Babewatch
Babewatch | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Buck Adams | |
produsint | Bud Lee | |
senario | Frank Bukkwyd Cash Markman | |
basearre op | Baywatch (tillefyzjesearje) | |
kamerarezjy | Jack Remy | |
muzyk | Rock Hard | |
filmstudio | Sin City | |
distribúsje | Sin City | |
spilers | ||
haadrollen | Rebecca Wild Asia Carrera Kylie Ireland Bianca Trump Jon Dough Buck Adams Tony Tedeschi T.T. Boy | |
byrollen | Holly Body Brittany O'Connell Brooke Waters | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
direkt op fideo | 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | pornofilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 80 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Babewatch | |
● folgjend diel | Babewatch 2 |
Babewatch (ek stavere as Babe Watch) is in Amerikaanske pornofilm út 1994. It is de bekendste en ek de earste pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, oer it wol en wee fan in groep strânwachten oan 'e kust fan it Kalifornyske Malibu, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Wylst de titel fan Baywatch oerset wurde kin as "Baaiwacht", bestjut "Babewatch" safolle as "Mokkelwacht". Babewatch wie in produksje fan 'e filmstudio Sin City en waard regissearre troch Buck Adams, dy't der sels ek in rol yn spile. De film wie sa súksesfol dat er letter mei weromwurkjende krêft bekend kaam te stean as Babewatch 1, mei't der noch fyftjin ferfolgen op makke waarden, wêrfan't it lêste diel, Babewatch 16, yn 2002 ferskynde.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Babewatch folget it wol en wee fan in groepke strânwachten oan 'e kust fan Súdlik Kalifornje. De film set útein as de lieder fan it team, Dale Conyers, wurden kriget mei syn ûnderhearrige Terry Sanders, dy't tagelyk de frou is mei wa't er gearwennet. Se binne no in jier byinoar, en sy wol trouwe, mar hy hâldt de boat allegeduerigen ôf. De rûzje rint sa heech op dat se beslute en set in punt efter harren relaasje. Dat soarget foar frijwat spannings yn it team, temear om't Dale it fuort dyselde deis oanleit mei Kim Reed, dy't nij by syn team yndield is. Underwilens rêdt Terry de bekende autokoereur Steve Newman fan 'e ferdrinkingsdea, en hy nûget har en har freonen út foar in feest dy jûns by him thús. Wylst Terry har kollega's Matt, Barbie en Nancy harren bûtendoar by it swimbad fermeitsje, nimt Steve Terry mei nei boppen, dêr't er mei har op bêd giet.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Terry Sanders | Rebecca Wild |
Kim Reed | Asia Carrera |
Barbie | Kylie Ireland |
Nancy | Bianca Trump |
Dale Conyers | Jon Dough |
Steve Newman | Buck Adams |
Matt | Tony Tedeschi |
Sean | T.T. Boy |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Wendy | Holly Body |
strânfamke #1 | Brittany O'Connell |
strânfamke #2 | Brooke Waters |
Linda | Justine |
Cal, de neef fan Steve | Cal Jammer |
Sêne-yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- sêne 1: Holly Body en T.T. Boy
- sêne 2: Brittany O'Connell en Brooke Waters
- sêne 3: Asia Carrera en Jon Dough
- sêne 4: Kylie Ireland, Bianca Trump en Tony Tedeschi
- sêne 5: Rebecca Wild en Buck Adams
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar Babewatch kaam by senarioskriuwer Marc Cushman op doe't er in moanne earder it skript skreau foar in pornofilm mei de titel Jiggly Queens II. Dêr siet in sêne yn wêryn't twa manlike personaazjes masturbearren wylst se nei in 'brâning-en-bikiny'-searje op 'e tillefyzje sieten te sjen. Hoewol't dy ferwizing nei de doedestiden tige populêre searje Baywatch bedoeld wie as grap, betocht Cushman letter dat er oer dat ûnderwerp skoan in parody fan filmlingte meitsje koe. By súkses soe dat sels útgroeie kinne ta in filmsearje.
Scotty Fox, de regisseur fan Jiggly Queens II, dy't oanhâldend de troch Cushman skreaune senario's oankocht, wiisde dit skript lykwols ôf. Hy fûn it gjin goed idee om in pornofilm op it strân op te nimmen, dêr't it waar en tafallige foarbygongers samar in opname bedjerre koene, wylst it sân sûnder mis foar problemen soargje soe troch yn 'e kamera's troch te kringen. Cushman oppenearre syn idee doe by regisseur Buck Adams, dy't yn 'e Amerikaanske pornoyndustry bekend stie as in risikonimmer.
Adams seach fuortendaliks de mooglikheden fan in parody op Baywatch yn, mar hy woe der in serieus ferhaal fan meitsje, of alteast, sa serieus as Baywatch sels ek wie, wylst Cushman de tillefyzjesearje de gek oanstekke woe. As regisseur hie Adams it lêste wurd, mar om't er sels gjin ynspiraasje fielde foar de rjochting dy't Adams út woe, helle Cushman syn kollega Frank Bukkwyd derby om te helpen mei it omwurkjen fan it senario. It skript fan Babewatch hat sadwaande twa skriuwers. Cushman liet himsels op 'e ôftiteling fermelde ûnder syn skûlnamme Cash Markman. De film waard útbrocht troch de filmstudio Sin City.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Babewatch waard nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste sekssêne mei in pearke (fideo), foar de sêne fan Rebecca Wild mei Buck Adams.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Ynformaasje oer Babewatch yn 'e Internet Movie Database
- (in) Ynformaasje oer Babewatch yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |