út 'e dea ferkundiget. Yn Hannelingen 1:10-11 ferskine oan 'e apostels nei de Himelfeart fan Jezus "twa manlju [...] yn wite klean", wêrfan't ornaris oannommen wurdt dat dêrmei ingels bedoeld wurde. Der binne noch ferskate minder bekende ferskinings fan ingels yn it Nije Testamint. Sa wurdt Jezus yn Mattéus 4:11 troch ingels fersoarge nei de Ferlieding yn de Woastyn. En yn Lukas 22:43 ferskynt der in ingel oan Jezus ûnder syn Gebed op de Oliveberch.

Ingels yn it mormonisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen en de ferskate ôfspjaltings dêrfan hâlde der in ôfwikende miening oer ingels op nei. Ingels wurde yn 'e mormoanske tradysje benammen sjoen as boadskippers fan God, dy't de geasten fan fromme minsken binne. Dy binne ferstoarn, mar opwekke út 'e dea en harren fysike lichems fan fleis en bien binne omset nei geastlike foarm. De profeet Joseph Smith sei dêroer: "Der binne gjin ingels dy't dizze ierde tsjinje útsein dy dy't derta hearre of derta heard hawwe." Sadwaande leauwe mormoanen dat Adam, de earste minske, no de aartsingel Michael is, dat de ingel Gabriël oarspronklik as Noäch op 'e ierde libbe, en dat de ingel Moroni, dy't in krúsjale rol spile by de grûnlizzing fan it mormonisme, oarspronklik in fyfde-iuwske Yndiaanske profeet mei deselde namme wie.

Op it skilderij Kristus i Getsemane, fan Carl Heinrich Bloch, út 1873, wurdt Jezus yn Lukas 22:43 treastge troch in ingel ûnder it Gebed op de Oliveberch.

Ingels yn 'e islaam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De islaam, dy't by syn ûntstean sterk troch sawol it joadendom as it kristendom beynfloede waard, borduerre fuort op 'e ideeën omtrint ingels dy't yn 'e sânde iuw bestiene. Yn 'e Koraan wurde ingels oantsjut mei it Arabyske wurd ملك‎, malak, dat krekt as oare wurden foar 'ingel' rûchwei de betsjutting fan 'boadskipper' hat. Guon ingels, lykas Gabriël en Michael, wurde yn 'e Koraan by namme neamd, wylst oaren inkeld oantsjut wurde nei harren funksje. De bekendste ferskining fan in ingel yn 'e islaam wie de rige bangmeitsjende, tramtearjende moetings dy't de profeet Mohammed oer in perioade fan 23 jier hie mei de aartsingel Gabriël, dy't him regel foar regel, fers foar fers de tekst fan 'e Koraan iepenbiere.

Taken fan ingels yn 'e islaam binne û.m. it trochjaan (oan minsken) fan iepenbierings fan God, it ferhearlikjen fan God, it yn 'e rekken hâlden en fêstlizzen fan 'e dieden fan alle minsken, en it opnimmen fan 'e siel fan eltse minske by syn of har ferstjerren. Fan uterlik ferskille ingels yn 'e islaam net folle fan 'e foarstelling fan ingels yn it kristendom. In ferskil is wol dat der yn 'e islaam o sa de klam op lein wurdt dat ingels gjin lichaamlike begearten kenne, en dus nea ite of drinke, lit stean dat se ea langje soene nei it hawwen fan geslachtsmienskip. Hoewol't it leauwen yn it bestean fan ingels noch altyd ien fan 'e Seis Leauwensartikels fan 'e islaam is, hat dy godstsjinst nea in dogmatyske angelology ûntwikkele, sa't dy yn it kristendom bestiet.

Ingels yn it bahaïsme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ideeën fan 'e relatyf jonge godstsjinst fan it bahaïsme binne it mormoanske byld fan ingels net wanlyk. Yn syn Kitáb-i-Íqán ("Boek fan Wissichheid") beskreau Bahá’u’lláh (1817-1892), de stifter fan it bahaïsme, ingels as minsken dy't "mei it fjoer fan 'e leafde fan God alle minsklike eigenskppen en beheinings fuortbaarnd hawwe," en dy't "harsels klaaid" hawwe mei de attributen fan ingels en "bejeftige rekke binne mei it tabehear fan it geastlike." De bahaïstyske foaroanman ’Abdu’l-Bahá (1844-1921) beskreau ingels as de "befêstigings fan God en Syn himelske krêften" en as "sillige wêzens dy't alle bannen mei dizze ûnderwrâld trochsnien hawwe" en "frijlitten binne fan 'e keatlings fan it sels" en dêrtroch "ûntbleaters fan Gods oerfloedige graasje" wurden binne.

Ingels yn it soroästrisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it soroästrisme, dat net in abrahamityske godstsjinst is, besteane ferskate ingel-eftige wêzens. Sa leauwe soästriërs bygelyks dat eltse persoan in eigen beskermingel hat, in fravasji. Sokke wêzens begeliede minsken en bisten troch it libben en manifestearje dêropta de enerzjy fan God. De amesja spenta's wurde ek gauris beskôge as ingels, hoewol't der fan harren gjin ferwizings bekend binne oangeande it oerbringen fan boadskippen. Se wurde sjoen as wêzens dy't fuortkomme út Ahoera Mazda, de "Wize Hear" (God), en wa har taak it is om demoanen te befjochtsjen. Yn it iere soroästrisme waarden de amesja spenta's yn abstrakte foarm beskreaun, mar meitiid rekken se personalisearre en assosjearre mei ferskate aspekten fan 'e godlike skepping.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.