Woffer
De woffer of lytse reiddomp (Botaurus minutus, foarh. Ixobrychus minutus) is in fûgel út de famylje fan de reagerfûgels of reagers. Hoewol't de woffer earder geregeldwei yn Fryslân ta brieden kaam, is er tsjintwurdich benammen troch it ferdwinen fan de biotoop in seldsume ferskining.
woffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Botaurus minutus | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Foarkommen
bewurkje seksjeDe woffer is mei syn heechút 40 sm lingte en spanwiidte fan 40-58 sm, de lytste hjir foarkommende reagersoart. Se hawwe in koarte nekke. It mantsje hat in swarte rêch, swarte flerken mei yn it midden in grut wyt fjouwerkant. It wyfke is wat bruner, sawol op de rêch as op de flerken, mei in ljochtbrún fjouwerkant ynstee fan wyt. De jongen fan de Woffer hawwe ynearsten in brún/wyt skutkleed. (sjoch foto)
Biotoop
bewurkje seksjeDe woffer hat in foarkar foar sompige reidfjilden, by foarkar mei in fariaasje yn 'e fegetaasje: reid, oare wetterminnende planten en beamme-opslach dêr't er maklik en beskûle oan syn miel fan ynsekten, fiskjes, kikkerts en salamanders komme kin.
Spesifyk gedrach
bewurkje seksjeDe woffer klauteret en klimt troch de reidfjilden. It mantsje makket (benammen) yn de maaitiid in blaffend lûd, dêr't er sûnder mis syn Fryske namme oan te tankjen hat.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 4 ûndersoarten:
- Botaurus minutus minutus (Linnaeus, 1766). Jeropa, Aazje, Noard-Afrika (trekfûgel).
- Botaurus minutus payesii (Hartlaub, 1858). Saharagebiet, Afrika (stânfûgel).
- Botaurus minutus podiceps (Bonaparte, 1855). Madagaskar, (stânfûgel).
- Botaurus minutus dubius (Matthews, 1912). Austraalje, Nij Ginea, (stânfûgel), wurdt tsjinwurdich as aparte soarte "Australyske woffer" (Ixobrychus dubius) besjoen.
Ek de útstoarne Nij-Seelânske woffer (Botaurus novaezelandiae) waard earder beskôge as in ûndersoart fan de Woffer.