Fean
Fean is in wiete, soerstofearme en spûnseftige grûnsoarte. It bestiet benammen út fertarre resten fan planten.
Fean komt net allinnich oan it oerflak foar, mar ek djipper ûnder de grûn. Sa binne der yn Grinslân en Drinte grutte feangrûnen dêr't in laach klaai op it fean ôfset is. Ek binne der plakken dêr't in laach sân op it fean leit.
Drûch fean wurdt ek wol turf neamd, dat in Nederlân lange tiid as brânstof brûkt waard. Yn Fryslân waard ûnder oare yn de omkriten fan Jobbegea in protte turf wûn.
Feanfoarming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dea planteguod wurdt ornaris fluch ôfbrutsen troch de oanwêzigens fan soerstof en it wurkjen fan de baktearjes. Benammen by hege temperatuer en drûchte giet it ôfbrekken fluch. By aerobe ôfbrekken ûntstiet wetter en koaldiokside. Anaeroob is it ôfbrekken dêr't gjin soerstof oanwêzich is. Dêrby ûntstiet metaan. Yn in wiet en fochtich miljeu giet it ôfbrekken stadiger as it opheapjen, dêr't der feanfoarming troch ûntstiet. Fean komt benammen foar yn evenredich fochtige streken. Yn Nederlân waard it measte fean foarme yn it Atlantikum, doe't troch de oergong fan nuddelwâld ta leafwâld in fochtoerskot ûntstie, en it ferheegjen fan it grûnwetterpeil dat feroarsake waard troch it ferheegjen fan de seespegel.
Underskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it algemien wurdt der ûnderskaat makke yn twa soarten fean: heechfean en leechfean.
It ferskil yn de twa soarten is dat heechfean ûntstien is ûnder ynfloed fan it reinwetter, wylst it leechfean ûntstien is troch it grûnwetter.
Benammen heechfean komt in Nederlân net folle mear foar, omdat it fan de 16e iuw ôf in protte stutsen waard foar it gebrûk as brânstof.
Fean wurdt ek fan elkoar ûnderskieden troch ûnder oare de plantesoarten dêr't it fean út bestiet en fiedselrykdom.
Underskaat neffens it grûnwetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it lizzen fan it fean neffens it grûnwetter kin der ûnderskaat makke wurde fan de folgjende foarmen:
Leechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leechfean wurdt foarme ûnder ynfloed fan it pleatslike grûnwetterpeil, dat ornaris ryk oan fiedingsstoffen is. Gauris is yn leechfean opsteapeljen fan ferskillende lagen te sjen.
- Limnysk fean wurdt ûnder de wetterspegel foarme.
- Telmatysk fean wurdt om de wetterspegel hinne foarme.
- Terrestrysk fean wurdt krekt boppe de wetterspegel foarme.
Yn de lêste faze komt it fean heech genôch te lizzen dat it him fan it pleatslike grûnwetter ôfsûnderet. Dêrby ûntstiet fersoering en it foarmjen fan heechfean ûnder ynfloed fan fiedselearm reinwetter.
Heechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heechfean ûntstie ûnder ynfloed fan reinwetter en is dus tige fiedselearm. It wichtichste part is feanmoas (Spaghum), dat in soad wetter opnimme kin, en yn opsette tastân út mear as 90 persint wetter bestean kin. It kin boppedat yn in soer miljeu waakse, dat ûntstien is om't reinwetter sels in licht soertegraad hat.
It heechfean kaam benammen op de Nederlânske sângrûnen op grutte skaal foar. It is lykwols foar in grut part ôfgroeven yn it ramt fan it winnen fan turf foar de brânstof.
Oerbleaune heechfeangebieten binne bygelyks it Fochtelerfean by Fochtel en bûten Fryslân it Bargerfean by Schoonebeek yn Drinte en de Grote Peel yn Noard-Brabân.
De boppeste laach (40-50 sm) wurdt bonkierde neamd en is net gaadlik en meitsje dêr turf fan. De bonkierde waard yn Fryske, Grinslânske en Drintske feanterijen mingd mei sângrûn, dy't nei it ôfgraven fan it fean te sjen wie, en foarme de saneamde delgrûn, dy't mei goed bedongjen en ûntwetterjen in reedlike lânbougrûn makket.
De ûnderste laach (30-40 sm) wurdt darchfean neamd en befettet in soad feanhout. Dat binne woartels en dielen fan stammen fan beammen dy't yn it fean as resten noch oanwêzich binne.
Understrûpt heechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei wurdt it ûnderskaat fan it fean, makke nei de hjoeddeiske lizzing neffens it grûnwetterpeil, noch hieltyd oanholden. Ynearsten tocht men dat it fean, dat op de lege grûnen yn it westen en noarden fan Nederlân lei, as leechfean ûntstien waard. Om 1930 hinne blykte lykwols dat in soad fan dat fean as feanmoasfean, dat troch it lettere ferheegjen fan it grûnwetterpeil ûnderstrûpt waard. It ûnderskaat, dat wiete feanterij de feanterij fan leechfean, en drûge feanterij de feanterij fan heechfean wie, blykte in fersin te wêzen.
Underskaat neffens fiedselrykdom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de fiedselrykdom kin men it ûnderskaat meitsje yn:
- Eutroof fean, fiedselryk fean dat ûntstien is troch wetter dat slib oanfierde troch rivieren of de see (leechfean). Dat fean bestiet út resten fan beammen, sa as bygelyks els, wylch en popelier, en reid. Yn djipper wetter kaam reid it measte foar.
- Mesotroof fean, reedlik fiedselearm fean. Sigge komt it measte foar.
- Oligotroof fean, fiedselearm fean dat troch reinwetter fieden waard (heechfean). Dat fean bestiet benammen út deade en libjende feanmoazen.
Planten dêr't fean út ûntstien is
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fean wurdt ek ûnderskaat yn wêr't it fean út ûntstien is. De ferskillende soarten binne tekenjend foar fiedselrykdom en wetterdjipte op it stuit fan it foarmjen fan it fean:
- Reidfean; fean dat ûntstien is út resten fan reid en oare wetterplanten. Reidfean kin ûntstean yn swiet oant sâlt, fiedselryk miljeu en oant likernôch twa meter ûnder it grûnwetterpeil.
- Siggefean; fean dat bestiet út resten fan sigge. Siggefean kin ûntstean yn swiet, reedlik fiedselryk miljeu fan om it grûnwetterpeil hinne oant in heale meter ûnder it grûnwetter.
- Boskfean: fean dat bestiet út resten fan hout sa as bygelyks fan de els, wylch en popelier. Boskfean kin ûntstean yn swiet, fiedselryk miljeu om it grûnwetterpeil hinne.
- Feanmoasfean; fean dat út resten fan feanmoas bestiet. Om't feanmoas in soad wetter opnimme kin, kin it heechfean boppe it pleatslike grûnwetterpeil útwaaksen bliuwe. Dêrtroch stiet it ûnder ynfloed fan reinwetter dat tige soer en fiedselearm is.
Feangebieten yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brandemar (Weststellingwerf)
- De Deelen
- Grutte Wielen
- Lindedelling
- Nasjonaal Park De Alde Feanen
- Rottige Meente
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bisten yn it fean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gallinago gallinago
waarlamke -
Lyrurus tetrix
kuorhin -
Numenius numenius
wylp -
Chlidonias niger
blaustirns -
Asio flammeus
fjildûle -
Vanellus vanellus
ljip -
Perdix perdix
patrys -
Anas platyrhynchos
wylde ein -
Haematopus ostralegus
strânljip -
Saxicola rubetra
paapke -
Alauda arvensis
ljurk -
Mustela putorius
murd -
Viperus berus
njirre
Ynsekten yn it fean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Boloria aquilonaris
boloria -
Ommatidiotus dissimilis
tuorre -
Sympetrum flaveolum
heidelibel -
Aeshna juncea
libel -
Zygoptera
libel -
Lycosidae
spin -
Formicidae
eamelder
Planten yn it fean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Calluna vulgaris
biezemheide -
Erica tetralix
skrobberheide -
Drosera rotundfolia
miggefangerke -
Sphagnum
moas -
Sphagnum
moas -
Sphagnum
moas -
Vaccinium oxycoccos
feanbei -
Eriophorum angustifolium
moark -
Rhynchospora alba
fluen -
Narthecium ossifragum
bûtergers -
Andromeda polifolia
lavindelheide -
Andromeda polifolia
lavindelheide -
Gentiana pneumonanthe
skieppeklokje -
Typha
tuorrebout -
Carex elata
siggegers -
Carex nigra
siggegers -
Carex paniculata
plomsigge -
Molinia
bjint -
Juncus effusus
ruskepit -
Phragmites australis
reid -
Betula pubes
sêfte bjirk
Feanliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it turfstekken binne in soad feanliken fûn, ek yn Nederlân.
Ferneamde feanliken binne:
- Famke fan Yde (Nederlân)
- Pear fan Weardinge (Nederlân)
- Feanlyk fan Kibbelgaarn (Bourtanger fean, Nederlân)
- Famke "Moora" fan it Uchter fean (Dútslân), Ofbylden sjoch hjir
- Jonge "Burli" fan Burlage (Burloage yn Dútslân, yn de omkriten fan it Sealterlân)
- Man fan Husbäke (Husbäke yn Dútslân, yn de omkriten fan it Sealterlân), Fideo sjoch hjir
- Jonge fan Kayhausen (by Aldenboarch, Dútslân), sjoch hjir
- Man fan Tollund (Denemark)
- Man fan Grauballe (Denemark)
- Lindowman (Ingelân)
It Drintsk Museum in Assen hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge.
Bisten binne der net folle yn feangrûn fûn. In ferneamde fynst wie dy yn 1953 yn de omkriten fan it Sealterlân, de Turfhûn fan Burloage fan om 1544 hinne (± 67 jierren). (Ofbyld hjir)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feanterij
- Feanlyk
- Turf (brânstof)
- Turfstekke
- Baggelbûgel
- Feankoloanje
- Skalterfean
- Petgat
- Fochtelerfean
- De Deelen
- De Alde Feanen
- De Feanhoop
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Mens en moeras: veenlijken in Nederland van de bronstijd tot en met de Romeinse tijd, Archeologische monografieën van het Drents Museum, Nummer 1, Drents Museum, Assen 1990, ISBN 90-70884-31-3, S.48-49
- Markus Bertling: Der Torfhund von Burlage. Yn: Alfried Wieczorek (Hrsg.): Mumien. Der Traum vom ewigen Leben. Philipp von Zabern, Mainz 2007, ISBN 978-3-8053-3779-3, S. 304–305