Keninkryk Noardumbrje
Noardumbrje (Ingelsk: Northumbria) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.
Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernisia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dy titel.
Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Noardumbrje yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Noardumbrje op te bestean as selsstannich keninkryk.
De namme Noardumbrje wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Noardumberlân.
Keningen fan Noardumbrje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Bernisia en Deira (lykas yn gefal fan oare hearskers yn de heptargy) binne net hieldal wis.
Namme | Perioade | Opmerkingen |
---|---|---|
Esa | ± 500 | fan Bernisia |
Eoppa | ± 520 | fan Bernisia |
Ida | 547 - 559 | fan Bernisia |
Glappa | 559 - 560 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Aelle | 559 - 589 | fan Deira |
Adda | 560 - 568 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Aethelric | 568 - 572 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Theodric | 572 - 579 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Frithuwald | 579 - 585 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Hussa | 585 - 592 | fan Bernisia; soan fan Ida |
Aethelric | 589 - 604 | fan Deira |
Aethelfrith | 593 - 616 604 - 616 |
fan Bernisia; soan fan Aethelric fan Deira |
Edwin | 616 - 633 | fan Deira + Bernisia; soan fan Aelle |
Eanfrith | 633 - 634 | fan Bernisia; soan fan Aethelfrith |
Osric | 633 - 634 | fan Deira; neef fan Edwin |
Oswald | 633 - 642 634 - 642 |
fan Deira; soan fan Aethelfrith Bernisia |
Oswiu | 642 - 655 | fan Bernisia; soan fan Aethelfrith |
Oswine | 644 - 651 | fan Deira; soan fan Osric |
Aethelwold | 651 - 655 | fan Deira; soan fan Oswald |
655 | Deira foarmet mei Bernisia it keninkryk Noardumbrje | |
Oswiu | 655 - 670 | |
656 - 664 | Aelhfrith, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu; | |
Ecgfrith | 670 - 688 | soan fan Oswiu |
670 - 679 | Aelfwine, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu | |
Aldfrith | 688 - 704 | soan fan Oswiu |
Eadwulf | 704 - 705 | soan fan Aldfrith |
Osred I | 705 - 716 | soan fan Aldfrith |
Coenred | 716 - 718 | |
Osric | 718 - 729 | (mooglik) soan fan Aldfrith |
Ceolwulf | 729 - 737 | broer fan Coenred |
Eadberht | 737 - 758 | |
Oswulf | 758 - 759 | soan fan Eadberht |
Aethelwald Moll | 759 - 765 | |
Alhred | 765 - 774 | |
Aethelred I | 774 - 778 | soan fan Aethelwald Moll |
Aelfwald I | 778 - 779 | soan fan Oswulf |
Osred II | 779 - 790 | soan fan Alhred |
Aethelred I | 790 - 796 | (op 'en nij) |
Osbald | 796 | |
Eardwulf | 796 - 806 | |
Aelfwald II | 806 - 808 | soan fan Oswulf |
Eardwulf | 808 - 830 | (op 'en nij) |
Eanred | 810 - 844 | soan fan Eardwulf |
Aethelred II | 840 - 844 | soan fan Eanred |
Readwulf | 844 | |
Aelfwald II | 844 - 848 | (op 'en nij) |
Osbaht | 848 - 862 | |
Aelle | 862 - 867 | |
Osberht | 867 |
Untfongen fan "http://nl.wikipedia.org/wiki/Koninkrijk_Northumbria"