Tema (fiksje)
In tema is yn 'e literatuer en oare wurken fan fiksje, lykas films, tillefyzjesearjes, fideospultsjes, harkspullen, ensfh. datjinge dat as grutte line út it wurk nei foarren komt. Soks kin omskreaun wurde as in yndruk, in gesichtspunt of in libbenfisy. In tema kin eksplisyt beneamd en útdroegen wurde, en dan kin it lykslein wurde mei in boadskip. Ornaris is it lykwols ymplisyt yn it wurk oanwêzich, en kin it tema de begripende lêzer, sjogger of harker pas dúdlik wurde as er it wurk aktyf ynterpretearret. Fan in boadskip is yn sokke gefallen almeast gjin sprake, hoewol't it wol mooglik is dat it wurk troch syn tema in stânpunt útdraacht.
Yn 'e narratology wurdt ek it begryp 'motyf' brûkt, dat sterk op it begryp 'tema' liket. In tema kin lykwols ûnderskaat wurde fan in motyf trochdat it mear yn algemiene sin en trochkringender mei it oanbelangjende wurk fan fiksje ferbûn is. In motyf is in elemint dat ferskate kearen yn it wurk weromkeart, en dêrtroch inkeld mei dielen fan it wurk ferbûn is. De ferhaalstruktuer foarmet de ferbining tusken de ûnderskate motiven en jout it folsleine wurk in tematyske lading. Men soe dus sizze kinne dat it tema fan in wurk is wat der út alle motiven mei-inoar nei foarren komt.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |