29 novimber
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 novimber | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 |
<< | Novimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | |
2024 |
29 novimber is de 333e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 334e). Der folgje noch 32 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1314 - Loadewyk X folget syn heit Filips IV op as kening fan Frankryk.
- 1814 - It deiblêd The Times, yn Londen, nimt ien fan 'e earste steammasines yn gebrûk om 'e drukparse oan te driuwen.
- 1864 - In Amerikaanske militêre ienheid ûnder kolonel John M. Chivington moarded it freedsume doarp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen út. By dit Bloedbad fan Sand Creek falle tusken de 70 en 163 Yndiaanske deaden.
- 1877 - Thomas Alva Edison demonstrearret foar it earst syn fonograaf.
- 1922 - Yn 'e grêftombe fan farao Tûtanchamon wurdt in skat fan ûnbidige rykdom fûn.
- 1937 - Prins Bernhard rekket slim ferwûne by in ûngemak wêrby't er mei 160 km yn 'e oere op in beam deunby Diemen klapt.
- 1944 - Albaanje wurdt befrijd fan 'e Dútske besetting.
- 1945 - De Folksrepubliek Joegoslaavje wurdt útroppen.
- 1947 - De Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes beslút Palestina te ferdielen yn in Arabyske en in Joadske steat.
- 1961 - De Mercury-Atlas 5 wurdt lansearre mei oan board de sjimpansee Enos. De kapsule sirkelet twaris om 'e ierde en lânet yn see, foar de kust fan Porto Riko.
- 1975 - Yn in brief oan Paul Allen brûkt Bill Gates foar it earst de namme Micro-soft (foar mikrokompjûter-software).
- 1982 - De Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes nimt Resolúsje 37/37 oan. Dêrmei wurdt de Sovjet-Uny oproppen om syn leger út Afganistan werom te lûken.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1797 - Gaetano Donizetti, Italjaansk komponist († 1848)
- 1803 - Christian Doppler, Eastenryksk natuerkundige († 1853)
- 1872 - Nicolas Japikse, Frysk skiedkundige († 1944)
- 1882 - Henri Fabre, Frânsk yngenieur en loftfeartpionier († 1984)
- 1883 - Murk Boerstra, Frysk generaal († 1953)
- 1932 - Jacques Chirac, Frânsk presidint († 2019)
- 1949 - Garry Shandling, Amerikaansk komyk en akteur († 2016)
- 1957 - Mario Salieri, Italjaansk pornoregisseur en -produsint
- 1974 - Kira Eggers, Deensk neakenmodel en pornoaktrise
- 1983 - Pamela Brown, Amerikaansk ferslachjouster
- 1990 - Bajartsetseg Altangereliin, Mongoalsk model en aktrise
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1314 - kening Filips IV fan Frankryk (* 1268)
- 1632 - karfoarst Freark V fan de Palts (de 'Winterkening fan Bohemen') (* 1596)
- 1643 - Claudio Monteverdi, Italjaansk komponist en dirigint (* 1567)
- 1780 - keizerinne Marije Teresia fan Eastenryk (* 1717)
- 1864 - Lofterhân (Left Hand), opperhaad fan 'e Súdlike Arapaho (* 1825)
- 1893 - Age Buma, Frysk politikus (* 1820)
- 1906 - Dirk Alma, Frysk boargemaster (* 1844)
- 1955 - Jan Planting, Frysk keunstskilder (* 1893)
- 1964 - Anne de Vries, Nederlânsk ûnderwizer en skriuwer (* 1904)
- 1983 - Anno Houwing, Nederlânsk plysjekommissaris belutsen by Kneppelfreed (* 1905)
- 2001 - George Harrison, Ingelsk gitarist (* 1943)
- 2004 - Johannes Boersma, Nederlânsk wiskundige (* 1937)
- 2005 - Jan Giro, Frysk muzikant (* 1955)
- 2006 - Reimer van Tuinen, Frysk skriuwer (* 1916)
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 novimber | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|