Harrison Ford
Harrison Ford (Chicago, 13 july 1942), is in Amerikaansk akteur en filmprodusint fan mingd Iersk, Dútsk en Wytrussysk-Joadsk komôf. Hy wie oarspronklik timmerman fan berop, mar briek yn 1977 troch mei de rol fan Han Solo yn 'e Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Neitiid fertolke er deselde rol op 'e nij yn 'e oare beide films út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, en ek wied er yn 'e titelrol te sjen yn 'e Indiana Jones-filmsearje. Oare ferneamde films dêr't Ford yn spile, wiene Blade Runner, Witness, The Fugitive, Clear and Present Danger, Sabrina, Air Force One, Random Hearts, K-19: The Widowmaker, Cowboys & Aliens en 42. Neffens The Top 100 Movie Stars of All Time, in ranglist dy't gearstald waard yn 2008, hiene Ford syn films yn 'e Feriene Steaten allinne al $3,5 miljard opbrocht, wat fan him de op twa nei bêst ferkeapjende Amerikaanske filmstjer fan alle tiden makket.
Harrison Ford | ||
akteur | ||
Harrison Ford yn 2007. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Harrison Ford | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 july 1942 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Joadsk | |
jierren aktyf | 1966 – no | |
prizen | Saturn Award 1982, 2016 Cecil B. DeMille Award 2002 César d'Honneur 2010 | |
offisjele webside | ||
Harrison Ford op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeFord waard yn 1942 berne yn it Swedish Covenant Hospital yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Syn heit, Christopher Ford (berne as John William Ford), wie in reklameman dy't earder om 'e nocht besocht hie en bou in karriêre as akteur op, en syn mem, Dora Nidelman, dy't har Dorothy neame liet, wie in húsfrou en earder harkspulaktrise. Ford groeide op yn in húshâlding mei ien jongere broer, Terence, mei wa't er trije jier skeelde. Oan heitekant wiene syn pake en beppe John Fitzgerald Ford en Florence Veronica Niehaus fan Iersk, resp. Dútsk komôf, wylst syn pake en beppe oan memmekant, Harry Nidelman en Anna Lifschutz, Joadske ymmigranten út 'e Wytrussyske haadstêd Minsk wei wiene. Yn ferskate fraachpetearen hat Ford oanjûn dat er net botte religieus grutbrocht is, en dat syn roomsk-Iersk en joadsk erfskip gjin grutte ynfloeden yn syn libben west hawwe.
As jonge wie Ford aktyf yn 'e paadfinerij, by de Boy Scouts of America, dêr't er de heechste rang berikte, dy fan life scout. Yn 1960 helle er syn diploma foar de middelbere skoalle yn Park Ridge, yn Illinois, dêr't er û.m. by de radiostjoerder fan 'e sskoalle belutsen wie en ek kommentaar joech oer in lûdsprekkersysteem by sportwedstriden fan 'e skoalteams. Dêrnei studearre er filosofy oan it Ripon Kolleezje te Ripon, yn Wisconsin, dêr't er ek toanielles folge om oer syn skrutenens hinne te kommen. Neffens eigen sizzen rekke er doe ûnferwachts fassinearre troch aktearjen.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeNei't er yn 1964 in simmerseizoen yn Wisconsin by it toanielselskip de Belfry Players spile hie, ferfear Ford nei Los Angeles, yn Kalifornje, mei as doe om in aktearkarriêre nei te stribjen yn 'e filmyndustry fan Hollywood. De direkte oanlieding foar de ferhuzing wie dat er sollisitearje woe nei in baan foar voice-overs op 'e radio. Dy krige er net, mar dochs kearde er net werom nei Wisconsin. Uteinlik wist Ford in kontrakt foar $150 yn 'e wike te sluten fia in programma foar nij talint by de grutte filmstudio Columbia Pictures. Foar dat salaris spile er figuranterollen en oare lytse roltsjes yn films.
Ford syn ierst bekende ferskining op it wite doek wie in roltsje as pikkolo yn Dead Heat on a Merry-Go-Round, út 1966, dêr't er lykwols gjin fermelding op 'e ôftiteling foar krige. By de opnamen fan syn sêne yn dy film krige er in oanfarring mei filmprodusint Jerry Tokovsky, dy't ûntefreden wie oer syn aktearjen. Hy hold Ford foar dat as akteur Tony Curtis in pûde mei boadskippen besoarge, hy dat die as wied er in filmstjer; Ford fûn dat as er in pikkolo spile, hy him ek hâlde en drage moast as in pikkolo. Fan gefolgen kaam Ford ûnderoan 'e list mei figuranten te stean, en krige er de minste roltsjes taparte. Hokker oft dat krekt wiene, is net folle oer oerlevere.
Ien fan syn earste rollen wêrby't Ford tekst hie, wie dy fan in poerrazene automobilist yn Luv (1967), hoewol't er dêr likemin foar op 'e ôftiteling neamd waard. Sa'n fermelding krige er pas foar it earst yn 'e western A Time for Killing (1967), dêr't er "Harrison J. Ford" neamd waard. De "J." stie nearne foar, mei't Ford gjin middelnamme hat, mar waard tafoege om betizing foar te kommen mei in eardere akteur Harrison Ford, dy't tusken 1915 en 1932 yn mear as tachtich stomme films spile. Yn in letter fraachpetear murk Ford op dat er him folslein ûnbewust west hie fan it bestean fan syn nammegenoat oant er op in dei tafallich syn stjer op 'e Hollywood Walk of Fame tsjinkaam. Mei't de eardere Harrison Ford yn 1957 ferstoarn wie en tsjin 1967 al 35 jier net mear yn in film spile hie, wie der gjin driuwende needsaak ta ûnderskie, dat Ford liet de "J." al rillegau wer falle.
Yn 1967 makke Ford ek syn debút op 'e tillefyzje, mei in gastrol yn 'e westernsearje The Virginian. Yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren en de earste helte fan 'e 1970-er jierren hied er fierders gastrollen yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes lykas de plysjesearjes Ironside en The F.B.I., de westernsearje Gunsmoke en de fjochtsportsearje Kung Fu. Op it wite doek wied er ûnderwilens te sjen yn 'e western Journey to Shiloh (1968), en ek hied er in figuranteroltsje sûnder tekst as in arrestearre demonstrearjende studint yn Zabriskie Point (1970). De Frânske regisseur Jacques Demy keas Ford út foar de haadrol yn syn earste Amerikaanske film, Model Shop (1969), mar de studiobazen fan Columbia Pictures wiene fan miening dat Ford "gjin takomst yn 'e filmyndustry" hie, en stiene der by Demy op oan om in oare akteur te kiezen (dat waard úteinlik Gary Lockwood). Ford soe letter sizze dat it fertrouwen dat Demy yn him stelde likegoed in posityf effekt op him hân hie.
Mei't er ûngelokkich wie mei de roltsjes dy't him oanbean waarden, learde Ford himsels oan om mei hout te wurkjen, sadat er himsels en syn gesin bedrippe koe mei wurk as timmerman. Sa waard er ynhierd om in pear kokenkastkes yn te bouwen yn it hûs fan regisseur George Lucas. Op foarspraak fan casting director Fred Roos krige Ford yn 1973 in audysje foar in rol yn Lucas syn film American Graffiti, wêrby't it holp dat de mannen inoar koene. Lucas joech Ford doe syn earste grutte rol (sij it net de haadrol). Doe't regisseur Francis Ford Coppola grut súkses krige mei syn misdiefilm The Godfather, hierde er Ford yn om syn kantoar te fertimmerjen. Sa kaam Ford oan byrollen yn Coppola syn folgjende beide films: The Conversation (1974) en Apocalypse Now (1979).
Trochbraak
bewurkje seksjeTroch syn eardere rol yn American Graffiti waard Ford yn 1977 oannommen troch George Lucas om senarioteksten op te sizzen mei oare akteurs dy't audysje diene foar in rol yn Lucas syn nije projekt, de science fiction-film Star Wars. Ford seach in rol yn dy film sels ek wol sitten, en wist úteinlik Lucas te oertsjûgjen mei syn eigen audysje foar de rol fan 'e hierling Han Solo, in type fan rûge bast, geve pit. Yn 'e film hie Ford as tsjinspylster Carrie Fisher yn 'e rol fan prinsesse Leia. Star Wars, dat letter, om betizing mei de Star Wars-filmrige foar te kommen, bekend wurde soe as Star Wars: Episode IV – A New Hope, waard ien fan 'e súksesfolste films aller tiden, en betsjutte foar Ford de trochbraak as in ynternasjonale filmstjer. Ford waard foar syn rol nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste akteur. Hy kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Han Solo foar de tillefyzjespecial Star Wars Holiday Special (1978) en de ferfolchfilms Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Nei't it skynt woe Ford dat Lucas it personaazje fan Han Solo stjerre liet oan 'e ein fan Return of the Jedi, om't dat neffens him "de hiele film in boaiem jûn" hawwe soe, mar Lucas woe dêr neat fan witte.
Nei syn trochbraak wie Ford te sjen yn films as Heroes (1977) en Hanover Street (1979). Hy spile in Amerikaansk legerofsier op in geheime misje yn Joegoslaavje ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e oarlochsfilm Force 10 from Navarone (1978), mei Edward Fox, Carl Weathers en Barbara Bach. Tegearre mei Gene Wilder wied er te sjen yn 'e westernfilm The Frisco Kid (1979), as in bankberôver mei in hert fan goud. Ford spile op 'e nij in Amerikaansk legerofsier, diskear yn 'e Fjetnamoarloch, yn Francis Ford Coppola syn masterwurk Apocalypse Now.
Yn 1981 konsolidearre Ford syn reputaasje as súksesfol akteur mei de rol fan 'e wrâldreizgjende argeolooch Indiana Jones yn 'e aventoerefilm Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark. Dy film wie in mienskiplik projekt fan George Lucas, yn syn hoedanichheid as produsint, en regisseur Steven Spielberg. Hoewol't Spielberg fan it begjin ôf oan Ford yn 'e rol fan Indiana Jones hawwe woe, liek dat Lucas wol nei fleanen, om't er al twa kear earder mei Ford gearwurke hie, yn American Graffiti en yn Star Wars. Doe't lykwols bliken die dat Tom Selleck, oan wa't Lucas de foarkar joech, net beskikber wie, joech Lucas ta, en krige Spielberg syn sin. Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark waard in grut súkses, en Ford wûn foar syn rol de Saturn Award foar bêste akteur.
Hy spile de aventoerlike argeolooch sadwaande fannijs yn 'e prequel Indiana Jones and the Temple of Doom (1984) en yn it ferfolch Indiana Jones and the Last Crusade (1989); foar syn rollen yn dy beide films waard er nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur. By de opnamen fan Indiana Jones and the Temple of Doom rûn Ford yn juny 1983 in rêchhernia op. Hy moast oerflein wurde nei Los Angeles om operearre te wurden, en kearde pas seis wiken letter werom op 'e filmset. Yn Indiana Jones and the Last Crusade wurke Ford gear mei de Skotske akteur Sean Connery, dy't de heit fan Indiana Jones spile.
1980-er en 1990-er jierren
bewurkje seksjeFord syn earste film nei Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark wie de science fiction-klassiker Blade Runner (1982), fan regisseur Ridley Scott. It ûntjoech him ta in kultfilm, wêryn't Ford de rol fan Rick Deckard fertolke, en gearwurke mei û.o. Rutger Hauer, Edward James Olmos en Daryl Hannah. Nei Indiana Jones and the Temple of Doom folge yn 1985 de skriller Witness, fan regisseur Peter Weir. Dêryn spile Ford de resjersjeur John Book, dy't ûnderdûkt by de Amish yn Pennsylvania om in jonkje te beskermjen dat tsjûge west hat fan in moard en dat dêrom troch de moardners út 'e wei romme driget te wurden. Syn tsjinspylster wie Kelly McGillis, dy't de rol fan 'e mem fan it jonkje fertolke. Foar syn optreden yn Witness waard Ford nominearre foar in Oscar, in Golden Globe en in BAFTA allegear yn 'e kategory bêste akteur.
Yn 1986 wie Ford te sjen as Allie Fox yn The Mosquito Coast, wêrfoar't er jitris nominearre waard foar in Golden Globe foar bêste akteur. Yn 1988 spile er yn 'e skriller Frantic, fan regisseur Roman Polanski. Datselde jiers fertolke er de rol fan sakeman Jack Trainer yn it komeedzjedrama Working Girl, mei Melanie Griffith en Sigourney Weaver. Oan it begjin fan 'e 1990-er jierren hie Ford haadrollen yn 'e skriller Presumed Innocent (1990), fan regisseur Alan Pakula, as in ofsier fan justysje dy't sels fan moard fertocht wurdt, en yn 'e dramafilm Regarding Henry (1991), as in opbetterjende man dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Yn 1992 spile er yn Patriot Games foar it earst de rol fan CIA-agint Jack Ryan, dy't ûntspruten wie oan it brein fan skriuwer Tom Clancy. Nei't it skynt, koe Ford dy rol krije fanwegen de foar de makkers ûnakseptabele salariseasken fan Alec Baldwin, dy't deselde rol earder spile hie yn The Hunt for Red October (1990). Ford kroep jitris yn 'e hûd fan Ryan foar Clear and Present Danger, út 1994.
Fierders fertolke Ford yn 1993 yn The Fugitive, mei û.o. Tommy Lee Jones, Sela Ward en Jeroen Krabbé, de rol fan Richard Kimble, in ûnskuldige man dy't feroardiele wurdt foar de moard op syn eigen frou, mar ûntsnapt út it tichthûs om 'e wiere dieder op te spoaren. Mei dy rol sleepte er in trêde nominaasje foar in Golden Globe foar bêste akteur yn 'e wacht. Datselde jiers wied er ek wer te sjen as Indiana Jones yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje The Young Indiana Jones Chronicles. Yn 1995 spile Ford in totaal oare rol yn Sydney Pollack syn remake fan Sabrina, as Linus Larabee, in snoade sakeman dy't lykwols folslein ûnbeleard is yn 'e leafde, oant it dochterke fan 'e sjauffeur fan syn famylje as folwoeksen frou weromkomt fan har stúdzje en hy as in blok foar har falt. Foar dy rol waard Ford nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje.
Fierders wie Ford yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren te sjen yn sterk útinoar rinnende rollen. Hy spile in plysjeman dy't, sûnder dat er it wit, in lid fan 'e IRA (spile troch Sean Bean) ûnderdak biedt yn The Devil's Own (1997). Ek fertolke er de rol fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't syn tsjinstfleantúch befrijt fan kapers yn Air Force One (1997). Yn Six Days, Seven Nights (1998) wied er in toerpiloat dy't mei syn kreaze passazjier (in rol fan Anne Heche) delstoart op in ûnbewenne tropysk eilân en dêr moat sjen te oerlibjen. Fierders wied er yn Random Hearts (1999), mei Kristin Scott Thomas, te sjen as de resjersjeur Dutch Van Den Broeck, dy't pas ûntdekt dat syn frou him bedraacht mei in oare man as har fleantúch delstoart en hja omkomt. En yn What Lies Beneath (2000) spile Ford sels in man dy't syn frou bedraacht. Yn 2000 waard Ford troch it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) eare mei de AFI Life Achievement Award, in oeuvrepriis dy't oan him útrikt waard troch twa mannen mei wa't er troch de jierren hinne in soad oparbeide hie: George Lucas en Steven Spielberg.
Nei 2000
bewurkje seksjeYn 2002 waard oan Ford de Cecil B. DeMille Award takend, de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes. In jier letter, yn 2003, krige er ek syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Nettsjinsteande dat rekke it nei 2000 mei de karriêre fan Ford wat yn it neigean. Hy spile in Sovjet-dûkboatkaptein yn it op wiere feiten basearre K-19: The Widowmaker (2002), wêrby't er ek as útfierend produsint belutsen wie. Dy film waard gjin grut súkses, en ferskaten fan syn oare films út 'e 2000-er jierren flopten noch helte slimmer, lykas Hollywood Homicide (2003), Firewall (2006) en Extraordinary Measures (2010). Yn 2004 sloech Ford it oanbod ôf om 'e haadrol te spyljen yn 'e skriller Syriana. Dy gie dêrnei nei George Clooney, dy't der in Oscar en in Golden Globe foar wûn. Ford sei dêr letter yn in fraachpetear oer: "Ik hie gjin sterk genôch gefoel oer de wierheid fan it materiaal, en ik leau dat ik mis west haw." Yn 2007 fersoarge Ford de voice-over foar de dokumintêre Dalai Lama Renaissance, oer de Dalai Lama, de religieus en polityk lieder yn ballingskip fan Tibet.
Underwilens hie Ford yn 2006 de Jules Verne Award krigen, in oeuvrepriis dy't útrikt wurdt oan akteurs dy't harren hiele karriêre lang "de geast fan aventoer en fantasij oanfitere" hawwe. Yn 2007 waard him op 'e earste útrikking fan 'e Scream Awards de Hero Award takend foar de ikoanyske rollen dy't er troch de jierren hinne spile hie, lykas Han Solo en Indiana Jones. En yn 2008 krige er fan 'e Spike TV's Guy's Choice Awards de "Gielkoperne Ballen" takend. Yn 2010 krige Ford ek noch de César d'Honneur, de heechst Frânske oeuvrepriis op it mêd fan 'e filmkeunst.
Yn 2008 kroep Ford nochris yn 'e hûd fan Indiana Jones, foar de fjirde film út 'e rige, Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull. De film krige oer it algemien goede resinsjes en behelle de op ien nei heechste opbringst fan alle films út dat jier, hoewol't in soad fans fan 'e Indiana Jones-filmsearje der min oer te sprekken wiene. Ford sei neitiid dat er belangstelling hie om yn in fyfde Indiana Jones-film te spyljen as dy mar net nochris tweintich jier op him wachtsje litte soe. Yn 2016 waard yndie sa'n fyfde film oankundige. Yn 2009 kaam Crossing Over út, in film wêryn't Ford de rol fan in agint fan Homeland Security Investigations hie, mei as tsjinspilers Ashley Judd en Ray Liotta. Yn 2010 spile Ford mei Rachel McAdams en Diane Keaton yn 'e komeedzjefilm Morning Glory, en yn 2011 wied er mei Daniel Craig en Olivia Wilde te sjen yn 'e science fiction-western Cowboys & Aliens. Om dy lêste film oan 'e man te bringen, besocht Ford foar it earst yn syn libben de San Diego Comic-Con, dêr't er, blykber ferheard oer it waarme wolkom dat er krige, tsjin it publyk sei: "Ik woe mysels gewoan ûnderhâlde kinne as akteur. Ik hie gjin idee dat dit bestie."
Fan 2013 ôf begûn Ford hiel ferskate byrollen oan te nimmen. Dat jiers spile er mei Liam Hemsworth en Gary Oldman yn 'e bedriuwsspionaazjeskriller Paranoia, dy't regissearre waard troch Robert Luketic. Dêropta kamen yn 2013 ek noch trije oare films fan Ford út: de science fiction-film Ender's Game, wêrfoar't er nominearre waard foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur; de biografyske film 42 (oer de Afro-Amerikaanske honkballer Jackie Robinson), wêrfoar't er nominearre waard foar in Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur; en de komeedzjefilm Anchorman 2: The Legend Continues, mei Will Ferrell en Christina Applegate. Yn 2014 wie Ford te sjen yn 'e aksjefilm The Expendables 3, mei in stjerrecast dy't fierders bestie út û.o. Sylvester Stallone, Antonio Banderas, Jet Li, Wesley Snipes, Dolph Lundgren, Kelsey Grammar, Mel Gibson en Arnold Schwarzenegger. En yn 2015 spile er mei Blake Lively en Michiel Huisman yn it romantysk drama The Age of Adaline.
2015 wie ek it jier dat Ford nochris de rol fan Han Solo spile yn it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, wêrfoar't er in Saturn Award wûn yn 'e kategory bêste akteur. Under de opnamen fan dy film, yn 2014 yn Ingelân, briek Ford op 11 juny syn ankel doe't in hydraulyske doar boppe-op him foel. Hy waard mei in traumahelikopter nei it John Radcliffe Hospital yn Oxford ta brocht, dêr't er in metalen plaatsje yn syn ankel krige dat mei skroeven de bonken op har plak hold. Mids augustus kearde er op 'e set werom om 'e film ôf te meitsjen. It personaazje fan Han Solo gie yn The Force Awakens dea, sadat Ford net belutsen wie by de oare beide dielen fan 'e ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) en Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Likemin wie Ford behelle yn 'e produksje fan 'e spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018), dy't giet oer de jonge Han Solo. Yn dy film waard de rol fan Solo oernommen troch Alden Ehrenreich, dy't trouwens wol, as tarieding op 'e rol, in moeting mei Ford hie.
In oare rol dy't Ford nei jierren en jierren nochris wer spile, wie dy fan Rick Deckard út Blade Runner. Yn 2017 kaam nammentlik de film Blade Runner 2049 út, wêryn't Ford nei 35 jier op 'e nij Deckard spile. Syn wurk yn dy film waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûnthelle, en hy waard nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur. Nettsjinsteande dat die Blade Runer 2049 it net goed yn 'e bioskopen en kaam de film by lange nei net út 'e kosten. Yn 2019 wurke Ford as stimakteur mei oan 'e tekenfilm The Secret Life of Pets 2, wêrfoar't er syn stim liende oan in hûn dy't Rooster hie. Anno 2019 is The Call of the Wild, wêryn't Ford te sjen wêze sil as de goudsiker John Thornton, yn 'e postproduksjefaze. De film sil yn 2020 útkomme, krekt as de fyfde Indiana Jones-film, wêrfan't de titel yn desimber 2019 noch net bekend wie.
Priveelibben
bewurkje seksjeRelaasjes en bern
bewurkje seksjeFord skermet syn priveelibben tige ôf, mear as de measte Hollywood-akteurs. Hy is trije kear troud en twa kear skieden. Syn earste houlik, mei Mary Marquardt, duorre fan 1964 oant 1979, en dêrút hat er twa soannen: restauranthâlder Benjamin (1966) en sportskoallehâlder en kleanfabrikant Willard (1969). Aktrise Carrie Fisher, Ford syn tsjinspylster yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, skreau yn 2016 yn har autobiografy The Princess Diarist dat sy en Ford yn 1976, ûnder de opnamen fan Star Wars: Episode IV – A New Hope in affêre hiene dy't in fearnsjier duorre. Ford syn twadde frou wie senarioskriuwster Melissa Mathison, mei wa't er troud wie fan 1983 oant 2004, hoewol't se al yn 2000 fan tafel en bêd skieden. Ek mei har hat Ford twa bern: akteur en muzikant Malcolm (1987) en aktrise Georgia (1990).
Nei't er mei har yn 'e kunde kaam op 'e útrikking fan 'e Golden Globes yn jannewaris 2002, begûn Ford om te gean mei aktrise Calista Flockhart (benammen bekend fan har titelrol yn 'e tillefyzjesearje Ally McBeal, út 'e jierren njoggentich). Op Falentynsdei 2009 died er har in houliksoansyk en op 15 juny 2010 trouden se yn Santa Fe (Nij-Meksiko), dêr't Ford op dat stuit de film Cowboys & Aliens opnaam. Ford en Flockhart hawwe tegearre gjin biologyske bern, mar wol in oannommen soan, Liam. Yn 1993 waard Ford pake, en anno 2019 hat er teminsten trije pakesizzers.
Domisylje
bewurkje seksjeFord wennet mei syn trêde frou en jongste soan yn Jackson, yn 'e Amerikaanske steat Wyoming, hoewol't er in twadde hûs yn Los Angeles hat. Syn wente yn Wyoming is in ranch fan 320 ha, wêrfan't er likernôch de helte as natoerreservaat oanmurken hat.
Fleanen
bewurkje seksjeFord is piloat mei in fleanbrevet foar sawol fleantugen as helikopters. Yn Wyoming hat er ferskate kearen mei syn helikopter rêdingsflechten útfierd op fersyk fan 'e pleatslike autoriteiten. Dêrmei rêde er yn 2000 bygelyks it libben fan in kuierder dy't ûnwol wurden wie troch útdrûging. Ford is belutsen by de Experimental Aircraft Association (EAA), wêrfoar't er fan 2004 oant 2009 foarsitter fan it Young Eagles-programma foar jongerein wie. Hy hat ek gauris yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. by de polityk oan it lobbyen west foar de rjochten fan partikuliere piloaten.
Ford hat as piloat fierders ferskate kearen belutsen west by fleanynsidinten en ûngemakken. Sa stoarte er op 23 oktober 1999 del mei in Bell 206-helikopter yn it drûge rivierbêd fan Lake Piru by Santa Clarita (Kalifornje). It wie in trainingsflecht, wêrby't er oefene wat er dwaan moast as de motor fan syn helikopter ûnder it fleanen ôfsloech. Ford wachte te lang mei it op 'e nij starten fan 'e helikopter, mei as gefolch dat it him net slagge om op 'e tiid wer genôch fleankrêft te ûntwikkeljen foar't de helikopter mei in bêste klap tsjin 'e grûn sloech, fuortglied, efter in richel heakke en op 'e side kantele. De trainingspiloat en Ford sels kamen beiden mei de skrik frij, mar de helikopter wie nei syn groatsje. Doe't er dêr letter yn in ynterview nei frege waard, reägearre Ford kalmkes: "Ik haw him stikken makke."
Op 5 maart 2015 makke Ford yn in Ryan PT-22 Recruit-priveefleantúch in needlâning op 'e Penmar-golfbaan yn Venice (Kalifornje), nei't er motorproblemen kirgen hie. Hy waard mei in brutsen bekken en in brutsen ankel opnommen yn it Ronald Reagan UCLA Medical Center, dêr't fêststeld waard dat er gjin slimmere ferwûnings hie. En op 13 febrewaris 2017 lâne Ford in Aviat Husky-priveefleantúch op John Wayne Airport yn Orange County (Kalifornje) by fersin op 'e taksybaan lofts fan lâningsbaan 20L, dêr't er lânje moatten hie. Op 'e taksybaan stie op dat stuit in Boeing 737 te wachtsjen oant er opstiigje koe, en Ford fleach roerdelings oer dat ferkearsfleantúch hinne.
Polityk
bewurkje seksjeFord is, krekt as syn âldelju earder wiene, in fûleindich oanhinger fan 'e Demokratyske Partij. Hy is ek in goede freon fan âld-presidint Bill Clinton. Yn 2003 kearde er him iepentlik tsjin 'e Irakoarloch fan 'e doetiidske presidint George W. Bush. Hy hat ek krityk utere op 'e filmyndustry fan Hollywood foar it meitsjen fan films dy't "mear lykje op fideospultsjes as op ferhalen oer minsklike libbens en relaasjes." Fierders is Ford in foarstanner fan it beheinen fan it rjocht op wapenbesit.
Nei't de doetiidske Republikeinske presidintskandidaat (en lettere presidint) Donald Trump yn 2015 sei dat Ford syn rol yn Air Force One syn favorite rol fan Ford wie om't er dêryn "opkaam foar Amearika," reägearre Ford troch te sizzen dat "it mar in film" wie, wêrnei't er fertelde wat der neffens him mis wie mei Trump syn foarnimmen om presidint te wurden.
Aktivisme
bewurkje seksjeFord is belutsen by ferskate goede doelen. Sa is er fise-foarsitter fan 'e natoerbeskermingsorganisaasje Conservation International. Súnt 1992 hat er meiwurke oan ferskate ideële reklamespotsjes fan EarthShare, in Amerikaanske koepelorganisaasje foar natoerbeskermingsorganisaasjes. Fierders wied er wurdfierder foar Restore Hetch Hetchy, in non-profitorganisaasje dy't krewearre foar it werombringen yn 'e âlde steat fan 'e Hetch Hetchy-delling yn it Kalifornyske Nasjonaal Park Yosemite. Yn 2019 joech Ford in hertstochtlike taspraak oan in FN-top op it mêd fan klimaatferoaring yn New York, dêr't er spriek oer de effekten fan 'e ferwoastging fan it reinwâld yn it Amazônegebiet op 'e rest fan 'e wrâld. Hy fitere syn taharkers oan om "te lústerjen nei lulke jonge minsken" (in ferwizing nei de Sweedske klimaataktiviste Greta Thunberg) en foege dêroan ta: "It wichtichste wat wy dwaan kinne is as de bliksem foar harren oan 'e kant gean."
Yn septimber 2013 ynterviewde Ford foar in dokumintêre de Yndonezyske minister fan Boskbou Zulkifli Hasan. Nei guon krityske fragen oer yllegale houtkap yn it Nasjonaal Park Tesso Nilo, op Sumatra, waarden Ford en syn filmcrew beskuldige fan "it lestichfallen fan steatsynstellings" en bedrige mei útsetting. Dat kaam der lykwols net fan. Earder hie Ford op audiïnsje by de Yndonezyske presidint Susilo Bambang Yudhoyono sein dat er yn noed siet oer de delgong fan it miljeu yn Yndoneezje en oer de swakke oanpak fan it lân op it mêd fan klimaatferoaring. Yn reäksje dêrop hie Yudhoyono him bewissige fan 'e tawijing fan syn lân oan it behâld fan 'e tropysk oerwâlden en oseänen.
Njonken aktivisme op it mêd fan natoer en klimaat is Ford ek behelle yn it ûnderstypjen fan it wurk fan argeologen. Dat is in fuortfloeisel fan syn ferneamde rol as de aventoerlike argeolooch Indiana Jones. Hy is lid fan 'e rie fan bestjoer fan it Archaeological Institute of America (AIA), de âldste en grutste Amerikaanske organisaasje op it mêd fan argeology. Fierders set Ford him ek yn foar de befrijing fan Tibet fan 'e Sineeske oerhearsking. Op dat mêd tsjûge er op 7 septimber 1995 foar it Komitee oangeande Bûtenlânske Relaasjes fan 'e Amerikaanske Senaat, wêrby't er de Dalai Lama XIV en in ûnôfhinklik Tibet stipe. Yn 2007 fersoarge er ek gehiel belangeleas de voice-over foar in dokumintêre oer de Dalai Lama, mei as titel Dalai Lama Renaissance.
Ferneamings
bewurkje seksje- Yn 1993 ferneamde arachnolooch Norman Platnick in nije soarte spin nei Ford, de Calponia harrisonfordi.
- Yn 2002 ferneamde entomolooch Edward O. Wilson in nije soarte eamel nei Ford, de Pheidole harrisonfordi.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1967 | The Virginian | jonge rancher / Cullen Tindall | 2 ôfleverings |
1967 | Ironside | Tom Stowe | ôflevering The Past is Prologue |
1968 | The Mod Squad | plysje op strânpartrûlje | net fermeld op 'e ôftiteling; ôflevering The Teeth of the Barracuda |
1969 | My Friend Tony | ? | ôflevering The Hazing |
1969 | The F.B.I. | Everett Giles / Glen Reverson | 2 ôfleverings |
1969 | Love, American Style | Roger Crane | ôflevering Love and the Former Marriage |
1970 | The Intruders | Carl | tillefyzjefilm |
1971 | Dan August | Hewett | ôflevering The Manufactured Man |
1972-1973 | Gunsmoke | Hobey / Print | 2 ôfleverings |
1974 | Kung Fu | Mr. Harrison | ôflevering Crossties |
1974 | Petrocelli | Tom Brannigan | ôflevering Edge of Evil |
1975 | Judgment: The Court Martial of Lieutenant William Calley | Frank Crowder | tillefyzjefilm |
1976 | Dynasty | Mark Blackwood | tillefyzjefilm |
1977 | The Possessed | Paul Winjam | tillefyzjefilm |
1978 | Star Wars Holiday Special | Han Solo | tillefyzjespecial |
1993 | The Young Indiana Jones Chronicles | Indiana Jones | ôflevering Young Indiana Jones and the Mystery of the Blues |
2014 | Years of Living Dangerously | himsels | gastrol; 2 ôfleverings |
2022–20?? | 1923 | Jacob Dutton | fêste rol |
2023 | Shrinking | dr. Paul Rhodes | fêste rol |
fideospultsjes | |||
2016 | Lego Star Wars: The Force Awakens | Han Solo | as stimakteur |
films | |||
1966 | Dead Heat on a Merry-Go-Round | pikkolo | net fermeld op 'e ôftiteling |
1967 | Luv | lulke automobilist | net fermeld op 'e ôftiteling |
1967 | A Time for Killing | resjersjeur Shaffer | fermeld op 'e ôftiteling as "Harrison J. Ford" |
1968 | Journey to Shiloh | Willie Bill Bearden | |
1970 | Zabriskie Point | lofthavenemployee | net fermeld op 'e ôftiteling |
1970 | Getting Straight | Jake | |
1973 | American Graffiti | Bob Falfa | |
1974 | The Conversation | Martin Stett | |
1977 | Heroes | Ken Boyd | |
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | Han Solo | nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur |
1978 | Force 10 from Navarone | luitenant-kolonel Mike Barnsby | |
1979 | Hanover Street | David Halloran | |
1979 | Apocalypse Now | kolonel Lucas | |
1979 | The Frisco Kid | Tom Lillard | |
1979 | More American Graffiti | Bob Falfa | net fermeld op 'e ôftiteling |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | Han Solo | |
1981 | Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark | Indiana Jones | wûn in Saturn Award foar bêste akteur |
1982 | Blade Runner | Rick Deckard | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | Han Solo | |
1984 | Indiana Jones and the Temple of Doom | Indiana Jones | nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur |
1985 | Witness | resjersjeur John Book | nominearre foar in Oscar foar bêste akteur nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in film – drama nominearre foar in BAFTA foar bêste akteur |
1986 | The Mosquito Coast | Allie Fox | nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in film – drama |
1988 | Frantic | Richard Walker | |
1988 | Working Girl | Jack Trainer | |
1989 | Indiana Jones and the Last Crusade | Indiana Jones | nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur |
1990 | Presumed Innocent | Rusty Sabich | |
1991 | Regarding Henry | Henry Turner | |
1992 | Patriot Games | Jack Ryan | |
1993 | The Fugitive | Richard Kimble | nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in film – drama |
1994 | Jimmy Hollywood | himsels | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
1994 | Clear and Present Danger | Jack Ryan | |
1995 | Sabrina | Linus Larabee | nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in film – musical of komeedzje |
1997 | The Devil's Own | Tom O'Meara | |
1997 | Air Force One | presidint James Marshall | |
1998 | Six Days, Seven Nights | Quinn Harris | |
1999 | Random Hearts | resjersjeur Dutch Van Den Broeck | |
2000 | What Lies Beneath | Norman Spencer | |
2002 | K-19: The Widowmaker | kaptein Aleksej Vostrikov | ek útfierend produsint |
2003 | Hollywood Homicide | resjersjeur Joe Gavilan | |
2006 | Firewall | Jack Stanfield | |
2008 | Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull | Indian Jones | nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur |
2009 | Crossing Over | Max Brogan | |
2009 | Brüno | himsels | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
2010 | Extraordinary Measures | Robert Stonehill | ek útfierend produsint |
2010 | Morning Glory | Mike Pomeroy | |
2011 | Cowboys & Aliens | kolonel Dolarhyde | nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur |
2013 | 42 | Branch Rickey | nominearre foar in Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur |
2013 | Paranoia | Jock Goddard | |
2013 | Ender's Game | kolonel Hyrum Graff | nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur |
2013 | Anchorman 2: The Legend Continues | Mack Tannen | |
2014 | The Expendables 3 | Max Drummer | |
2015 | The Age of Adaline | William Jones | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Han Solo | wûn in Saturn Award foar bêste akteur |
2017 | Blade Runner 2049 | Rick Deckard | nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur |
2019 | The Secret Life of Pets 2 | Rooster | as stimakteur |
2020 | The Call of the Wild | John Thornton | |
2023 | Indiana Jones and the Dial of Destiny | Indiana Jones | |
2024 | Captain America: New World Order | Thaddeus "Thunderbolt" Ross / de Reade Hulk | |
2024 | Thunderbolts | Thaddeus "Thunderbolt" Ross / de Reade Hulk |
Filmografy as ferteller of ynterviewde
bewurkje seksjeFilmografy as ferteller of ynterviewde | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
dokumintêres | |||
1995 | The World op Jacques Demy | himsels | fraachpetear |
2004 | Empire of Dreams: The Story of the Star Wars Trilogy | himsels | fraachpetear |
2007 | Dalai Lama Renaissance | voice-over | |
2013 | Milius | himsels | fraachpetear |
2014 | Flying the Feathered Edge: The Bob Hoover Project | himsels | fraachpetear |
2014 | Years of Living Dangerously | himsels | fraachpetear; ôflevering Dry Season |
2015 | Living in the Age of Airplanes | voice-over | |
2017 | Toxic Puzzle: Hunt for the Hidden Killer | voice-over | |
2017 | Spielberg | himsels | fraachpetear |
2017 | Joan Didion: The Center Will Not Hold | himsels | fraachpetear |
2019 | Armstrong | voice-over | wurden fan Neil Armstrong |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Harrison Ford op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Harrison Ford yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|