Springe nei ynhâld

Hantumerútbuorren

Ut Wikipedy
de himrik fan Hantumerútbuorren

Hantumerútbuorren is in útbuorren dy't yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumerútbuorren leit noardlik fan Dokkum, eastlik fan De Lytse Jouwer, westlik fan Nijewier en besuden Hantumhuzen. Yn 2022 hie de Hantumerútbuorren 65 ynwenners.

De buorskippen Bierum en Raarderterp hearre ek by Hantumerútbuorren.

Yn 'e rin fan de tiid krigen de Bernardynske kleasters Klaarkamp by Rinsumageast en Sion by Nijewier lân yn besit. Se krigen sels safolle dat der besletten waard om der in úthôf te stiftsjen. De omjouwing wie der gaadlik foar. It lei iensum en oer de Peazens koenen de produkten ôffierd wurde. De úthôf is noait útgroeid ta in kleaster. Wol hawwe der splitsings west. Neist it Germerthûs waard it Nijenhûs boud. It is ek noch in twadde kear splitst Nijenhûs en Germerthûs bestienen doe út twa pleatsen. Germerthûs waard sa opsplitst ta it Germerthûs en it, no al lang ôfbrutsen, Kommerhûs. Yn 1874 waard it Germerthûs de namme Jagtlust jûn.

Hantumerútbuorren, mei 13 stimmen, brocht de 8ste stim út yn de gritenij West-Dongeradiel. De kleasters, hjir dus in úthôf, stimden mei as wienen se in doarp.

Letter is de úthôf opheft en waard de grûn ferhierd en foar in part oan de hierder ferkocht. It hierkontrakt fan Germerthûs is bewarre bleaun. Douwe Syurts moast neist de hier fan 33 goudgûnen, in tûne reade bûter (maitiidsbûter) en sied foar in kwart pûnsmiet oan Sion leverje. Boppedat moast er sân weinen turf foar it kleaster út de Dokkumer Wâlden ophelje.

Anders Minnes Wijbenga

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske skriuwer en dichter Anders Minnes Wijbenga is op 25 oktober 1881 yn Nijewier krekt oan de oare kant fan de Peazens berne. Hy wie in soan fan Minne Andres Wijbenga. Dy hie dêr yn 1876 in lytse pleats sette litten. Dy wurdt no it Anne Minnes Wijbengahûs neamd. Formeel wie Wijbenga dus gjin Hantumerútbuorster. Dochs wurdt hy troch de minsken fan 'de oare kant' as ien fan harren beskôge.

Yn syn boek Fan leed en lok (Snits, 1939) beskriuwt Wijbenga ek it Twapleatselân. Hy hat dêryn folksferhalen fêstlein.

It doarp is wat in útsûndering; der hat noait in tsjerke of in skoalle stien mar it wurdt dochs as doarp beskôge. Mei Hantum hat Hantumerútbuorren ien Feriening Doarpsbelang. It doarpsblêd "4H" foar Hantum – Hantumhuzen – Hantumerútbuorren - De Lytse Jouwer hjit "Hichtepunten".

Dokkumerwei, Droppingwei, Fennewei, Jagtlustwei, Miedwei, Portmawei, Staplânwei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hantumerútbuorren fan Wikimedia Commons.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje