Hieroglyf
Appearance
(Trochferwiisd fan Hieroglifen)
In hieroglyf of hieroglive is in piktogram dat in wurd, morfeem of klank foarstelt. Oarspronklik ferwiist de term nei de Egyptyske hieroglifen, mar slacht ek op oare skriften as Hieroglifenhettitysk en Maya- en Mi'kmaq.
Egyptyske hieroglifen waarden lange jierren sjoen as tekens dêr't de betsjutting net fan te efterheljen wie. It slagge de Frânsman Jean-François Champollion yn 1822 as earste om se te ûntsiferjen mei help fan de Stien fan Rosetta. Op dy stien stie in tekst mei deselde ynhâld yn trije talen: it Aldgryksk, it Demotysk en it Egyptyske hieroglifenskrift.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hieroglyphs fan Wikimedia Commons. |