André Roosenburg
Andries Hendrik Roosenburg | ||
André Roosenburg | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Andries Hendrik Roosenburg | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 augustus 1923 | |
berteplak | De Haach | |
stjerdatum | 26 july 2002 | |
stjerplak | Frjentsjer | |
klupskiednis | ||
posysje | Spits | |
jeugdteams | ||
1935-1940 | ADO De Haach | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1940-1943 1945-1947 1947-1950 1950-1953 1954-1955 1955-1958 1958-1959 1959 |
ADO De Haach VV Neptunia FF Snits Fiorentina FF Snits Helmondia '55 FF Ljouwert N.E.C. |
59(18) 29(31) 1(0) |
nasjonaal team | ||
1948-1955 | Nederlân | 9(1) |
trainer by | ||
1960-1961 1961-? |
Helmondia '55 FF Harns |
Andries ("André") Hendrik Roosenburg (De Haach, 18 augustus 1923 – Frjentsjer, 26 july 2002) wie in Nederlânsk fuotballer.
Roosenburg waard op jonge leeftiid ûntdekt troch ADO Den Haag. Hy bruts oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch troch by de club en waard mei ADO twa kear lânskampioen. Yn de oarloch gie hy nei Delfsyl dêr't hy letter foar VV Neptunia spylje soe. Hjirnei fuotballe hy foar Fuotbalferiening Sneek en makke dêrwei in transfer nei it Italjaanske Fiorentina. Werom yn Nederlân waard hy om it spyljen fan betelle fuotbal skorst en mocht pas by de yntroduksje fan it betelle fuotbal yn Nederlân yn 1954 wer spylje. Dit die hy noch foar Helmondia '55 en Fuotbalferiening Leeuwarden dêr't hy yn it seizoen 1958/59 mei 29 doelpunten topscorer waard fan de earste difyzje. Yn 1959 gie hy nei N.E.C. dêr't hy yn syn earste wedstriid blessearre útfoel en dêrnei stoppe mei fuotbaljen.
Hy kaam njoggen kear út foar it Nederlânsk alvetal en die mei oan de Olympyske Spullen yn 1948 dêr't hy yn de wedstrriid tsjin Ierlân syn ienige doelpunt makke.
Syn soans André Roosenburg (ek keatser) en Claus (letter trener) kamen út foar SC Cambuur.
Earelist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk kampioen: 1942, 1943
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |