Deputearre Steaten fan Fryslân
Dizze side giet oer de Deputearre Steaten fan Fryslân, sjoch foar it haadartikel oer de Deputearre Steaten: Deputearre Steaten.
De Deputearre Steaten is it deistich bestjoer fan in Nederlânske provinsje. Se binne te ferlykjen mei de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders, sa't Nederlânske gemeenten dy ha.
De Deputearre Steaten besteane út de kommissaris fan de kening en de deputearren. De deputearren wurde foarsitten troch de kommissaris. Yn Fryslân is dat Arno Brok. De kommissaris wurdt foar seis jier beneamd troch it Ryk. De deputearren wurde alle fjouwer jier keazen troch Provinsjale Steaten fan Fryslân (de Steaten). De leden fan de Steaten binne keazen troch it folk by de provinsjale ferkiezingen.
Eltse deputearre hat eigen taakgebieten. Normaal wurde deputearren beneamd nei ûnderhannelingen oer in koälysje tusken fraksjes yn de Steaten. Sûnt it ynfieren fan de Wet dualisearring provinsjebestjoer yn 2003 binne de deputearren gjin lid mear fan de Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret per provinsje. Fryslân hat fiif deputearren.
Yn Fryslân
bewurkje seksjeYn Fryslân is Arno Brok sûnt 2017 de kommissaris fan de kening. Hy sit de Deputearre Steaten dus ek foar. Regina Bouius-Riemersma is yn Fryslân de provinsjesekretaris.
1991-1995
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, dy't mei-inoar 41 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit wiene de deputearren:
- Akke Brandenburg-Vogelzang (CDA)
- Sicko Heldoorn (PvdA) (yn 1992 Cok van der Horst opfolge)
- Johanneke Liemburg (PvdA) (oant 1994, doe't se nei de Twadde Keamer gie)[1][2]
- Louis Lyklema (VVD)
- Frans Steijvers (PvdA)
- Douwe van der Til (CDA)
- Kobus Walsma (CDA)
1995-1999
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, lykas yn de foarige perioade. Mei-inoar hiene de trije partijen 42 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:
- Mony Brandsma-Ydema (CDA, dieltiid-deputearre)
- Sicko Heldoorn (PvdA)
- Siem Jansen (CDA)
- Gerard van Klaveren (VVD)
- Bertus Mulder (PvdA)
- Kobus Walsma (CDA)
1999-2003
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, lykas yn de foarige twa perioaden. Mei-inoar hiene de trije partijen 41 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:
- Anita Andriesen (PvdA) (yn 2002 Sicko Heldoorn opfolge)
- Piet Bijman (CDA)
- Gerard van Klaveren (VVD)
- Bertus Mulder (PvdA)
- Jan Ploeg (CDA) (yn 2002 Siem Jansen opfolge)
2003-2007
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade foar de fjirde perioade efterinoar grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD. Mei-inoar hiene de trije partijen 37 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:
- Anita Andriesen (PvdA)
- Ton Baas (VVD)
- Piet Bijman (CDA)
- Bertus Mulder (PvdA)
- Jan Ploeg (CDA)
2007-2011
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en KristenUny, dy't mei-inoar 27 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit wiene de deputearren:
- Piet Adema (CU)
- Sjoerd Galema (CDA)
- Hans Konst (PvdA) (folge yn febrewaris 2009 Anita Andriesen op)
- Tineke Schokker-Strampel (CDA)
- Jannewietske de Vries (PvdA)
2011-2015
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan PvdA, CDA en FNP, dy't foar it earst yn de koälysje sieten en dus ek foar it earst in deputearre ôflevere. Mei-inoar hiene de trije partijen 23 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:
- Johannes Kramer (FNP)
- Hans Konst (PvdA)
- Sietske Poepjes (CDA) (folge yn desimber 2011 Sjoerd Galema op)
- Tineke Schokker-Strampel (CDA)
- Jannewietske de Vries (PvdA)
2015-2019
bewurkje seksjeIt Kolleezje fan Deputearre Steaten is yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, VVD, SP en FNP, dy't mei-inoar 23 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit binne de deputearren:
- Klaas Kielstra (VVD)
- Johannes Kramer (FNP)
- Sietske Poepjes (CDA)
- Sander de Rouwe (CDA)
- Michiel Schrier (SP)
2019-2023
bewurkje seksjeOp 20 maart 2019 wiene der wer Provinsjale Steateferkiezingen. Nei't yn de Steaten in koälysje foarme waard tusken CDA, PvdA, FNP en VVD, waarden de deputearren foar de kommende perioade keazen:
- Friso Douwstra (CDA) (folget yn oktober 2021 Sander de Rouwe op)
- Sietske Poepjes (CDA)
- Douwe Hoogland (PvdA)
- Klaas Fokkinga (FNP) (folget yn jannewaris 2020 Johannes Kramer op)
- Avine Fokkens (VVD)
2023-2027
bewurkje seksjeOp 15 maart 2023 wiene der Provinsjale Steateferkiezingen. Nei't yn de Steaten in koälysje foarme waard tusken BBB, CDA, FNP en KristenUny, waarden de deputearren foar de kommende perioade keazen:
- Femke Wiersma (BBB)
- Eke Folkerts (BBB)
- Friso Douwstra (CDA)
- Sijbe Knol (FNP)
- Matthijs de Vries (CU)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|