Akershus
Appearance
Akershus | |||
| |||
It wapen fan de provinsje Akershus | |||
Lân | Noarwegen | ||
Nûmer | NO-02 | ||
Lânsdiel | Østlandet | ||
Haadplak | Oslo | ||
Oerflak | 4.917,97 km² | ||
- lân | 4.578,81 km² | ||
- wetter | 339,16 km² | ||
Ynwennertal | 610.139 (30-06-2017) | ||
Befolkingstichtens | 124 ynwenners/km² | ||
Tiidsône | UTC+1 | ||
- simmertiid | UTC+2 | ||
Webstee: www.akershus.no |
Akershus is in provinsje, tradisjonele regio en kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsjes Buskerud en Østfold op yn 'e nije fúzjeprovinsje Viken, dy't lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft waard.
Mei 610.139 ynwenners wie Akershus foarhinne nei Oslo de provinsje (fylke) fan Noarwegen mei de measte ynwenners. Akershus leit om de stêd Oslo hinne en wie de iennichste provinsje wêrfan't de haadstêd yn in oare provinsje (Oslo) lei.
Ien fan de 22 gemeenten binnen de provinsje is Eidsvoll, dêr't op 17 maaie 1814 de Noarske grûnwet ûndertekene waard.
Akershus bestiet út sawol de lânskippen Follo en Romerike as de lytse eksklave bewesten Oslo dy't de gemeenten Asker en Bærum omfettet.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distrikten fan Akershus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Øvre Romerike distrikt
- Eidsvoll, Gjerdrum, Hurdal, Nannestad, Nes en Ullensaker.
- Nedre Romerike distrikt
- Aurskog-Høland, Fet, Lørenskog, Nittedal, Rælingen, Skedsmo en Sørum.
- Vestområdet
- Asker en Bærum.
- Follo distrikt
- Enebakk, Frogn, Nesodden, Oppegård, Ski, Vestby en Ås.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Provinsjes fan Noarwegen | ||
---|---|---|
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | ||
Eardere provinsjes | ||
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken | ||
· · |