Springe nei ynhâld

Jant Visser-Bakker

Ut Wikipedy

Jant Bakker (Akkrum, 12 maaie 1906 - Ljouwert, 9 juny 1992), skûlnamme Muoike Jant, wie in Frysk skriuwster.

Hja groeide op yn Akkrum dêr't har heit in ferverssaak hie. Se hat har bernejierren yn Akkrum letter beskreaun yn it yn 1991 ferskynde boek It doarp fan Anne. Nei har oplieding oan de kweekskoalle op It Hearrenfean krige se in baan oan de iepenbiere legere skoalle fan Wikel. Doe't dy skoalle oardel jier letter kristlik waard, naam se ûntslach. Jant Visser-Bakker hat har letter oansletten by de SDAP. Omdat der doedestiids yn Fryslân net folle wurk wie by it ûnderwiis, bedarre se yn it Noard-Hollânske Krommenie. Hja skreau stikjes foar bern yn Sljucht en Rjucht en yn it bernekrantsje fan De Proletarische Vrouw. Se skreau yn it Hollânsk, want Frysk skriuwe hie se noch net yn 'e macht. Omdat se it Frysk skriuwen wol graach better leare woe, besocht se werom te gean nei Fryslân. In pear jier letter krige se in beneaming yn Eastermar, yn 1935, troude se mei Jan Visser. It jonge pear ferhuze nei Appelskea, dêr't se behearders waarden fan de jeugdherberch 'Us Blau Hiem'. Se moasten dêr in pear jier letter wei omdat de Dútsers, sa't se dat letter ris sei, de jeugdherberch 'ynpikten'.

Nei in pear jier yn Snits kamen se wer yn Akkrum te wenjen, de húshâlding wie yntusken útwreide mei fiif bern. Yn 1953 kaam Jant Visser-Bakker werom yn it ûnderwiis en stie doe yn Terherne, oan de skoalle fan master Roel Bergsma. Se hat dêr achttjin jier foar de klas stien.

Yn 1956 waard de skoalle yn Terherne twatalich. Frysk lesmateriaal wie der net foarhannen, in reden foar Visser-Bakker om dat dan sels mar te meitsjen. Mei it skriuwen fan Fryske berneboeken wie se al earder út ein set, yn 1932 debutearre se mei Fen twa lytse famkes, dat ferskynde mei in omslachtekening fan Tseard Bottema. Der soenen noch in soad boeken folgje. Guon fan har berneboeken binne yllustrearre troch har âldste dochter Anneke. Eppie Dam typearre de berneboeken van Visser-Bakker mei begripen as helder, leaf en ûndogens (Frysk & Frij). Tineke Steenmeijer-Wielenga foege dêr noch wiis en myld oan ta (De Oesdrip, twadde ôflevering 1992). Jant Visser-Bakker hat mei har oarspronklik Fryske berneboeken mei de toan set foar de Fryske berne- en jeugdliteratuer sa as dy him yn letter jierren ûntjaan soe. Yn de tiid dat Jant Visser-Bakker har berneboeken skreau, ûntwikkele de berneliteratuer har fan belearend-moralistysk nei in literatuer dy't oanslute woe by de belibbingswrâld fan it bern. Ta dy ûntjouwing hat Jant Visser-Bakker in belangrike bydrage levere.

Yn de Ljouwerter Krante skreaun se de bernerubryk mei as titel 'It praethoekje foar Fryske bern', as opfolchster fan frou Welmoed Dijkstra-Talsma ('Muoike Wike') ophâlde moast, ûnder de nammed 'Juffer Jant'. Hja frege troch de doedestiidske haadredakteur Jan Piebenga. Se hat mear as fiifentweintich jier de rubryk foar 'de Ljouwerter' fersoarge. It 'praathoekje'krige yn de begjinjierren alle wiken wol sa'n hûndert briefkes fan bern. Al dy bern krigen antwurd fan har yn 'e krante. De briefkes en de antwurden wiene yn it Frysk, der binne sadwaande hiele generaasjes bern troch 'muoike Jant' mei it Frysk skriuwen yn 'e kunde kommen.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jant Visser- Bakker hat diel útmakke fan in eksperimintgroep foar it twatalich ûnderwiis. Doe't yn it lêst fan de jierren santich sprake wie fan in staveringsferoaring foar it Frysk hat Visser-Bakker in sit hân yn de kommisje foar de proefstavering. Se sette boeken oer út it Nederlânsk, mar ek út it Dútsk. Dêrfoar oer binne ek boeken fan Jant Visser-Bakker oerset yn it Nederlânsk en yn de trije Fryske dialekten fan Noard-Dútslân.

Se hie each foar de wearde fan wat fan âlds oerlevere wie út de folksliteratuer, sa hat se fjirtich jier lang rymkes, âlde skutte-, widze- en strjittesankjes sammele. Dy binne bondele en yn 1977 útjûn yn in boekje mei de titel Hop hop hynke: âlde Fryske rymkes. Njonken berneboeken skreau se tusken 1950 en 1960 sân grutte sjongspullen foar de skoalbern fan Terherne. Fierders skreau se toanielstikken foar bern en foar de RONO harkspultsjes.

  • Fen twa lytse famkes (1932)
  • De Pôllebern (1935)
  • Wytse, in jonge út 'e Wâlden (tegearre mei har man Jan Visser, 1937)
  • As de dagen koarte (1941)
  • Op en om Rûchherne (1951)
  • Fan Kokke, Kike en Kekke (1952)
  • It boek foar de Fryske bern (mei Tiny Mulder en Diet Huber, 1954)
  • Durk en Djoke (1956)
  • Durk en Djoke wurde greater (1959)
  • Dei sinne : opsisferskes foar beukers (1964)
  • Nei kabouterbosk (1967)
  • De moanne Kikeloer : in boekje mei ferskes foar ús jonge foardragers (1967)
  • Muoike, ús heit syn jild is al wer op (1970)
  • Fon Krik en Krak (1971)
  • It aapke Sam (1972)
  • De readmûtskes (op 'e nij bewurke, 1973)
  • Oer blommen (mei J. Reinalda en T. Bakker, 1974)
  • It spûk by de mole : in aventoer yn 'e fakânsje (1974)
  • Oardeltsje, it einepykje (1974)
  • Bor, it rindier (1974)
  • De frjemde reis nei kleurestêd (1974)
  • It Hiphûs ; Os bjemmen op reis wolle ; Fon trije bearkes (1974)
  • Jon Dop, it ikelmontsje : un jerstferhaaltsje (1975)
  • Pyfke, lokomotyfke (1977)
  • Hop hop hynke : âlde Fryske rymkes (1977)
  • De sopheks (1978)
  • Beitske (1978)
  • De brijreus (1978)
  • Fan Tryntsjemuoi en Duotsjemuoi : in âld tekenferhaaltsje fan beppe (tekeningen fan Anneke Buizer-Visser, 1978)
  • Ut winkeltsje (1978)
  • Pyfke lokomotyfke rint as it spoar ( beukerrymkes, 1983)
  • De bimbamtoer (1985)
  • De grabbeltonne: in fan-alles-en-noch-wat-boek foar bern fan 8-12 jier (1985)
  • Fan Syp en Sip (4-dielige rige, 1949)
  • Fan Hanneman (lêsboekje foar de Fryske skoalle, 1957)
  • Ús lêshûkje (1967)
  • Sels lêze (oerset nei Cas Klavier, 1973)
  • De ballon fon Roel (rige: Ik kin al lêze, 1977)
  • Jûpy (1978)

Oersettings (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sopheks, oerset yn it Noard- en it Eastfrysk ûnder de titels: Sooshäks, Suurheks en At sopheks (skoalútjeften, 1978-1983)
  • Van Trientjemoei en Dientjemoei : een oud tekenverhaaltje van oma ('Fan Tryntsjemuoi en Duotsjemuoi: in âld tekenferhaaltsje fan beppe'; oersetting: Wieke Veenstra; yllustraasjes: Anneke Buizer-Visser, 1981)
  • It spûkje (Das kleine Gespenst, fan Otfried Preussler, 1984)
  • De moaiste mearkes (nei de bruorren Grimm, 1983)
  • De faaie kolk (Het vege kolkje, fan Alet Schouten, 1987)
  • It doarp fan Anne (1992)
  • 1944 - Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar: Wytse, in jonge út 'e Wâlden
  • 1948 - Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar: It haedstik fan de sinne
  • 1951 - Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar: Op en om Rûchherne
  • ‘Salang’t jo de humor noch mar wat fêsthâlde…’, Leeuwarder Courant, 1-9-1984.
  • M.J. Broersma, Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant, 1752 - 2002 (Ljouwert 2002).
  • J. van der Weg, ‘Ik kom út in fertellerige famylje: Jant Visser-Bakker har bydrage oan de Fryske berneliteratuer’, De Moanne 2 (september 2003) 48-54.
  • A. Buma-Feenstra, ‘Muoike Wike en Muoike Jant fertsjinje ek in trein’, Ljouwerter Krante, 13-4-2006.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: