Midseumer Môlnkoier

De Midseumer Môlnkoier (Biltsk foar "Midsimmer Molekuier") is in kuiertocht dy't elts jier yn 'e simmer holden wurdt op it Bilt,[1][2] dat sûnt 2018 in diel fan 'e gemeente De Waadhoeke foarmet. De namme komt fan it feit dat de opbringst fan 'e tocht bestege wurdt oant it ûnderhâld fan 'e monumintale Froubuorstermole,[1][2] dat de lêste wurkjende histoaryske mole op it Bilt is.[2] Dy mole is ek it begjin- en einpunt fan 'e kuiertocht.[2]

Midseumer Môlnkoier
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak It Bilt
tiid fan it jier simmer
bysûnderheden
soarte evenemint kuiertocht
bestean 2016 – no
offisjele webside
www.demolenloop.nl

It evenemint waard foar it earst organisearre yn 2016.[1] Yn 2020 gie it oer omreden fan 'e koroanafiruspandemy.[1][2] Sadwaande fûn op 3 july 2021 de fyfde edysje fan 'e tocht plak.[1][2] Om dat mooglik te meitsjen, wiene likernôch hûndert frijwilligers yn 't spier.[2] It evenemint wurdt sponsore troch pleatslike ûndernimmers.[2]

De Midseumer Môlnkoier liedt de kuierders troch de agraryske plattelânsgebieten[1][2] fan It Bilt en hjir en dêr ek fan 'e eardere buorgemeenten[1] Ferwerderadiel (no Noardeast-Fryslân) en Ljouwerteradiel (no Ljouwert).[2] De tocht kin ferrûn wurde oer ôfstannen fan 12, 22 en 30 kilometer.[1][2] Behalven fan it lânskip kinne de kuierders ek genietsje fan ferskate optredens dêr't de tocht by lâns fiert.[2] Fierders wurdt ûnderweis iten en drinken útdield.[2]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 ——, Lustrumeditie Midseumer Môlnkoier, yn: de Frjentsjerter Krante, 23 juny 2021, s. 11.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 Joostema, Sybe, Môlnkoier naast mooie kuier pure noodzaak voor Froubuurster Molen, yn: van Wad tot Stad, 22 juny 2021, s. 11.