Springe nei ynhâld

Solrød (gemeente)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 sep 2018 om 16.18 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Plakken: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Solrød
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Sjælland
boargemaster Niels Emil Hörup
sifers en geografy
haadplak Solrød
grutste plak Solrød
ynwennertal 22.518 (2018)
oerflak 40,49 km²
skiednis
oprjochte 1970
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.solrod.dk

Solrød is ien fan de santjin gemeenten op it Deenske eilân Sjælland.

De gemeente Solrød leit likernôch 30 kilometer súdlik fan Kopenhagen en hat in 6 kilometer lange kuststripe mei de baai fan Køge (Deensk: Køge Bugt). By de lanlike gemeentlike weryndieling bleau de gemeente selsstannich en mei in oerflak fan 40 km² en de likernôch 22.000 ynwenners is it ien fan de lytste gemeenten fan Denemark.

Yn de gemeente lizze twa grutte plakken, Havdrup and Solrød Strand, en nochris seis lytsere plakken: Karlstrup, Kirke Skensved, Havdrup, Jersie, Naurbjerg en Solrød Landsby.

In grutste diel fan de gemeente wurdt brûkt troch de lânbou. De grûn fan de gemeente heart ta it meast fruchtbere grûn fan Denemark.

Grutste plakken yn de gemeente[1]
Nr Plaknamme Ynwenners (2014)
1 Solrød Strand 15.159
2 Havdrup 3.992
3 Jersie 530
4 Solrød Landsby 476
5 Lille Skensved 60 [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Danmarks Statistikbank
  2. It grutste diel fan Lille Skensved leit yn de gemeente Køge