Arthur Wellesley, hartoch fan Wellington
Arthur Wellesley, 1e hertog fan Wellington (Mornington House, Dublin, 1 maaie 1769 – Walmer Castle by Dover, 14 septimber 1852), mei de bynamme Izeren Hartoch, wie in Britsk-Iersk militêr oanfierder en letter steatsman fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân. Hy fersloech Napoleon yn de Slach by Waterloo (1815).
Wellesley, burggreve (1809), greve (febrewaris 1812), markys (oktober 1812) en sûnt 1814 hartoch fan Wellington, wie befelhawwer fan de Britske troepen yn de Spaanske Unôfhinklikensoarloch (1808 – 1814). Hy tsjinne ek as premier fan it Feriene Keninkryk fan 1828 oant 1830.
Under mear waard de haadstêd fan Nij-Seelân, Wellington, nei him ferneamd. Teffens krige it gerjocht Beef Wellington syn namme en ek de Wellington boots ("Wellies"), de Ingelske oantsjutting foar rubberlearzens.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
- Stobbe-skiednis
- Ierske adel
- Iersk generaal
- Iersk diplomaat
- Iersk politikus
- Iersk parlemintslid (foar 1801)
- Ingelske adel
- Ingelsk generaal
- Ingelsk diplomaat
- Ingelsk politikus
- Britsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen
- Lid fan it Britske Legerhûs
- Britsk minister fan Bûtenlânske Saken
- Hartoch
- Iersk persoan fan Ingelsk komôf
- Ingelsk persoan fan Iersk komôf
- Persoan berne yn 1769
- Persoan stoarn yn 1852