Baaiplak
In baaiplak of badplak is in plak dat oan see leit, of soms oan in mar, dêr't in protte toeristen op ôf komme om't der goede mooglikheden en foarsjennings binne om te sinnebaaien, te swimmen en oare strânaktiviteiten te ûntjaan, lykas draakjefleanen, kajakjen, surfen, silen, kitesurfen, ensfh. Ien fan 'e ierste baaiplakken wie Baiae, oan 'e Tyrreenske See yn Itaalje, dat yn 'e Romeinske Tiid al as fakânsjebestimming fungearre foar lju dy't foldwaande wolfarrend wiene. De measte hjoeddeistige baaiplakken krigen dy status yn 'e njoggentjinde iuw, doe't de riken in nije foarm fan rekreaasje ûntdieken yn strântoerisme. Pas fan 'e 1950-er jierren ôf, doe't der foar it earst algemiene fakânsjes ynfierd waarden, begûnen ek de middenklasse en de arbeidersklasse baaiplakken te besykjen.
Nederlân hat sa'n tritich ûnderskate baaiplakken, dêr't Zandvoort, Skeveningen, Domburg en Bergen (Noard-Hollân) wierskynlik de bekendsten fan binne. Yn Fryslân is Makkum in bekend baaiplak, en fierders East-Flylân, West-Skylge en Nes (It Amelân). Bekende baaiplakken om utens binne:
- Arûba: Oranjestêd
- Austraalje: Gold Coast (mei Surfers Paradise) en Sydney (mei Bondi Beach)
- Belgje: Knokke, Oostende en De Panne
- Brazylje: Rio de Janeiro (mei it Copacabana)
- Dútslân: Cuxhaven, Norderney, Travemünde, Wangereach, Wyk op Feer en Westerland op Sylt
- Egypte: Hoergada en Sjarm el Sjeich
- Fenezuëla: La Asunción op Isla de Margarita
- Feriene Keninkryk: Blackpool, Hastings, Bournemouth en Brighton
- Feriene Steaten: Atlantic City, Daytona Beach, Fort Lauderdale, Key West, Los Angeles (mei Venice Beach), Malibu, Martha's Vineyard, Miami Beach, Nantucket, Newport Beach, Palm Beach, Panama City (Floarida), Panama City Beach, St. Augustine, St. Petersburg, San Diego (mei La Jolla en Pacific Beach), Santa Monica, South Padre Island en Tampa
- Hawaï: Honolulu (mei Waikiki Beach)
- Frankryk: Biarritz, Cannes en Saint-Tropez
- Georgje: Batûmi
- Grikelân: Heraklion op Kreta, Korfû, Lesbos en Rodos
- Israel: Eilat
- Itaalje: Amalfi, Ostia en Rimini
- Kurasau: Willemstêd
- Meksiko: Acapulco, Cancún en Tijuana
- Oekraïne: Jalta en Odessa
- Ruslân: Sotsji
- Sint-Bartelemy: Gustavia
- Spanje: Benidorm, Ibiza (stêd), Lloret de Mar, Málaga, Marbella en Palma de Mallorca
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|