Satine Kryze is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn 'e ôflevering The Mandalore Plot, út 2010, fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Har geastlike heit wie story editor Henry Gilroy. Satine Kryze is in minsklike Mandaloriaanske frou, dy't as hartoginne fan Kalevala de hearskeresse oer de planeet Mandalore is. Hja regearret yn 'e lêste desennia fan 'e Galaktyske Republyk en ûnder de Kloane-oarloggen, en stiet bekend om har pasifistyske ideology, wêrmei't se streekrjocht yngiet tsjin 'e gewelddiedige krigerskultuer fan har folk. As minneresse fan 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi tsjinne se yn it Star Wars-ferhaal om dat personaazje te ferminsklikjen. De dialooch fan Satine Kryze waard yn Star Wars: The Clone Wars ynsprutsen troch stimaktrise Anna Graves.

Satine Kryze
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske (Mandaloriaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt steatshaad
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Obi-Wan Kenobi
Bo-Katan Kryze
Darth Maul
geastlike heit Henry Gilroy
ûntstean 2010

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Satine Kryze wurdt berne as it âldste bern fan Adonai Kryze, de hartoch fan Kalevala. Dat is in planeet yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dy't kolonisearre is troch Mandalorianen, in minsklik folk dat fan 'e planeet Mandalore komt. Op jonge âldens wurdt Satine nei Mandalore ta brocht, dêr't se opgroeit. Dat is in wrâld mei in gewelddiedige krigerskultuer en in lange skiednis fan oarloch. Yn har jonkheid sjocht Satine dêr de natoerskientme dy't troch oarlochfiering ferneatige wurdt foar't se folwoeksenens berikt. Dy ferwoastging bliuwt har altyd by en bringt har ta in libbenshâlding dy't ôfwykt fan dy fan 'e measten fan har folk. Satine is fan miening dat de Mandalorianen ophâlde moatte mei oarlochfieren, om't se oars perfoarst harrensels ferneatigje sille.

Dejingen dy't deselde ideeën hawwe as Satine ferienje harren ta in beweging dy't de 'Nije Mandalorianen' neamd wurdt. Harren ideology botst sasear mei de libbenshâlding fan 'e Mandaloriaanske tradisjonalisten, dat it ta in boargeroarloch komt. As haad fan Clan Kryze fiert Satine yn dat konflikt de lieding oer de Nije Mandalorianen. Nei nije ferwoastgings en grut ferlies fan libbens witte de Nije Mandalorianen harren tradisjonalistyske fijannen te ferslaan. Satine wurdt hearskeresse oer Mandalore en hat de lieding oer de weropbou nei de boargeroarloch. Hja besiket dêrby de wrâld te herfoarmjen ta in freedsume maatskippij. Har almar mear pasifistyske tinkbylden roppe lykwols ferset by de befolking op en teffens hâldt hja lêst fan ferskate tradisjonalistyske groepearrings, mei as wichtichste de terroristyske Deadewacht ûnder lieding fan Pre Vizsla. Ta de leden dêrfan heart ek Satine har eigen suster, Bo-Katan Kryze.

Wylst Mandalore ûnder de hearskippij fan Satine lykwols in foar it meastepart freedsume wrâld bliuwt, begjint de gruttere Galaktyske Republyk, dêr't de planeet diel fan útmakket, útinoar te fallen troch tadwaan fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dat liedt ta in boargeroarloch dy't it hiele Stjerrestelsel omfettet, en dy't bekend komt te stean as de Kloane-oarloggen. Satine docht war om Mandalore bûten dat konflikt te hâlden troch in belied fan neutraliteit te folgjen en sels stipe te sykjen fan oare planetestelsels yn deselde sitewaasje troch de oprjochting fan 'e Ried fan Neutrale Stelsels. Dêrmei makket se gjin freonen by it regear fan 'e Galaktyske Republyk, noch by de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't Mandalore beide graach oan harren kant hawwe wolle.

De Kloane-oarloggen stelle de liederskipstalinten fan Satine oant it uterste op 'e proef, fral as der troch de oarloch tekoarten op Mandalore ûntsteane, wylst de terroristen fan 'e Deadewacht harren oanslaggen en oare steatsûndermynjende aktiviteiten opfiere. De Galaktyske Republyk biedt oan om troepen te stjoeren om mei de Deadewacht ôf te weven, mar Satine beseft dat soks Mandalore inkeld fierder fan hûs bringe sil, mei't de planeet dan sûnder mis yn 'e Kloane-oarloggen behelle wurde sil. Nettsjinsteande politike tebeksetters, ferskate mislearre moardoanslaggen op har persoanlik en sels in arrestaasjebefel dat troch de Republyk tsjin har útfurdige wurdt, wit se mei in berop op 'e Galaktyske Senaat in besetting fan Mandalore troch it Grutte Leger fan 'e Republyk foar te kommen. Har krewearjen liedt ek ta in tydlik opskoarjen fan 'e bedriging dy't de Deadewacht foar Mandalore ynhâldt.

De oanhâldende oarlochssitewaasje liedt lykwols ta oare swierrichheden, lykas groeiende swarthannel en oanboazjende korrupsje ûnder regearingsfunksjonarissen. Underwilens rekket Satine troch har fêsthâlden oan 'e Mandaloriaanske neutraliteit ferfrjemde fan 'e Galaktyske Republyk. It slagget har lykwols om freonen te finen dy't har helpe har planeet troch de opienfolgjende krises te loadsen. Ien fan dyselden is de Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dy't har desennia earder, ûnder de Mandaloriaanske Boargeroarloch, as liifwacht tawiisd waard doe't er noch in padawan fan master Qui-Gon Jinn wie. Hja wiene doe fereale opinoar rekke, hoewol't se dêr fierder gjin utering oan jûn hiene. As se inoar ûnder de Kloane-oarloggen wer treffe, krije Satine en Obi-Wan lykwols in relaasje dy't de romantyske kant útskaait.

Geandewei de Kloane-oarloggen kriget de Deadewacht bannen mei de lossleine Sith-ridder Darth Maul, dy't de terroristyske groepearring yn syn saneamde Skaadkollektyf ferienet mei ferskate ynfloedrike misdiesyndikaten. Op dy wize fuortsterke wit de Deadewacht de Mandaloriaanske haadstêd yn te nimmen, wêrby't Satine ôfset en finzen nommen wurdt. De gearwurking binnen it Skaadkollektyf komt nei dy oerwinning lykwols ûnder druk te stean. Bo-Katan Kryze rint oer nei de kant fan har suster, wylst Pre Vizsla fermoarde wurdt troch Darth Maul nei't er dyselde besocht hat te ferrieden. Bo-Katan befrijt Satine, wêrnei't hja kontakt opnimt mei Obi-Wan op Coruscant. De Jedi-master hastiget him nei Mandalore, mar arrivearret te let. Satine is tsjin dy tiid al op 'e nij finzen nommen troch Maul. Ut wraak, om't Obi-Wan him lang lyn op Naboo ferslein en foar dea efterlitten hat, fermoardet Maul Satine foar de eagen fan 'e Jedi. Hja stjert yn 'e earms fan Obi-Wan.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono